Star Wars: Visions

Ut Wikipedy
Star Wars: Visions
tillefyzjesearje
makkers
betocht troch James Waugh
produsint Kanako Shirasaki
útfierend
   produsint
Jacqui López
James Waugh
Josh Rimes
Justin Leach
basearre op Star Wars fan George Lucas
tillefyzjestudio Lucasfilm Animation
ferskaat, sjoch tekst
distribúsje Disney Platform Distribution
spilers
haadrollen gjin fêste haadrollen
skaaimerken
foarm tekenfilmsearje, blomlêzing
sjenre science fiction, fantasy, aksje,
aventoer
seizoenen 1
jierren 2021 – no
tal ôfl. 9
spyltiid (ôfl.) 13-22 min.
lân/lannen Feriene Steaten
Japan
taal Ingelsk of Japansk
besibbe searjes oare Star Wars-searjes

Star Wars: Visions is in Amerikaansk-Japanske tekenfilmsearje dy't yn 2021 begûn. De titel betsjut: "Stjerre-oarloggen: Fizioenen". De searje makket diel út fan 'e Star Wars-franchise en heart ta de sjenres fan science fiction, fantasy, aksje en aventoer. Star Wars: Visions is net in ferfolchsearje, mar in blomlêzing, wêrfan't de ôfleverings allegear op harsels steane en hieltyd oare haadpersoanen hawwe. Foar it earste seizoen waarden der 9 ôfleverings makke. Dat binne orizjinele ferhalen, spyljend yn of ynspirearre troch it Star Wars-universum, dy't yn animestyl makke waarden troch sân ûnderskate Japanske animestudio's fan namme. De makkers krigen fan Lucasfilm, dat de auteursrjochten op 'e Star Wars-franchise yn 'e hannen hat, tastimming om har folslein út te libjen. In twadde seizoen sil produsearre wurde troch tekenfilmstudio's út oare lannen en wurdt ferwachte yn 'e earste helte fan 2023.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ûntwikkeling fan Star Wars: Visions sette begjin 2020 útein, doe't James Waugh, de ûnderdirekteur fan franchiseynhâld by filmstudio Lucasfilm, it idee derfoar oan algemien direktrise Kathleen Kennedy foarlei. Om 'e kommunikaasje mei Japanske animestudio's te fasilitearjen, waard de ûnôfhinklike tillefyzjeprodusint Justin Leach by it projekt belutsen mei syn bedriuw Qubic Pictures, dat kontakten yn Japan hie. Dat wie benammen fan belang om't op dat stuit de koroanafiruspandemy hearske, dy't moetings yn persoan tusken fertsjintwurdigers fan Lucasfilm en Japanske animemakkers ûnmooglik makke.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De produksje fan it earste seizoen fan Star Wars: Visions, dat in Amerikaansk-Japanske ko-produksje wie, fûn yn 2020 en 2021 yn syn gehiel plak yn Japan. Yn totaal bestie it earste seizoen út 9 ôfleverings fan elts 13 oant 22 minuten. De filmkes waarden ynsprutsen yn sawol it Ingelsk as it Japansk, sadat der fan it begjin ôf oan twa ferzjes bestiene. As tillefyzjeprodusint wie Kanako Shirasaki by it searje belutsen, wylst Jacqui López, James Waugh, Josh Rimes en Justin Leach as útfierende produsinten tafersjoch oer it hiele projekt holden.

Der wiene by seizoen 1 yn totaal 7 animestudio's belutsen: Studio Colorido, Geno Studio, Kamikaze Douga, Kinema Citrus, Production I.G., Science SARU en Trigger. Elts dêrfan produsearre ien ôflevering, útsein Science SARU en Trigger, dy't elts twa makken. De distribúsje fan Star Wars: Visions waard dien troch Disney Platform Distribution. De searje wie (en is) útslutend te sjen fia de streamingtsjinst Disney+.

In twadde seizoen fan Star Wars: Visions sil makke wurde troch tekenfilmstudio's út it Feriene Keninkryk, de Feriene Steaten, Frankryk, Ierlân, Yndia, Japan, Sily, Spanje en Súd-Afrika. De ferwaching is dat seizoen 2 yn 'e earste helte fan 2023 ek wer fia Disney+ beskikber makke wurde sil.

Utgongspunt fan 'e plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Wars: Visions is in samling koarte tekenfilms, dy't neffens it ferkeappraatsje op 'e webside fan filmstudio Lucasfilm "in nij, ferskaat perspektyf op Star Wars" biedt "troch de lins fan wrâlds bêste animemakkers". De searje waard mei opsetsin bûten de kanon fan 'e franchise holden, om 'e makkers safolle mooglik frijheid te bieden. De ôfleverings hawwe allegear oare haadpersoanen en spylje elts yn in oare tiid. Se hawwe gemien dat se allegearre ymspirearre binne troch Star Wars.

Seizoenen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

seizoen tal ôfl. útkommen netwurk
1 9 22 septimber 2021 Disney+

Untfangst en resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Wars: Visions waard troch de tillefyzjekritisy oer it algemien mei tige positive resinsjes ûnthelle. Sa woe Angie Han fan The Hollywood Reporter hawwe dat de blomlêzing in "leafde foar Star Wars sjen [lit] dy't sa djip giet, dat it net oars kin of [de searje] sil nije fans meitsje fan 'e jongerein en oaren dy't ûnbekend binne mei de franchise, en âlde fans tebinnenbringe wêrom't se sa hurd foar dit hielal fallen binne." Neffens Mike Hale fan The New York Times lieken de ôfsûnderlike ôfleverings elts wol "in audysje foar in ferfolchsearje ynstee fan" in diel fan in blomlêzing.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat it earste seizoen fan Star Wars: Visions in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 50 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Star Wars: Visions is prachtich animearre en tige by tige kreätyf. It is in eklektyske mar hiel oangename samling fan Star Wars-ferhalen dy't it Stjerestelsel nij libben ynblaze." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet it earste seizoen fan Star Wars: Visions in goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 15 resinsjes.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018) • Rogue Squadron (2023)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)