The Book of Boba Fett

Ut Wikipedy
The Book of Boba Fett
tillefyzjesearje
makkers
ûntwikkele troch Jon Favreau
produsint John Bartnicki
útfierend
   produsint
Jon Favreau
Dave Filoni
Robert Rodriguez
Kathleen Kennedy
Colin Wilson
basearre op de Star Wars-trilogy
   fan George Lucas
kamerarezjy Dean Cundey
David Klein
Paul Hughen
muzyk Ludwig Göransson (titelmuzyk)
Joseph Shirley (soundtrack)
tillefyzjestudio Lucasfilm
Golem Creations
distribúsje Disney Platform Distribution
spilers
haadrollen Temuera Morrison
Ming-Na Wen
Pedro Pascal
skaaimerken
foarm live-action-ferfolchsearje
sjenre science fiction, fantasy, aksje,
aventoer, romtewestern, misdie
seizoenen 1
jierren 2021 – no
tal ôfl. 7
spyltiid (ôfl.) 39-61 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk (ek ferskate fiktive talen)
prizen 2 × Emmy Award
1 × Saturn Award
webside disneyplusoriginals.disney. com/show/the-book-of-boba-fett
besibbe searjes The Mandalorian
Ahsoka
Star Wars: Skeleton Crew

The Book of Boba Fett is in Amerikaanske tillefyzjesearje dy't yn 2021 úteinsette en ûnderdiel útmakket fan 'e Star Wars-franchise. De searje heart ta de sjenres fan science fiction, fantasy, aksje, aventoer en misdie, en it wurdt ek wol omskreaun as in romtewestern: in searje yn in science fiction-setting mar mei skaaimerken fan in westernsearje. The Book of Boba Fett is in spin-off fan 'e eardere searje The Mandalorian en grypt fierders benammen werom op 'e oarspronklike Star Wars-trilogy fan George Lucas. It wie (nei The Mandalorian) de twadde live-actionsearje fan 'e Star Wars-franchise. Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars spilet The Book of Boba Fett rûchwei fiif jier nei de foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi.

De titel betsjut "It Boek fan Boba Fett" en ferwiist nei de haadpersoan Boba Fett, in Mandaloriaanske preemjejager dy't nei de foarfallen yn Return of the Jedi deawaand waard. Hy hat syn fal yn 'e sarlacc lykwols oerlibbe en yn The Book of Boba Fett krewearret er om op 'e planeet Tatooine it misdiesyndikaat fan Jabba de Hutt oer te nimmen. Dêrby wurdt er bystien troch syn nije partner, de hiermoardneresse Fennec Shand. Krekt as The Mandalorian waard The Book of Boba Fett troch de tillefyzjekritisy mei tige positive resinsjes ûntfongen. Anno 2023 hat de searje twa Emmys en in Saturn Award wûn. Behalven mei de The Mandalorian is The Book of Boba Fett ek krúslings ferbûn mei twa oare live-action-Star Wars-searjes: Ahsoka en Star Wars: Skeleton Crew.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn febrewaris 2013, koart nei't filmstudio Lucasfilm oernommen wie troch Disney, makke Bob Iger, de algemien direkteur fan Disney, bekend dat der ferskate op harsels steande spylfilms yn preproduksje wiene, dy't spin-offs wiene fan 'e Skywalker Saga, de haadfilmsearje fan 'e Star Wars-franchise. (Anno 2023 binne dêr twa fan makke: Rogue One en Solo.) Ien dêrfan soe gean oer de Mandaloriaanske preemjejager Boba Fett. Dat personaazje wie bekend wurden troch syn mysterieuze ferskining yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980), mar hy kaam skynber om oan it begjin fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983). Neitiid wie Fett lykwols ien fan 'e populêrste personaazjes út 'e franchise wurden, dat Disney woe him werombringe.

De tariedings foar de film oer Fett wiene noch altyd geande doe't Solo yn 2018 yn 'e bioskopen kaam en dêr teloarstellend prestearre. Tsjin oktober fan dat jier wie de film oer Fett op 'e lange baan skood en joech Disney ynstee fan op har sels steande spin-off-films, prioriteit oan live-actiontillefyzjesearjes, dy't ferspraat wurde koene fia de oankommende eigen streamingtsjinst Disney+. De earste fan dy searjes wie The Mandalorian, oer Din Djarin, in oare Mandaloriaanske preemjejager, dy't ein 2019 úteinsette. Dat wie in reuseftich kommersjeel en ek tillefyzjekritysk súkses. Yn it twadde seizoen fan The Mandalorian, dat yn it neijier fan 2020 útkaam, waard Boba Fett reyntrodusearre. Tsjin dy tiid wie al besletten dat Fett ynstee fan in eigen film in eigen spin-off-searje fan The Mandalorian krije soe. Dat waard The Book of Boba Fett.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Book of Boba Fett waard ûntwikkele troch Jon Favreau op basis fan syn eardere searje The Mandalorian en de oarspronklike Star Wars-trilogy fan George Lucas. John Bartnicki wie as tillefyzjeprodusint by it projekt belutsen foar Lucasfilm en Golem Creations. Yn 'e mande mei Dave Filoni, Robert Rodriguez, Kathleen Kennedy en Colin Wilson hie Favreau as útfierend produsint ek it tafersjoch oer de hiele produksje.

De opnamen foar The Book of Boba Fett fûnen plak op 'e MBS Media Campus yn Manhattan Beach (Kalifornje). De kamerarezjy waard fersoarge troch Dean Cundey, David Klein en Paul Hughen. Foar de opnamen waard de troch special effects-bedriuw Industrial Light & Magic (ILM) foar The Mandalorian ûntwikkele de StageCraft-technology ynset, wêrby't firtuele filmsets brûkt wurde tsjin 'e eftergrûn fan in fideowand fan 360° om 'e setting fan 'e searje te kreëarjen.

De titelmuzyk fan The Book of Boba Fett waard fersoarge troch de Sweedske komponist Ludwig Göransson, wylst de soundtrack it wurk wie fan Joseph Shirley. De distribúsje fan The Book of Boba Fett waard útfierd troch Disney Platform Distribution. De searje waard, fan desimber 2021 ôf, útslutend beskikber makke fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan Disney. Der waard ynearsten ien seizoen makke fan 7 ôfleverings, dy't in spyldoer hiene fan 39 oant 61 minuten it stik.

Utgongspunt fan 'e plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Book of Boba Fett folget de ferrjochtings fan 'e Mandaloriaanske preemjejager en hierling Boba Fett en syn nije partner, de hiermoardneresse Fennec Shand. Yn 'e earste ôflevering, Chapter 1: Stranger in a Strange Land, hawwe se al it misdiesyndikaat fan 'e ferstoarne gangster Jabba de Hutt oernommen troch it ienfâldige proses fan it deasjitten fan Jabba syn opfolger, de Twi'lek Bib Fortuna (dat waard sjen litten yn 'e ôfl. Chapter 16: The Rescue fan The Mandalorian). Yn flashbacks wurdt ferteld hoe't Fett fiif jier earder syn fal yn 'e bek fan 'e sarlacc oerlibbe (sjoch: Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi), hoe't er fûn waard troch Jawa's, dy't syn wapenris stielen en dêrnei troch Tuskenkapers dy't him finzen nommen en ta slaaf makken, en hoe't er troch moed syn frijheid weromwûn. Yn 'e tsjintwurdige tiid moatte Fett en Shand, mei help fan Din Djarin, it misdie-ympearium fan Jabba sjen fêst te hâlden, wylst der gâns kapers op 'e kust binne dy't it harren ôfhimme wolle.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Haadrollen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Temuera Morrison.
Ming-Na Wen.
Pedro Pascal.
personaazje akteur/aktrise      
Boba Fett Temuera Morrison
Fennec Shand Ming-Na Wen
Din Djarin Pedro Pascal

Weromkearende byrollen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

personaazje                   akteur/aktrise
Grogu David Acord (stim, mei lûdseffekten)
ferskate poppespilers (fysyk)
8D8 Matt Berry (stim)
Mok Shaiz David Pasquesi
Garsa Fwip Jennifer Beals
Krrsantan Carey Jones
Drash Sophie Thatcher
Skad Jordan Bolger

Gastrollen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

personaazje akteur/aktrise
Lortha Peel Stephen Root
rancortrainer Danny Trejo
modifikaasjeartyst Thundercat (muzikant)
de Wapensmid Emily Swallow
Peli Motto Amy Sedaris
marshal Cobb Vanth Timothy Oliphant
Jedi-ridder Ahsoka Tano Rosario Dawson
Cad Bane Corey Burton (stim)
Dorian Kingi (fysyk)
Jedi-ridder Luke Skywalker Mark Hamill
Graham Hamilton (stand-in)
Dokk Strassi Robert Rodriguez (stim)
Stephen Oyoung (fysyk)
Gamorraanske skyldwacht #1 Frank Trigg
Gamorraanske skyldwacht #2 Collin Hymes
Camie Marstrap Mandy Kowalski
Laze "Fixer" Loneozner Skyler Bible
kaptein Carson Teva Paul Sun-Hyung Lee
Paz Vizsla Jon Favreau (stim)
Tait Fletcher (fysyk)
luitenant Reed Max Lloyd-Jones
Taanti W. Earl Brown
R2-D2 lûdseffekten (stim)
radiografysk bestjoerber rekwisyt (fysyk)

Seizoenen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 7 29 desimber 2021 8 febrewaris 2022 Disney+

Untfangst en resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat it earste seizoen fan The Book of Boba Fett in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 200 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De searje] koe nea de aventoeren belykje dy't al desennia lang yn 'e ynbyldingsfermogens fan fans bestiene, mar hy fertsjinnet syn plak mei spektakulêre sênes en de ymposante oanwêzichheid fan Temuera Morrison." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet it earste seizoen fan The Book of Boba Fett in goedkarringspersintaazje fan 59%, basearre op 19 resinsjes.

It earste seizoen fan 'e searje waard nominearre foar 4 Emmy Awards, de wichtichste Amerikaanske priis op it mêd fan tillefyzje. Dêrfan waard ien wûn, yn 'e kategory bêste special effects yn in seizoen fan in searje of yn in tillefyzjefilm. It earste seizoen fan The Book of Boba Fett waard ek nominearre foar 2 Saturn Awards, wêrûnder dy foar bêste minysearje op in streamingtsjinst. It wûn de Saturn Award foar bêste aktrise yn in streamingsearje (Ming-Na Wen).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)