Ewoks: The Battle for Endor

Ut Wikipedy
Ewoks: The Battle for Endor
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Ewoks-The Battle for Endor logo.png
makkers
regisseur Ken Wheats
Jim Wheats
produsint Thomas G. Smith
Ian Bryce
útfierend
   produsint
George Lucas
senario Ken Wheats
Jim Wheats
kamerarezjy Isidore Mankofsky
muzyk Peter Bernstein
filmstudio Lucasfilm
20th Century Fox Television
distribúsje 20th Television
spilers
haadrollen Aubree Miller
Warwick Davis
byrollen Wilford Brimley
Niki Botelho
Siân Phillips
Carel Struycken
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 24 novimber 1985
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-fantasy-
   aventoerefilm foar bern
taal Ingelsk (ek guon optochte talen)
spyltiid 94 minuten
budget en resultaten
prizen Emmy Award
filmsearje
filmsearje Ewoks-films
● foarich diel Caravan of Courage: An
   Ewok Adventure

Ewoks: The Battle for Endor is in Amerikaanske tillefyzjefilm út 1985 ûnder rezjy fan 'e bruorren Ken en Jim Wheats. It is in science fiction-aventoerefilm foar bern mei yn 'e haadrollen Aubree Miller en Warwick Davis. De titel betsjut "Ewoks: De Striid om Endor". De film wie de twadde fan 'e beide Ewoks-films dy't mids 1980-er jierren makke waarden as spin-offs fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), it ôfslutende diel fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy,. Ewoks: The Battle of Endor is dêrmei it ferfolch op Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) en heart ta de Star Wars-franchise. Yn 'e ynterne gronology fan 'e mediafranchise wurde de foarfallen yn 'e film pleatst foarôfgenade oan dy yn Return of the Jedi.

Yn 'e film, dy't likernôch in healjier nei de foarfallen yn Caravan of Courage spilet, is de minsklike húshâlding Towani noch altyd strâne op 'e Boskmoanne Endor, dêr't de reparaasjes oan harren romteskip stadich foarderje. Wannear't in binde plonderders it doarp fan 'e pleatslike Ewoks oanfalt, komme de Towani's harren freonen te help. Jeremitt en Catarine en harren soan Mace komme yn it gefjocht om, wylst de seisjierrige Cindel mei gâns Ewoks finzen nommen wurdt. Inkeld sy en har freon Wicket witte te ûntsnappen. Neitiid fine se beskûl by Noa Briqualon, in oare minske dy't ek op Endor strâne rekke is. Ewoks: The Battle for Endor waard foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd mei Thanksgiving 1985. It wie ien fan twa films dy't yn 1986 de Emmy Award foar bêste special effects takend krigen. Oars as it gefal is by Caravan of Courage binne hjoeddeistige resinsjes foar Ewoks: The Battle for Endor oer it algemien licht posityf.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Likernôch in healjier nei de befrijing fan Jeremitt en Catarine Towani fan 'e Gorax (sjoch: Caravan of Courage: An Ewok Adventure) is de húshâlding Towani noch altyd strâne op Endor, in moanne fan 'e gasreus Tana. De reparaasjes oan it romteskip binne lykwols hast klear. Wylst it gesin risselwearret om Endor te ferlitten, wurde harren freonen, de Ewoks fan it Doarp fan 'e Ljochte Beammen, oanfallen troch in binde Sanyassanen, minskaap-eftige reptilen, dy't op plondertocht binne. Dyselden steane ûnder lieding fan 'e ûnmeilydsume hear Terak en syn minsklike, heks-eftige tsjoenster Charal. By de striid om it doarp komme gâns Ewok om, en itselde lot treft Catarine Towani en har fyftjinjierrige soan Mace.

De seisjierrige Cindel Towani flechtet nei it romteskip, dêr't har heit Jeremitt ûnderwilens finzen nommen is. De Sanyassanen skuorre de enerzjysel út it skip, en wylst se dêrtroch ôflaat binne, wit Jeremitt te ûntsnappen. Hy en Cindel ferskûlje harren yn it wâld, mar Charal, dy't troch har magyske ring it fermogen hat om harsels te feroarjen yn in raven, spoart harren op en makket de efterfolgjende plonderders opmerksum op har oanwêzigens. Jeremitt offeret syn libben op om 'e efterfolgers op te hâlden, sadat Cindel ûntkomme kin, mar hja wurdt neitiid likegoed finzen nommen. Se wurdt by in kloft finzen Ewoks yn in koai op in karre set. Mank de Ewoks is ek har bêste freon Wicket. Underweis werom nei it kastiel fan Terak witte de Ewok-finzenen in pear planken yn 'e bûkberje fan 'e karre los te krijen. It dêrtroch ûntstiene gat is te lyts foar de folwoeksen Ewoks, mar de jonge Wicket en Cindel passe der moai troch.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wicket en Cindel flechtsje it wâld yn, efterfolge troch in pear Sanyassanen. As de beammen ophâlde en in rotseftige berch begjint, klimme se dêrby op. De efterfolgers, dy't harren oanhâldend ûnder fjoer nimme, feroarsaakje dêrmei in rotslawine dy't harrensels de dea kostet. Wicket en Cindel sykje beskûl yn in grot, wêrfan't de yngong troch deselde rotslawine tichtset wurdt. Se fine in oare útgong, dy't lykwols útsicht biedt op in djippe ôfgrûn. Mei stikken hûd en bonken dy't er yn 'e grot fynt, bout de fernimstige Wicket in primitive deltafleaner, mar hy makket dêrby de reden wekker dat der hûd en bonken yn 'e grot lizze: in kondordraak, dy't Cindel grypt en mei har fuort fljocht. Wicket set de efterfolging yn mei syn deltafleaner en troch in grouwe stien op 'e kop fan it reptyl falle te litten, wit er de kondordraak safier te krijen dat dy Cindel loslit. Wicket kin Cindel opfange troch mei de deltafleaner in dûkflecht yn te setten, dy't lykwols einiget yn in needlâning en de ferneatiging fan 'e fleaner.

Cindel en Wicket binne no yn in folslein ûnbekend part fan it grutte wâld bedarre, dêr't se yn in holle beam de nacht trochbringe. De oare moarns moetsje se dêr Teek, in yntelligint wêzen ter grutte fan in Ewok, dat lânseigen is op Endor. It kin sa fluch drave, dat it foar it each net nei te kommen is. Wicket sjocht it wêzen earst benammen as dief, mar Cindel slút daliks freonskip mei Teek, dy't harren nei in hûs yn it wâld ta liedt. Dêr blykt er te wenjen mei Noa Briqualon, in âldere minsklike man dy't lang lyn ek troch skipbrek op Endor fêstkommen is te sitten.

Noa is sjegrinige âld knar, mar efter syn boazige, ûnferskillige fasade giet in iensume man mei in grut hert beskûl. As er Cindel en Wicket yn syn wente oantreft, bonsjoert er harren der daliks út. As se dêrnei by him foar de doar bivakkearje, hjit er Teek om harren beslist gjin iten te bringen, wittende dat er dêrmei in idee yn 'e holle fan syn lytse selskipsman plantet dêr't dyselde gjin wjerstân oan biede kin. Letter, as Cindel en Wicket in kampfjoer stoke, dwêstget Noa dat mei in amer wetter en hjit er har beiden dat fjoer yn 'e iepen hurd thúsheart. Dat as se sa graach fjurkestoke wolle, dan moatte se der mar yn komme om dat yn 'e hurd te dwaan. Mar de oare moarns moatte se drekt opsokkebalje. As Cindel dy nachts wekker skrikt fan in nachtmerje, treastget Noa har en lit har fierder yn syn eigen bêd sliepe, wylst er sels foar de hurd lizzen giet. De oare deis komt er mei in pear sliepsekken oan foar syn útfanhûzers.

In dei letter folgje Cindel en Wicket Noa as er der foar de dei op út giet, om't se nijsgjirrich binne wêr't er altyd hinne giet. It docht bliken dat Noa syn dagen trochbringt by syn delstoarte romteskip, dêr't er nei al dy jierren noch altyd mei omprutst. As er syn lytse efterfolgers trappearret om't Wicket ien fan 'e fâlen aktivearret dy't Noa om it romteskip hinne oanlein hat, leit er harren út dat hy en syn maat Salik lang ferlyn as jongemannen harren planeet ferlieten om op aventoer te gean. Op 'e earste reis rekke harren skip al stikken en stoarten se del op Endor. Salik is der jierren en jierren lyn op útgien om in nije enerzjysel te sykjen, sadat se it skip wer oan 'e praat krije kinne, mar hy is nea weromkommen, en Noa moat no sa njonkelytsen wol oannimme dat er omkommen is.

Yn it kastiel fan 'e Sayassanen besiket Charal ûnderwilens de enerzjysel út it romteskip fan 'e Towani's te aktivearjen troch it útsprekken fan toverspreuken. Terak hat it him yn 'e holle helle dat er hearsker oer it hielal wurde sil as er mar ûntdekke kin hoe't er "de krêft" yn 'e enerzjysel behearskje moat. As de spreuken neat úthelje, oarderet er Charal om te sjen dat se de ûntsnapte Cindel by him bringt, mei't it bern grif witte moat hoe't de krêft wurket. Dat op in moarn wurdt Cindel wekker trochdat se yn it wâld immen in ferske sjongen heart dat har mem foarhinne foar har song. As se op ûndersyk útgiet, ûntdekt se in jonge frou dy't har by har ropt, mar dan ynienen feroaret yn Charal en har ûntfiert nei it kastiel fan Terak. Dyselde leit har de enerzjysel foar en oarderet har om "de krêft" te aktivearjen. It famke besiket him út te lizzen dat dat sa net wurket, mar hy wol net nei har harkje. Dêrop lit er har yn 'e tsjerkers fan syn kastiel yn in koai by de Ewoks finzen sette. Terak bedriget Charal mei de dea as se Cindel net oan 'e praat kriget, en set har fêst yn in koai njonken Cindel harres. Ut in petear tusken Charal en Cindel docht bliken dat Terak syn healwize ideeën oer 'de krêft' ûntliend hat oan 'e ynformaasje fan in eardere minsklike finzene: Salik. As Cindel freget wêr't dy bedarre is, wiist Charal har op in bonkerak dat noch altyd mei keatlings oan 'e muorre fêst sit.

Underwilens folgje Noa, Wicket en Teek it spoar fan Charal en Cindel nei it kastiel fan Terak, dat se ûngemurken witte te ynfiltrearjen. Nei't se in pear kear op in hier nei ûntdutsen binne, kringe se troch ta de tsjerkers, dêr't Teek mei syn wetterflugge bewegings de beide kaartspyljende sipiers tsjininoar op set, sadat se inoar fan falskspyljen beskuldigje en inoar dea sjitte. Cindel en de Ewoks wurde út har koaien befrijd, mar as Charal Wicket besiket oer te heljen om har ek frij te litten, pakt Cindel him de kaaien ôf en smyt se fuort. Noa brûkt springstof om in gat yn 'e bûtenmuorre te blazen, wêrnei't hy, Cindel, Teek en de Ewoks út it kastiel ûntkomme mei by harren de enerzjysel.

Terak hellet Charal út har sel en lit har harsels feroarje yn in raven om syn mannen efter de ûntsnapte finzenen oan te lieden. Mar ear't se ôfset, pakt er har de magyske ring ôf, sadat se harsels inkeld wer yn in frou feroarje kin as se by him weromkomt. De Sanyassanen efterfolgje Noa, Cindel, Teek en de Ewoks alhiel nei it romteskip fan Noa ta. Dêr besykje de Ewoks harren efterfolgers tsjin te kearen mei it grutte ferskaat oan fâlen dat Noa dêr troch de jierren hinne boud hat, wylst Noa mei de help en Cindel de enerzjysel yn it skip ynstallearret. De Ewoks hâlde moedich stân, mar wurde hast ferslein foar't Noa einlings it skip oan 'e praat kriget. Dêrnei meitsje de laserkanonnen fan it skip fluch wurk fan 'e plonderders. As Wicket yn 'e benearing rekket, komt Cindel him te help, mar hja wurdt finzen nommen troch Terak. Mei't de oerlibbenen fan syn trewanten op 'e flecht slein binne, besiket er it famke út te wikseljen foar de enerzjysel. Hy en Noa reitsje slaande deilis. As Terak Noa driget te deadzjen, rekket in stien dy't smiten wurdt troch Wicket de magyske ring dy't Terak oan in koarde om 'e hals draacht. De ring wurdt aktivearre, mar ynstee dat Terak yn in oare foarm feroaret, ferbaarnt er fan binnenút oant der inkeld in ferkoalle lyk oer is. Dat is ek de ein fan 'e ring, mei as gefolch dat Charal no foargoed in fûgel bliuwe moat.

Net folle letter set Cindel mei Noa ôf yn syn no wer funksjonele romteskip, nei't se mei triennen yn 'e eagen ôfskied nommen hawwe fan Wicket, Teek en de Ewoks.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje            akteur/aktrise
Cindel Towani Aubree Miller
Wicket Warwick Davis


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Noa Briqualon Wilford Brimley
Teek Niki Botelho
Charal Siân Phillips
hear Terak Carel Struycken
Jeremitt Towani Paul Gleason
Mace Towani Mace Towani
Charal as jonge, blûne frou Marianne Horine
Deej Daniel Freshman
Widdle Tony Cox
Shodu Pam Grizz
Terak syn ûnderbefelhawwer Roger Johnson
kaartspyljende plonderder #1 Michael Pritchard
kaartspyljende plonderder #2 Johnny Weissmuller jr.
Ewok op krukken Matthew Roloff

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ewoks: The Battle for Endor waard regissearre troch Ken en Jim Wheats nei in senario fan harrensels op basis fan ideeën fan Star Wars-betinker George Lucas. Ken Wheats fertelde yn 2000 yn in fraachpetear mei de webside TheForce.net, dat Lucas syn belutsenens by de ûntwikkeling fan it skript beheind bleaun wie ta twa gearkomsten fan elts twa oeren, wêryn't hy en de bruorren Wheats oan it brainstormen wiene. Wheats sei dêroer:

"[Lucas] hie mei syn dochter it wykein dêrfoar krekt in ferfilming fan Heidi sjoen, dat hy woe de film gean litte oer it lytse famke út 'e earste Ewoks-film, dy't wees wurdt en ynlûkt bin in sjegrinige âlde klúzner yn it wâld. Wy hiene de aventoerefilms yn 'e efterholle dêr't wy as bern fan holden hiene, lykas Swiss Family Robinson en The Seventh Voyage of Sinbad, dat ús suggestje wie om romteplonderders ta te foegjen, en dat fûn George bêst – as dy dan mar twa meter lang wiene, fansels! […] Joe Johnston [de produksje-ûntwerper] en Phil Tippett [de special effects-technikus mei tafersjoch oer it ûntwerp fan bûtenierdske wêzens] wiene behelle yn 'e [twadde gearkomste], en sy droegen in skala oan brokjes en bytsjes [oan it ferhaal] by."

As produsinten wiene Thomas G. Smith en Ian Bryce by it projekt belutsen foar de tillefyzjestudio's Lucasfilm en 20th Century Fox Television. George Lucas hold as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Isidore Mankofsky, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Peter Bernstein.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar Ewoks: The Battle for Endor fûnen oan 'e ein fan 'e simmer fan 1985 plak yn 'e wyldernis fan Marin County, yn Noardlik Kalifornje, relatyf deunby San Francisco, dêr't Lucasfilm fêstige wie. De sênes yn it wâld op Endor waarden dêr filme yn it Nasjonaal Park Redwood. Hoewol't de styl fan 'e tillefyzjefilm noch altyd gâns oars wie as fan oare films út 'e Star Wars-franchise, waard it eksperimint mei de alwittende ferteller út Caravan of Courage: An Ewok Adventure net werhelle. De needsaak dêrfoar waard omsyld trochdat de Ewoks, mar benammen Wicket, no langernôch mei Cindel omgien wiene, dat se har fersteanber meitsje koene yn brutsen Basaalsk, de lingua franca fan it Star Wars-hielal (yn 'e film werjûn as Ingelsk).

Ewoks: The Battle for Endor en Caravan of Courage wiene de lêste beide films fan Lucasfilm dy't makke waarden mei it gebrûk fan stop-motiontechniken. Industrial Light & Magic, de special effects-difyzje fan Lucasfilm, gie nammentlik yn 'e earste helte fan 'e 1980-er jierren oer op go-motion, in mear avansearre foarm fan animaasje mei motorisearre marionetten. Dat wie lykwols te djoer foar in tillefyzjefilm, dat foar de beide Ewoks-films waard weromgrypt op 'e âldere techniken.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Ewoks: The Battle for Endor waard fersoarge troch 20th Television, de tillefyzjedistibúsjedifyzje fan filmstudio 20th Century Fox. De film waard op 24 novimber 1985 foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd troch it tillefyzjenetwurk ABC ta gelegenheid fan it Thanksgivingwykein. Seleksjes fan 'e soundtrack fan Ewoks: The Battle for Endor waarden yn 1986 op LP útbrocht troch platemaatskippij Varèse Sarabande. Datselde jiers kaam der ek in ferboeking fan 'e film út by útjouwerij Random House, skreaun troch Cathy East Dubowski, mei as titel The Ring, the Witch and the Crystal: An Ewok Adventure.

Yn 1990 waard de film fia Metro-Goldwyn-Mayer op VHS-keapfideo útbrocht. Op 23 novimber 2004 ferskynde Ewoks: The Battle for Endor yn 'e mande mei syn foargonger Caravan of Courage op ien dvd, mei as titel Star Wars: Ewok Adventures. Nei de oername fan Lucasfilm troch The Walt Disney Company, yn 2012 krige Disney de rjochten op 'e beide Ewoks-films yn 'e hannen. De eigen streamingtsjinst fan dy studio, Disney+, hie nei syn lansearring yn 2019 gjin plannen om 'e Ewoks-films beskikber te meitsjen, mar nei't Eric Walker, de haadrolspiler út Caravan of Courage, dêrta in hantekeninge-aksje begûn wie, kamen de beide films op 2 april 2021 foar streamen beskikber.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e tillefyzjekritisy krige Ewoks: The Battle for Endor mingde resinsjes. Sa skreau John Corry yn The New York Times: "It probleem mei Ewoks: The Battle for Endor is net dat de film min makke is; krektoarsom, hy is prachtich makke. Mar as er út is, is er út, en der is neat dat beklibbet. Lucas-en-dy fine har ynspiraasje yn harren eigen technology, en der soene oare plakken wêze moatte om te sykjen."

Douglas Brode en Leah Deyneka, de skriuwers fan it boek Myth, Media, and Culture in Star Wars: An Anthology (2012), wiene fan miening dat Ewoks: The Battle for Endor, de personaazjes en ploteleminten yn oanmerking nommen, eins mear beskôge wurde moast as in mearke ynstee fan as science fiction-film. Se wiisden dêrfoar ek nei it foarkommen fan tsjoenderij yn 'e film, dat dúdlik in ûnderdiel fan fantasy is en net fan science fiction. Foar Ewoks: The Battle for Endor jildt dat noch mear as foar Caravan of Courage, mei it foarkommen fan in magyske ring en fan in personaazje, Charal, dat eins dúdlik in hekse foarstelle moat. De iennichste bannen mei it science fiction-sjenre binne de ôfreis yn it romteskip oan 'e ein fan 'e film en it feit dat it ferhaal yn it Star Wars-hielal plakfynt. Dat de Ewoks bûtenierdske wêzens binne, is yn dit ferbân amper relevant, mei't se binnen de kontekst fan 'e film likegoed mearkewêzens wêze kinnen hiene.

Hjoeddeistige resinsjes fan Ewoks: The Battle for Endor binne oer it algemien myld posityf. Sa skreau Aidan Mason, dy't de film yn maaie 2021 beoardiele foar Pop Culture Beast, dat Ewoks: The Battle for Endor in stik better wie as syn foargonger, Caravan of Courage, dy't er in negative beoardieling jûn hie. Teffens fûn er dat Ewoks: The Battle for Endor folle mear oanfielde as in Star Wars-film, al wied er noch altyd kritysk oer it aktearjen.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1986 wûn Ewoks: The Battle for Endor yn 'e mande mei de CBS-dokumintêre Dinosaur! in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis, yn 'e kategory bêste special effects. De film waard ek nominearre foar Emmys yn 'e kategoryen bêste berneprogramma en bêste lûdsmixing foar in minysearje of tillefyzjespecial, mar dy prizen waarden ferjûn oan oare gadingmakkers.

Hoe't it fierder gie mei Cindel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It personaazje fan Cindel Towani doek wer op yn Tyrant's Test (1996), de trêde en ôfslutende roman fan 'e Black Fleet Crisis-trilogy fan Michael P. Kube-McDowell. Dêryn is hja sjoernaliste wurden op Coruscant, de planeet dêr't it regear fan 'e Nije Republyk syn sit hat.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.

 
Star Wars
 
filmsearje
Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018) • Rogue Squadron (2023)
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–20??) • Ahsoka (2023–20??) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (20??–20??) • Lando (20??–20??) • Rangers of the New Republic (20??–20??)
tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)