American Pie (filmsearje)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
American Pie
American Pie film logo.png
betinker Adam Herz
eigner Universal Pictures
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
begjinjier 1999
einjier 2020
films
langspylfilms haadsearje:
American Pie
American Pie 2
American Pie 3: The Wedding
American Pie 4: Reunion
spin-offsearje:
Band Camp
The Naked Mile
Beta House
The Book of Love
Girls' Rules
offisjele webside
www.americanpiemovie.com

American Pie is in Amerikaanske filmsearje fan 'e studio Universal Pictures, dy't bestiet út twa rigen fan yn totaal njoggen films. De haadsearje of orizjinele searje folget in stikmannich troch seks obsedearre learlingen oan in middelbere skoalle yn 'e Feriene Steaten by it opgroeien en folwoeksen wurden. De earste trije films waarden mei tuskenskoften fan twa jier makke, wylst de fjirde film oer in skoalreüny giet en jierren letter spilet. De earste trije American Pie-films waarden tige populêr en groeiden út ta in wrâldwiid popkultuerfenomeen. Op 'e wjukken fan dat súkses waarden doe fiif American Pie Presents-spin-off-films makke dy't direkt-op-fideo útbrocht waarden, mei oare haadpersoanen, tinnere plots en sa mooglik noch mear seks. Ferskate akteurs brieken troch mei harren rol yn 'e American Pie-films.

Haadsearje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

American Pie[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side American Pie (film).

Yn American Pie besykje Jim Levenstein (Jason Biggs), in learling oan in middelbere skoalle, en syn maten Kevin Myers (Thomas Ian Nicholas), Paul Finch (Eddie Kaye Thomas) en Chris "Oz" Ostreicher (Chris Klein) harren fammesteat kwyt te reitsjen troch foar de earste kear seks te hawwen foarôfgeande oan 'e diploma-útrikking. Jim leit it oan mei de seksy Nadia (Shannon Elizabeth), in Slowaaksk famke dat dielnimt oan in útwikselingsprojekt, mar dat rint op 'e non as er ferskate kearen te betiid klearkomt. Op it eksamenfeest fan Steve Stifler (Seann William Scott), de stoere jonge fan harren klasse, belibbet Jim ynstee in onenightstand mei Michelle (Alyson Hannigan), in geek-erich famke dat op it muzykkorps fan 'e skoalle sit. Underwilens hat de yntellektuele Finch, dy't gauris it mikpunt is fan 'e grappen fan Stifler, seks mei Stiflers mem (Jennifer Coolidge).

American Pie waard regissearre troch Chris Weitz en Paul Weitz nei in senario fan Adam Herz. De film gie op 9 july 1999 yn premiêre, en brocht $235,5 miljoen op tsjin in budget fan $11 miljoen.

American Pie 2[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side American Pie 2.

Yn American Pie 2 organisearje Jim (Jason Biggs) en syn maten in feest yn in filla oan it strân, dy't se yn 'e simmerfakânsje hierd hawwe. Alle âlde bekenden komme dêr del, ûnder wa Nadia (Shannon Elizabeth). Jim freget Michelle (Alyson Hannigan) om help om einlings en te'n lêsten mei Nadia op bêd te reitsjen, mar op in stuit beseft dat er fereale rekke is op Michelle. De gefoelens blike wjerssidich te wêzen en se krije ferkearing. Finch (Eddie Kaye Thomas) giet, ta ôfgriis fan Stifler (Seann William Scott), troch mei syn relaasje mei Stiflers mem (Jennifer Coolidge).

American Pie 2 waard regissearre troch James B. Rogers nei in senario fan Adam Herz. De film gie op 10 augustus 2001 yn premiêre, en brocht $287,5 miljoen op tsjin in budget fan $30 miljoen.

American Pie 3: The Wedding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side American Pie 3: The Wedding.

American Pie 3: The Wedding, ek bekend as American Pie: The Wedding of American Wedding, begjint as Jim (Jason Biggs) oan Michelle (Alyson Hannigan) in houliksoansyk docht. De rest fan 'e film draait om it organisearjen fan 'e trouwerij. Dêr bemuoit eltsenien him mei, ûnder wa Stifler (Seann William Scott), dy't alles yn 'e bulten jaget en úteinlik tapakke moat om it spul wer rjocht te breidzjen.

American Pie 3: The Wedding waard regissearre troch Jesse Dylan nei in senario fan Adam Herz. De film gie op 1 augustus 2003 yn premiêre, en brocht $231,4 miljoen op tsjin in budget fan $55 miljoen.

American Pie 4: Reunion[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side American Pie 4: Reunion.

American Pie 4: Reunion, ek bekend as American Pie: Reunion of American Reunion, spilet jierren letter, as der in reüny fan 'e middelbere skoalle holden wurdt. Jim (Jason Biggs) en Michelle (Alyson Hannigan) binne noch altyd lokkich troud en hawwe ûnderwilens sels in bern krigen, mar de oanhâldende oanwêzigens fan dy ûnselsrêdsume pjut ûntnimt harren de mooglikheid om tiid mei syn beiden troch te bringen. Tusken Oz (Chris Klein) en Heather (Mena Suvari) is it lykwols útrekke. Sy hawwe no allebeide in relaasje mei in oar, mar harren gefoelens foarinoar binne net ferdwûn. Kevin is lokkich troud, mar fielt him ferstikt yn syn houlik. Finch (Eddie Kaye Thomas) hat noch altyd de wiere net fûn (as men Stiflers mem net meirekkenet). En Stifler sels (Seann William Scott) kin der net mei omgean dat syn teenerjierren no fier efter him lizze.

American Pie 4: Reunion waard regissearre troch Jon Hurwitz en Hayden Schlossberg nei in senario fan harrensels. De film gie op 6 april 2012 yn premiêre, en brocht $235 miljoen op tsjin in budget fan $50 miljoen.

Spin-off-films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

American Pie Presents: Band Camp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side American Pie Presents: Band Camp.

Yn American Pie Presents: Band Camp wurdt Stifler syn jongere broer Matt (Tad Hilgenbrink) by wize fan bestraffing foar kweajongesstreken op 'e middelbere skoalle yn 'e simmerfakânsje nei in simmerkamp foar leden fan skoalmuzykkorpsen stjoerd. Dêr moat er ûnder twang meispylje yn it korps fan syn skoalle, dat ûnder lieding stiet fan 'e talintearre Elyse Houston (Arielle Kebbel). Matt giet yn it kamp syn eigen gong, wêrmei't er úteinlik eltsenien tsjin him yn it harnas jaget. As er ta it besef komt dat er fereale rekke is op Elyse, moat er in plan betinke om har foar him te winnen.

American Pie Presents: Band Camp waard regissearre troch Steve Rash nei in senario fan Brad Riddell. De film waard op 31 oktober 2005 direkt-op-fideo útbrocht. Foar American Pie Presents: Band Camp wie in budget beskikber fan $7 miljoen.

American Pie Presents: The Naked Mile[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side American Pie Presents: The Naked Mile.

American Pie Presents: The Naked Mile folget Erik Stifler (John White), de iennichste telch út it Stifler-laach dy't as faam fan 'e middelbere skoalle driget te kommen. Nei in mislearre besykjen fan him om seks te hawwen mei syn freondinne Tracy (Jessy Schram), jout sy him har seine om nei de Universiteit fan Michigan te gean dêr't syn neef Dwight (Steve Talley) studearret, om dêr syn fammesteat kwyt te reitsjen. As it der úteinlik nei gâns brike sitewaasjes op oankomt, beslút er lykwols dat er fan Tracy hâldt en hastiget er him werom nei hûs ynstee fan gebrûk te meitsjen fan 'e 'frijkaart' dy't se him jûn hat om seks te hawwen mei in oare frou.

American Pie Presents: The Naked Mile waard regissearre troch Joe Nussbaum nei in senario fan Eric Lindsay. De film waard op 12 desimber 2006 direkt-op-fideo útbrocht. Foar American Pie Presents: The Naked Mile wie in budget beskikber fan $15 miljoen.

American Pie Presents: Beta House[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side American Pie Presents: Beta House.

American Pie Presents: Beta House is it direkte ferfolch opt American Pie Presents: The Naked Mile, dat in jier letter spilet. Erik Stifler (John White) is no klear mei de middelbere skoalle, mar yn 'e tuskentiid is it út rekke mei Stacy, dy't wer ferkearing krigen hat mei in eardere feint. Foar't Erik him oan 'e Universiteit fan Michigan by de studinteferiening fan syn neef Dwight (Steve Talley) jaan kin, moat er by wize fan ûntgriening in hiele list skandalige opdrachten ôfwurkje. Underwilens komt er yn 'e kunde de studinte Ashley (Meghan Heffern), mei wa't er in relaasje kriget. Yn in twadde ferhaalline rekket Dwight behelle yn in fete mei in oare studinteferiening.

American Pie Presents: Beta House waard regissearre troch Andrew Waller nei in senario fan Eric Lindsay. De film waard op 26 desimber 2007 direkt-op-fideo útbrocht. Foar American Pie Presents: Beta House wie in budget beskikber fan minder as $10 miljoen.

American Pie Presents: The Book of Love[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side American Pie Presents: The Book of Love.

Yn American Pie Presents: The Book of Love, dat tsien jier nei de foarfallen yn 'e oarspronklike American Pie-film spilet, binne de haadpersoanen trije jonge learlingen oan deselde middelbere skoalle: Rob (Bug Hall), Nathan (Kevin M. Horton) en Lube (Brandon Hardesty). Op in jûn stekt Rob by ûngelok de bibleteek fan 'e skoalle yn 'e brân, wat liedt ta de ûntdekking fan it "Boek fan 'e Leafde". Dat is in manuskript wêryn't opienfolgjende lichtings learlingen advizen optekene hawwe oer hoe't se harren fammesteat kwytreitsje kinne. De oarspronklike skriuwer blykt Noah Levenstein (Eugene Levy) te wêzen, de heit fan Jim út 'e earste film. Ta fertriet fan 'e trije jonges is it boek by de brân heal ferrinnewearre rekke. Dat, om it boek te restaurearjen en sa te ûntdekken hoe't se famkes safier krije kinne dat dy mei harren op bêd wolle, sette se útein mei in syktocht nei Levenstein.

American Pie Presents: The Book of Love waard regissearre troch John Putch nei in senario fan David H. Steinberg. De film waard op 22 desimber 2009 direkt-op-fideo útbrocht. Foar American Pie Presents: The Book of Love wie in budget beskikber fan $7 miljoen.

American Pie Presents: Girls' Rules[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side American Pie Presents: Girls' Rules.

American Pie Presents: Girls' Rules folget fjouwer freondinnen, Annie (Madison Pettis), Stephanie (Lizze Broadway), Kayla (Piper Curda) en Michelle (Natasha Behnam), dy't allegear yn 'e heechste klasse fan 'e middelbere skoalle sitte. De fammen slute in pakt dat se inoar helpe sille om de feinten te krijen dy't se hawwe wolle. It probleem is allinne, se reitsje alle fjouwer fereale op deselde jonge.

American Pie Presents: Girls' Rules waard regissearre troch Mike Elliott nei in senario fan Blayne Weaver en David H. Steinberg. De film waard op 6 oktober 2020 direkt-op-fideo útbrocht. Anno 2021 is it noch ûnbekend hokker budget der foar American Pie Presents: Girls' Rules beskikber wie.

Ynfloed op karriêres fan akteurs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Akteurs Jason Biggs, Seann William Scott, Thomas Ian Nicholas, Eddie Kaye Thomas, Tara Reid, Natasha Lyonne, Shannon Elizabeth, John Cho en Chris Owen tankje harren bekendheid oan 'e oarspronklike trije American Pie-films, wylst dy films de karriêres fan Alyson Hannigan en Eugene Levy in nije ympuls joegen. Levy wie de iennichste akteur dy't fan 1999 oant 2009 yn elts fan 'e acht earste films spile.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

American Pie (filmsearje)
haadsearje
American Pie (1999) • American Pie 2 (2001) • American Pie 3: The Wedding (2003) • American Pie 4: Reunion (2012)
spin-off-films
American Pie Presents: Band Camp (2005) • American Pie Presents: The Naked Mile (2006) • American Pie Presents: Beta House (2007) • American Pie Presents: The Book of Love (2009) • American Pie Presents: Girls' Rules (2020)