Star Wars: The Clone Wars (telefyzjesearje út 2008)

Ut Wikipedy
Star Wars: The Clone Wars
Webdings x00be.png tillefyzjesearje
Star Wars The Clone Wars.png
makkers
betocht troch George Lucas
ûntwikkele troch George Lucas
produsint(en) Cary Silver (seiz. 1–6)
Caroline Kermel (seiz. 7)
útfierend
   produsint
George Lucas (seiz. 1–6)
Catherine Winder (seiz. 1–3)
Dave Filoni (seiz. 7)
regisseur(s) Dave Filoni (tafersjochhâld. reg.)
senario Dave Filoni
Steven Melching
Katie Lucas
Christian Taylor
Drew Z. Greenberg
Henry Gilroy
Cameron Litvack
Matt Michnovetz
Paul Dini
basearre op de Star Wars-prequeltrilogy
muzyk Kevin Kiner
tillefyzjestudio Lucasfilm
Lucasfilm Animation
Polygon Pictures
distribúsje Warner Bros. TV Distr. (s. 1–5)
Trifecta Entertainment &
   Media
(seiz. 5)
Disney-ABC Domest. TV (s. 6)
Disney Platform Distr. (seiz. 7)
spilers
haadrollen Matt Lanter
James Arnold Taylor
Ashley Eckstein
Tom Kane
Sam Witwer
Matthew Wood
Dee Bradley Baker
voice-over Tom Kane
skaaimerken
foarm tekenfilmsearje
sjenre militêre science fiction
fantasy
aksje
aventoer
seizoenen 7
jierren 20082014 en 2020
tal ôfl. 133
spyltiid (ôfl.) 19–26 min.
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
taal Ingelsk
prizen Emmy Award
Annie Award
webside www.starwars.com/tv-shows/star-wars-the-clone-wars
besibbe searjes Star Wars: Clone Wars (2003)
Star Wars: Rebels
Star Wars: The Bad Batch
1rightarrow.png Net te betiizjen mei Star Wars: Clone Wars, in oare Star Wars-tekenfilmsearje út 2003.

Star Wars: The Clone Wars is in Amerikaanske tekenfilmsearje foar bern dy't rûn fan 2008 oant en mei 2014, mei noch in lêste seizoen yn 2020. De searje makket diel út fan 'e Star Wars-franchise en heart ta de sjenres fan militêre science fiction, fantasy, aksje en aventoer. Star Wars: The Clone Wars waard basearre op 'e Star Wars-prequeltrilogy en folge op 'e lange animaasjefilm Star Wars: The Clone Wars, dy't eins as pilotôflevering foar de searje fungearre. De searje wie in reboot fan 'e eardere tekenfilmsearje Star Wars: Clone Wars út 2003-2005.

De titel betsjut: "Stjerre-oarloggen: De Kloaneoarloggen". De searje folget de aventoeren fan 'e Jedi-ridders Anakin Skywalker, Obi-Wan Kenobi en Ahsoka Tano yn 'e Kloane-oarloggen, in troch de boasaardige Sith-master Darth Sidious beävensearre konflikt dat it hiele Stjerrestelsel yn gaos en geweld weisakje lit. Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars moat Star Wars: The Clone Wars pleatst wurde tusken de films Star Wars: Episode II – Attack of the Clones en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith yn. Yn totaal waarden der 133 ôfleverings makke. Star Wars: The Clone Wars wûn fiif Emmys en in Annie Award.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de premiêre fan 'e live-actionfilm Star Wars: Episode II – Attack of the Clones, yn 2002, it twadde diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, waard troch Star Wars-betinker George Lucas en de oare liedingjaanden by syn filmstudio Lucasfilm besletten ta it meitsjen fan in tekenfilmsearje. Dat waard Star Wars: Clone Wars, dat fan 2003 oant 2005 trije seizoenen rûn. It doel dêrfan wie útsoarte om mear action figures te ferkeapjen fan 'e personaazjes út 'e prequeltrilogy. Yn april 2005, koart foar de premiêre fan Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith, makke Lucas bekend dat der wurke waard oan in reboot fan Star Wars: Clone Wars, mei langere ôfleverings en in modernere animaasjestyl. Tsjin july fan dat jier wie de preproduksje fan 'e searje begûn.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Wars: The Clone Wars waard betocht en ûntwikkele troch George Lucas, dy't as útfierend produsint ek it tafersjoch oer de hiele produksje fan 'e oarspronklike seis seizoenen hie. Yn seizoen 1 oant en mei 3 dielde er dy ferantwurdlikens mei Catherine Winder. Lucas wurke by de ûntwikkeling fan 'e searje nau gear mei Dave Filoni, dy't de funksje fan tafersjochhâldend regisseur hie. De senario's foar de ûnderskate ôfleverings waarden skreaun troch senaristen Steven Melching, Christian Taylor, Drew Z. Greenberg, Henry Gilroy, Cameron Litvack, Matt Michnovetz, Paul Dini, Katie Lucas (de dochter fan) en Dave Filoni. As produsint wie Cary Silver by de oarspronklike seis seizoenen belutsen foar de tillefyzjestudio's Lucasfilm, Lucasfilm Animation en Polygon Pictures. De titelmuzyk en de soundtrack waarden komponearre troch Kevin Kiner. De produksje fan Star Wars: The Clone Wars waard foar it meastepart dien yn 'e studio fan Lucasfilm Animation yn Singapoer.

Trije fan 'e ierst makke ôfleverings fûn George Lucas sa goed, dat er opdracht joech om se oaninoar de plakken en der in yn 'e bioskoop útbrochte lange tekenfilm fan te meitsjen, dy't ek Star Wars: The Clone Wars hiet. Dy gie op 10 augustus 2008 yn Grauman's Egyptian Theatre yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 15 augustus yn 'e Amerikaanske bioskopen. De film fungearre as pilotôflevering foar de searje. Los fan 'e film waarden der yn totaal 133 ôfleverings fan Star Wars: The Clone Wars makke, elts mei in spyldoer fan 19 oant 26 minuten, ferdield oer 7 ûnderskate tillefyzjeseizoenen. Op 5 desimber 2011 waard in trilogy fan ôfleverings út seizoen 3 as film fan spylfilmlingte útbrocht foar download fia iTunes. Dêrby gie it om 'e troch Katie Lucas skreaune, byinoar hearrende ôfleverings Nightsisters, Monster en Witches of the Mist.

De distribúsje fan Star Wars: The Clone Wars waard foar seizoen 1 oant en mei 5 fersoarge troch Warner Bros. Television Distribution, yn seizoen 5 y.g.m. Trifecta Entertainment & Media. De earste fiif seizoenen waarden útstjoerd op 'e tillefyzjestjoerder Cartoon Network. Nei't Lucasfilm yn 2012 oernommen wie troch The Walt Disney Company, waard de searje yn maaie 2013, nei de ôfrin fan it fyfde seizoen, skrast. Dêr kaam men lykwols letter op werom, wêrnei't dochs noch in sechsde seizoen makke waard (al wie dat folle koarter as alle foargeande seizoenen), dat yn maart 2014 troch Disney-ABC Domesctic Television fia de streamingtsjinst Netflix útbrocht waard. Neitiid kamen der ferskate stripboeken en romans út op basis fan 'e ûnfoltôge ferhaallinen út 'e searje. Op 19 july 2018 kundige Lucasfilm op 'e San Diego Comic-Con fan dat jier oan dat der in lêste, 12 ôfleverings tellende seizoen fan Star Wars: The Clone Wars komme soe om 'e searje ôf te rûnjen. Dat seizoen 7 waard makke mei Dave Filoni as útfierend produsint en Caroline Kermel as produsint. It waard fan febrewaris oant maaie 2020 útbrocht fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan Disney.

Oersjoch fan 'e searje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utgongspunt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Wars: The Clone Wars spilet yn 'e perioade fan trije jier tusken de foarfallen yn 'e live-actionfilms Attack of the Clones en Revenge of the Sith, wêryn't it Stjerrestelsel "lang ferlyn en fier, fier fuort" ferskuord wurdt troch de Kloane-oarloggen. Yn dat konflikt fjochtet de Galaktyske Republyk mei in legermacht fan kloansoldaten, it saneamde Grutte Leger fan 'e Republyk, tsjin 'e oarlochsandroïdelegers fan 'e separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. It Grutte Leger fan 'e Republyk wurdt dêrby oanfierd troch de leden fan 'e Jedi Oarder, dy't boppenatuerlike fermogens besitte troch it manipulearjen fan de Krêft. De Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels is gearstald troch greve Dooku, in Sith-ridder, dy't deselde fermogens hat. Wat net ien, útsein Dooku, foar it ferstân hat, is dat it hiele konflikt bewurkmastere is troch de boasaardige Sith-master Darth Sidious, it alter ego fan Palpatine, de o sa freonlik lykjende kânselier fan 'e Galaktyske Republyk. Syn doel is om troch it feroarsaakjen fan in oanboazjende krisis foar himsels de mooglikheid te skeppen om alle macht yn 'e Republyk nei him ta te lûken.

Tsjin dy eftergrûn wurde yn Star Wars: The Clone Wars de aventoeren folge fan 'e jonge Jedi-ridder Anakin Skywalker, syn master Obi-Wan Kenobi, en syn learlinge Ahsoka Tano. De searje waard oarspronklik betocht as in blomlêzing, mei ôfleverings dy't fierhinne op harsels stiene, mar lettere seizoenen omfiemen hieltyd mear ferhaallinen dy't ferskate ôfleverings besloegen. Behalven Anakin en Obi-Wan kamen yn 'e searje ek ferskate oare personaazjes werom dy't al bekend wiene út 'e live-actionfilms fan 'e Skywalker Saga, lykas Padmé Amidala, Palpatine, greve Dooku, Yoda, Mace Windu, Boba Fett, Darth Maul, C-3PO, R2-D2 en Wilhuff Tarkin. It wichtichste nij yntrodusearre personaazje wie Ahsoka Tano, mar ek ferskate kloansoldaten krigen yn 'e searje eigen identiteiten oanmetten, wêrûnder kaptein Rex en luitenant-kolonel Cody. De antagonisten ferskilden per ôflevering, en wiene net altyd Dooku en syn trewanten en oarlochsandroïden, mar ek wol gangsters, preemjejagers, piraten en Krêftgefoeligen dy't net mei de separatisten ûnder ien tekken skûlen.

Seizoen 1[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It earste seizoen fan Star Wars: The Clone Wars is wijd oan ferskate slaggen dy't tusken de Republyk en de separatisten útfochten wurde, en oan it krewearjen fan beide kanten om mear planeten en rassen fan bûtenierdske wêzens oer te heljen om aktyf oan harren kant mei te fjochtsjen. De wichtichste antagonisten binne greve Dooku, de lieder fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, dy syn ynformele learling Asajj Ventress, en generaal Grievous, de cyborg dy't opperbefelhawwer fan 'e androïdelegers fan 'e Konfederaasje is. Inkele ôfleverings wike ôf, yn 'e sin dat se net oer it konflikt tusken de Republyk en de separatisten geane, mar oer oare aspekten fan 'e Kloane-oarloggen.

Seizoen 2[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seizoen 2 omfiemet behalven op harsels steande ôfleverings foar it earst ek in pear ferhaallinen dy't twa of mear ôfleverings beslane. It seizoen leit him sterk ta op it útbouwen fan ferskate personaazjes dy't preemjejager binne. Yn ien fan 'e ferhaallinen hiert de Sith-master Darth Sidious de preemjejager Cad Bane yn om 'e holocron te stellen út 'e Jedi-timpel op Coruscant. (Dat is soarte fan database wêryn't de Jedi, ynsafier bekend, de identiteit fan alle Krêftgefoelige bern yn it Stjerrestelsel fêstlein hawwe.) In oare ferhaalline folget de jonge Boba Fett by it begjin fan syn eigen wurkpaad as preemjejager, wêrby't er Aurra Sing as mentor oannimt. Dêrby komt ek syn syktocht nei wraak op 'e Jedi-master Mace Windu oan bod, dy't ommers yn Attack of the Clones syn heit Jango Fett deade hie. Oare wichtige ferhaallinen geane oer de oanfal fan 'e Republyk op 'e oarlochsandroïdefabriken fan 'e separatisten op 'e planeet Geonosis en oer de planeet Mandalore, dy't in neutrale posysje ynnommen hat yn it konflikt. De hearskeresse fan dy wrâld, hartoginne Satine Kryze, mei wa't Obi-Wan Kenobi in yngewikkelde romantyske relaasje ûnderhâldt, wurdt it doelwyt fan sawol de separatisten as fan in Mandaloriaanske terroristyske groep dy't de Deadewacht hjit.

Seizoen 3[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn seizoen 3 wurdt yn guon ferhaallinen de karakterûntwikkeling fan ferskate wichtige personaazjes beljochte. Sa wurdt Anakin Skywalker mei Obi-Wan en Ahsoka Tano nei in oerâld parallel universum fan de Krêft laat, dêr't er mear leart oer it aard fan de Krêft en oer syn eigen rol as de útkarde. Ahsoka negearret de befellen fan har master Anakin om har dochs by him te jaan op in misje om 'e troch de separatisten kriichsfinzen nommen Jedi-master Even Piell te befrijen, en moat letter lieding jaan oan har eigen team fan Jedi-padawans as se opjage wurde troch Trandoshanen. Underwilens wurdt Asajj Ventress ferret troch har master, greve Dooku, wêrnei't se weromkeart nei har thúswrâld Dathomir om stipe te sykjen by de saneamde Nachtsusters, dat ûntrainde froulike Krêftbeoefensters binne. Mei harren help smeit se in slûchslim plan om wraak op Dooku te nimmen troch him deadzje te litten troch syn nije learling, Savage Opress, mar úteinlik keart dy him tsjin sawol Ventress as Dooku en siket er syn eigen paad. Seizoen 3 is ek diplomatiker fan aard, mei minder aksje, om't in protte ôfleverings út 'e earste helte fan it seizoen har talizze op it yn byld bringen fan 'e rol dy't de Galaktyske Senaat, de folksfertsjintwurdiging fan 'e Republyk, yn 'e Kloane-oarloggen spilet, en teffens op 'e gefolgen fan it konflikt foar ûnderskate planeten en rassen en it krewearjen fan 'e Republyk om dyselden te helpen.

Seizoen 4[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn seizoen 4 beljochtet ien ferhaalline de ferrjochtings fan it 501e Legioen fan it Grutte Leger fan 'e Republyk, dat ornaris oanfierd wurdt troch Anakin en Obi-Wan. De kloansoldaten fan dy militêre ienheid moatte foar it earst selsstannich operearje, sûnder Jedi's om harren befellen te jaan, as bliken docht dat harren nije befelhawwer, de Jedi-master Pong Krell, in ferrieder is dy't harren safier besiket te krijen dat se inoar fermoardzje. De kloansoldaten moatte dan mei him ôf sjen te weven en op eigen manneboet út 'e swierrichheden komme. Yn in oare ferhaalline set Obi-Wan syn eigen ferstjerren yn sêne, sadat er undercover gean kin as preemjejager om in komplot te dwerseidzjen dat rjochte is op 'e ûntfiering fan kânselier Palpatine. Nei't de androïdelegers fan generaal Grievous de Nachtsusters fan Dathomir ferneatige hawwe, jout Ventress har ambysje op om in Sith te wurden en begjint se in nije karriêre as preemjejager. En Savage Opress fynt syn deawaande broer Darth Maul werom, dy't út is op wraak op Obi-Wan om't dy him jierren lyn op Naboo ferslein en foar dea efterlitten hat.

Seizoen 5[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn seizoen 5 komme fiif haadferhaallinen oan bod. Yn 'e earste helpe Anakin, Obi-Wan en Ahsoka in groep rebellen op 'e planeet Onderon, dy't oanfierd wurde troch Steela Gerrera en har broer Saw Gerrera, om harren wrâld fan 'e oerhearsking troch de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels te befrijen. De twadde ferhaalline folget in groep jonge Jedi-learlingen, dy't harrensels bewize moatte troch Ahsoka te rêden fan in kloft piraten. De trêde ferhaalline draait om in team fan robots dat, op in misje om in kodearre boadskip fan 'e fijân te ûnderskeppen, in kloansoldaat mei ûnthâldsferlies tsjinkomt en him helpe moat om syn ûnthâld werom te winnen sadat se mei-inoar ûntkomme kinne fan 'e planeet dêr't se strâne rekke binne.

De fjirde ferhaalline giet oer de weromkear fan Darth Maul, dy't de lapen gearsmyt mie de Mandaloriaanske Deadewacht en ferskate misdiesyndikaten om 'e macht op 'e planeet Mandalore oer te nimmen en himsels te wreekjen op Obi-Wan. Yn 'e lêste ferhaalline wurdt Ahsoka deryn luze om op te draaien foar in bomoanslach op 'e Jedi-timpel op Coruscant. Se rekket de stipe fan 'e Jedi Oarder kwyt en moat har ûnskuld bewize wylst se efterfolge wurdt troch de autoriteiten fan 'e Republyk. Hoewol't se úteinlik rehabilitearre wurdt as Anakin de wiere dieder opspoart, is se troch de hiele ûnderfining sa desyllúzjonearre rekke dat se neitiid de Jedi Oarder de rêch takeard, ta ûntsteltenis fan Anakin en de Hege Jedi Ried.

Seizoen 6[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seizoen 6 bestiet út fjouwer ferhaallinen. De kloansoldaat Fives ûndersiket de te betide aktivearring fan Oarder 66 yn it ferstân fan in oare kloansoldaat, en ûntdekt de wierheid oer de chip dy't by alle kloanen yn 'e harsens pleatst is (ntl. om troch Palpatine by syn plande steatsgreep aktivearre te wurden sadat de kloanen harren Jedi-ofsieren út 'e wei romje sille). Fives wurdt lykwols it swijen oplein troch Palpatine foar't er syn befinings trochjaan kin. Yn 'e twadde ferhaalline besiket Padmé Amidala har âlde flam Rush Clovis te helpen om 'e korrupsje yn 'e Yntergalaktyske Bankêre Groep oan it ljocht te bringen. Dat liedt ta spannings yn har geheime houlik mei Anakin as dy foar it ferstân kriget wat se by de ein hat en him dermei begjint te bemuoien. Yn 'e trêde ferhaalline rêde de Gungaan Jar Jar Binks en Jedi-master Mace Windu de keninginne fan Bardotta, nei't hja finzen nommen is troch in kultus dy't oanfierd wurdt troch mem Talzin, de eardere liedster fan 'e Nachtsusters fan Dathomir. En yn 'e lêste ferhaalline giet Jedi-master Yoda op in kweeste om mear oer it aard fan de Krêft oan 'e weet te kommen nei't er opsocht is troch de geast fan 'e eardere Jedi-master Qui-Gon Jinn.

Seizoen 7[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It slotseizoen fan Star Wars: The Clone Wars bestiet út trije ferhaallinen. De earste giet oer kaptein Rex, in kloanofsier fan it 501e Legioen, dy't mei Anakin en in team fan kloansoldaten mei genetyske mutaasjes de deawaande soldaat Echo rêdt en mei dy syn help de separatisten op 'e planeet Anaxes ferslacht. De twade ferhaalline giet oer Ahsoka, dy't befreone rekket mei de susters Trace en Rafa Martez en harren helpt by in skeel mei it Pyke-misdiesyndikaat, wylst se har Krêftgefoeligens ferburgen besiket te hâlden om't de beide susters in grouwéligen hekel oan Jedi hawwe.

De trêde en lêste ferhaalline, dy't lyktidich spilet mei de foarfallen yn 'e live-actionfilm Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith, lit it Belis fan Mandalore sjen (in wapene treffen dêr't earder al sydlings nei ferwiisd wie yn oare Star Wars-media). Ahsoka jout har mei tsjinnichheid wer by de troepen fan 'e Republyk en de Jedi Oarder om mei kaptein Rex en de Mandaloriaanske kriichster Bo-Katan Kryze in oanfal te lieden op 'e troepen fan Darth Maul, yn 'e hoop om dyselde finzen te nimmen. Wat Ahsoka net wit, is dat Maul de Fal fan 'e Galaktyske Republyk en de Grutte Suvering fan 'e Jedi al foarsjoen hat, krektlyk as de bedoeling fan syn âlde master Darth Sidious (oftewol kânselier Palpatine) om Anakin te ferlieden ta de tsjustere kant fan 'e Krêft. Hy wol besykje om dat allegear foar te kommen troch Anakin út 'e wei te romjen.

Nei't Ahsoka-en-dy Maul finzen nommen hawwe, biedt er oan om mei har gear te wurkjen by it dwerseidzjen fan 'e plannen fan Sidious/Palpatine, mar Ahsoka mient mar dat er har besiket te mislieden en stegeret syn oanbod ôf. As Sidious Oarder 66 útfurdiget, wurdt Ahsoka oanfallen troch har eigen kloansoldaten. It is har twer om harren te deadzjen, dat se besiket út alle macht sels it faaie libben derôf te rêden sûnder de kloanen bliuwend letsel ta te bringen. It slagget har om Rex syn frije wil werom te jaan, en se lit Maul frij om foar in ôfliedingsmaneuver te soargjen. Hy lit lykwols it romteskip, dêr't se op reizgje, delstoarte. Ahsoka, Rex en Maul witte allegearre ûnskansearre te ûntkommen. De alderlêste sêne fan 'e searje lit Anakin sjen, dy't no Darth Vader wurden is, as er yn 'e wrakstikken fan it delstoarte romteskip de ljochtsabel fan Ahsoka weromfynt en dêrmei sûnder in wurd te uterjen ôfset, blykber mienend dat syn eardere pupil omkommen is.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje                          akteur/aktrise
Jedi-ridder Anakin Skywalker Matt Lanter
Jedi-master Obi-Wan Kenobi James Arnold Taylor
Jedi-padawan Ahsoka Tano Ashley Eckstein
ferteller Tom Kane
Jedi-master Yoda Tom Kane
generaal Grievous Matthew Wood
Darth Maul Sam Witwer
alle kloansoldaten Dee Bradley Baker
alle oarlochsandroïden Matthew Wood


weromkearende byrollen
personaazje akteur/aktrise
kânselier Palpatine / Sith-master Darth Sidious Ian Abercrombie (seiz. 1–6)
Tim Curry (seiz. 5–6)
Ian McDiarmid (seiz. 7)
senator Padmé Amidala fan Naboo Catherine Taber
greve Dooku / Sith-ridder Darth Tyranus Corey Burton
Jedi-master Mace Windu Terence C. Carson
C-3PO Anthony Daniels
R2-D2 (lûdseffekten)
Jar Jar Binks B.J. Hughes (seiz. 1)
Ahmed Best (seiz. 1–6)
Wilhuff Tarkin Stephen Stanton
Jedi-master Luminara Unduli Olivia d'Abo
Jedi-master Ki-Adi-Mundi Brian George
Jedi-master Plo Koon James Arnold Taylor
Jedi-master Saesee Tiin Dee Bradley Baker
Jedi-master Aayla Secura Jennifer Hale
Jedi-master Kit Fisto Phil LaMarr
Jedi-master Shaak Ti Tasia Valenza
Jedi-master Adi Gallia Angelique Perrin
Asajj Ventress Nika Futterman
Jabba de Hutt Kevin Michael Richardson
Ziro de Hutt Corey Burton
aartshartoch Poggle de Mindere Matthew Wood
Savage Opress Clancy Brown
Nute Gunray Tom Kenny
hartoginne Satine Kryze Anna Graves
Aurra Sing Jaime King
Boba Fett Daniel Logan
senator Bail Organa fan Alderaan Phil LaMarr
Bo-Katan Kryze Katee Sackhoff
Mas Amedda Stephen Stanton
Cad Bane Corey Burton
Lott Dod Gideon Emery
mem Talzin Barbara Goodson
Barriss Offee Meredith Salenger
kaptein Gregar Typho James C. Mathis III
Hondo Ohnaka Jim Cummings
Rush Clovis Robin Atkin Downes
Pre Vizsla Jon Favreau
Bossk Dee Bradley Baker
admiraal Trench Dee Bradley Baker
admiraal Wullf Yularen Tom Kane
Wat Tambor Matthew Wood
Almec Julian Holloway
keninginne Neeyutnee fan Naboo Jameelah McMillan
senator Orn Free taa Phil LaMarr
oare stimmen:

Greg Baldwin, Dee Bradley Baker, Clancy Brown, Corey Burton, Terence C. Carson, Jim Cumming, Ben Diskin, Robin Atkin Downes, Ashley Eckstein, Gideon Emery, Dave Filoni, Nike Futterman, Brian George, Anna Graves, Jennifer Hale, Julian Holloway, Tom Kenny, Jaime King, Phil LaMarr, Matt Lanter, Daniel Logan, Jameelah McMillan, Angelique Perrin, Kevin Michael Richardson, Meredith Salenger, Jason Spisak, Stephen Stanton, Catherine Taber, James Arnold Taylor, Tom Kane, Sam Witwer, Matthew Wood, Gwendoline Yeo


opmerklike gastrollen
personaazje akteur/aktrise    
Shmi Skywalker Pernilla August
Lama Su Bob Bergen
Gial Ackbar Artt Butler
Jocasta Nu Flo Di Re
Darth Bane Mark Hamill
Saw Gerrera Andrew Kishino
Jedi-master Qui-Gon Jinn Liam Neeson
Mon Mothma Kath Soucie
Huyang David Tennant

Seizoenen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

seizoen ûndertitel tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
film n.f.t. 15 augustus 2008 (útbrocht yn 'e bioskoop)
1 22 3 oktober 2008 20 maart 2009 Cartoon Network
2 Rise of the Bounty Hunters 22 2 oktober 2009 30 april 2010
3 Secrets Revealed 22 17 septimber 2010 1 april 2011
4 Battle Lines 22 16 septimber 2011 16 maart 2012
5 20 29 septimber 2012 2 maart 2013
6 The Lost Missions 13 7 maart 2014 Netflix
7 The Final Season 12 21 febrewaris 2020 4 maaie 2020 Disney+

Untfangst en resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't Star Wars: The Clone Wars yn 't earstoan mingde resinsjes krige fan 'e tillefyzjekritisy, wist de searje al rillegau in protte lof te winnen en dat oant en mei it lêste seizoen fêst te hâlden. De rige waard benammen priizge foar de orizjinaliteit fan 'e senario's, de emosjonele djipgong, de útwreiding fan it Star Wars-hielal en de prestaasjes op it mêd fan stimaktearjen. Yn The Hollywood Reporter waard Star Wars: The Clone Wars omskreaun as "wierskynlik de meast foto-reälistyske tekenfilmsearje dy't ea makke is."

De searje wûn fiif Emmy Awards, de wichtichste Amerikaanske prizen foar tillefyzje. Dêrby gie it om 'e kategoryen bêste spesjale animaasjeprogramma (2012 en 2013); bêste stimakteur yn in animaasjeprogramma (David Tennant, 2012); bêste yndividuele prestaasje yn animaasje (Christopher Voy foar kleur, 2013); en bêste lûdsmixing en lûdsmontaazje yn in animaasjeprogramma (2020). Dêrnjonken wiene der ek noch 14 nominaasjes foar oare Emmys. Ek wûn Star Wars: The Clone Wars ien Annie Award, de wichtichste Amerikaanske priis op it mêd fan animaasje, yn 'e kategory bêste muzyk yn in animearre tillefyzjeprogramma (2020). De searje fandele troch de jierren hinne ek noch 17 nominaasjes foar oare Annie Awards gear. Fierders krige Star Wars: The Clone Wars twa nominaasjes foar Critics' Choice Television Awards en ien foar in Teen Choice Award,

Besibbe searjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It meast mei Star Wars: The Clone Wars besibbe is de foargeande tekenfilmsearje fan Star Wars oer it tiidrek fan 'e Kloane-oarloggen, Star Wars: Clone Wars (2003-2005), wêrfan't Star Wars: The Clone Wars in reboot is. In ferfolchsearje, Star Wars: Rebels, oer it op 'e Kloane-oarloggen folgjende tiidrek fan 'e Galaktyske Boargeroarloch, waard fan 2014 oant en mei 2018 op 'e tillefyzje brocht. Star Wars: The Bad Batch, dat fan maaie 2021 ôf te sjen wie, is in spin-off fan Star Wars: The Clone Wars oer in stikmannich kloansoldaten en harren aventoeren yn it Stjerrestelsel fan koart nei de steatsgreep troch kânselier Palpatine.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Wars
 
filmsearje
Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018) • Rogue Squadron (2023)
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–20??) • Ahsoka (2023–20??) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (20??–20??) • Lando (20??–20??) • Rangers of the New Republic (20??–20??)
tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)