Star Wars: Skeleton Crew

Ut Wikipedy
Star Wars: Skeleton Crew
tillefyzjesearje
makkers
ûntwikkele troch Jon Watts
Christopher Ford
útfierend
   produsint
Kathleen Kennedy
Jon Watts
Jon Favreau
Dave Filoni
Christopher Ford
basearre op de oarspronklike
   Star Wars-trilogy
   fan George Lucas
kamerarezjy Sean Porter
tillefyzjestudio Lucasfilm
distribúsje Disney Platform Distribution
spilers
haadrollen Jude Law
skaaimerken
foarm live-action-minysearje
sjenre science fiction, fantasy, aksje,
aventoer
seizoenen 1
jierren 2023 – 202?
tal ôfl. ?
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk (ek guon fiktive talen)
besibbe searjes The Mandalorian
The Book of Boba Fett
Ahsoka

Star Wars: Skeleton Crew is in oankommende Amerikaanske tillefyzjesearje dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Star Wars-franchise. De searje heart ta de sjenres fan science fiction, fantasy, aksje en aventoer, en sil ek coming-of-age-eleminten hawwe. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Unfolsleine Bemanning". Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars spilet de searje fiif jier nei de foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. It is in spin-off fan 'e eardere searje The Mandalorian en is ferhaaltechnysk ferbûn mei dy searje en twa oare spin-offs, The Book of Boba Fett en Ahsoka. De ferwachting is dat Star Wars: Skeleton Crew yn 'e rin fan 2023 beskikber komme sil fia de streamingtsjinst Disney+.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn febrewaris 2022 waard foar it earst bekendmakke dat der in nije live-actiontillefyzjesearje yn it ramt fan 'e Star Wars-franchise op kommendeweis wie. Der wie doe noch gjin titel bekend, mar de wurktitel wie Grammar Rodeo (in ferwizing nei de ôflevering Bart on the Road fan 'e tekenfilmsearje The Simpsons). Letter ferskynden der berjochten yn 'e media dat de searje yn it tiidrek fan 'e Hege Republyk spylje soe, likernôch 50 jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. Letter die bliken dat dat net kloppe, en dat de searje ynstee ien fan 'e spin-offs fan The Mandalorian wie, dy't likernôch 5 jier nei de foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi spylje.

Op 22 maaie 2022, doe't filmstudio Lucasfilm de plannen foar de searje offisjeel buorkundich makke, waard de searje omskreaun as in "galaktyske ferzje fan klassike coming-of-age-aventoerefilms út 'e 1980-er jierren", lykas The Goonies (1985). Tagelyk waard doe de echte titel bekendmakke, dy't Star Wars: Skeleton Crew bliek te wêzen. De searje soe ûnderling ferbûn wêze mei The Mandalorian en twa oare spin-offsearjes dêrfan, The Book of Boba Fett en Ahsoka, om ta te wurkjen nei in mienskiplik narratologysk hichtepunt.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Wars: Skeleton Crew waard ûntwikkele troch Jon Watts en Christopher Ford, ûnder tafersjoch fan Kathleen Kennedy, Jon Favreau en Dave Filoni as útfierende produsinten. Watts en Ford krigen sels ek de funksje fan útfierend produsint taparte. De searje waard makke troch Lucasfilm om troch Disney Platform Distribution beskikber makke te wurden fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan Disney.

Begjin septimber 2022 waard bekendmakke dat de opnamen foar Star Wars: Skeleton Crew "al in pear wiken" geande wiene. Mei Sean Porter as kameraregisseur en û.o. Daniel Kwan en Daniel Scheinert as regisseurs waard de searje opnommen op 'e MBS Media Campus yn Manhattan Beach, in foarstêd fan Los Angeles. Dêr koe gebrûk makke wurde fan 'e troch special effects-bedriuw Industrial Light & Magic foar The Mandalorian ûntwikkele de StageCraft-technology, wêrby't firtuele filmsets brûkt wurde tsjin 'e eftergrûn fan in fideowand fan 360° om 'e setting fan 'e searje te kreëarjen. De lêste opnamedei wie 22 jannewaris 2023. It is de ferwachting dat Star Wars: Skeleton Crew yn 'e rin fan 2023 beskikber makke wurde sil fia Disney+.

Utgongspunt fan 'e plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer de plot fan Star Wars: Skeleton Crew wurdt hiel geheimsinnich dien en is (begjin april 2023) noch neat bekend.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rolferdieling fan Star Wars: Skeleton Crew is (begjin april 2023) noch net bekend. Der is inkeld bekendmakke dat akteur Jude Law cast is yn in net neier beneamde rol.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)