Star Wars: Tales of the Jedi

Ut Wikipedy
Star Wars: Tales of the Jedi
tillefyzjesearje
makkers
ûntwikkele troch Dave Filoni
produsint Alex Spotswood
Josh Rimes
útfierend
   produsint
Dave Filoni
Athena Yvette Portillo
Carrie Beck
basearre op ● de Star Wars-prequeltrilogy
    fan George Lucas
Star Wars: Ahsoka
    fan E.K. Johnston
muzyk Kevin Kiner
tillefyzjestudio Lucasfilm
Lucasfilm Animation
distribúsje Disney Platform Distribution
spilers
haadrollen Ashley Eckstein
Corey Burton
skaaimerken
foarm tekenfilmsearje
sjenre science fiction, fantasy,
aksje, aventoer
seizoenen 1
jierren 2022
tal ôfl. 6
spyltiid (ôfl.) 13-17 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk
besibbe searjes Star Wars: The Clone Wars

Star Wars: Tales of the Jedi, ek wol koartwei Tales of the Jedi neamd, is in Amerikaanske tekenfilmsearje fan 6 ôfleverings, dy't yn oktober 2022 fia Disney+ útbrocht waard. De searje makket diel út fan 'e Star Wars-franchise en heart ta de sjenres fan science fiction, fantasy, aksje en aventoer. De titel betsjut: "Stjerre-oarloggen: Ferhalen fan 'e Jedi". Star Wars: Tales of the Jedi kin yn 'e ynterne gronology fan Star Wars pleats wurde foarôfgeande, ûnder en nei de films fan 'e Star Wars-prequeltrilogy. Der wurde twa ferhaallinen folge: ien oer Ahsoka Tano, dy't har ta Jedi-ridder ûntjout, en in oarenien oer de fal fan greve Dooku nei de dûnkere kant fan de Krêft. De slotôflevering is loskes basearre op 'e roman Star Wars: Ahsoka, fan E.K. Johnston út 2016.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylst er reizen makke nei de opnamelokaasjes fan 'e live action-Star Wars-tillefyzjesearje The Mandalorian, begûn Dave Filoni, it haad fan 'e tekenfilmstudio Lucasfilm Animation, koarte ferhalen te skriuwen oer ferskate Jedi-personaazjes út it tiidrek fan 'e Star Wars-prequeltrilogy. Carrie Beck, de ûnderdirektrise foar ûntwikkeling en produksje by Lucasfilm, frege him oft er dy ferhalen net omsette woe yn in tekenfilmsearje. Der wie nammentlik jild beskikber foar in nije produksje, foar Disney+, fan Filoni syn eardere searje Star Wars: The Clone Wars, dy't oer itselde tiidrek yn it Star Wars-hielal giet. Yn april 2022 waard sadwaande de produksje fan Star Wars: Tales of the Jedi oankundige.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Wars: Tales of the Jedi waard ûntwikkele troch Dave Filoni. Alex Spotswood en Josh Rimes wiene as tillefyzjeprodusinten by it projekt belutsen foar Lucasfilm en dochterûndernimming Lucasfilm Animation. Yn 'e mande mei Athena Yvette Portillo en Carrie Beck hie Filoni as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. De titelmuzyk en de soundtrack wiene it wurk fan Kevin Kiner, dy't dêrfoar gebrûk makke fan tema's út 'e filmmuzyk dy't John Williams komponearre hie foar de films fan 'e Skywalker Saga. De distribúsje fan Star Wars: Tales of the Jedi waard fersoarge troch Disney Platform Distribution. Alle 6 ôfleverings fan it earste seizoen fan 'e searje waarden op 26 oktober 2022 yn ien kear útbrocht fia de streamingtsjinst Disney+.

Utgongspunt fan 'e plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dave Filoni omskreau Star Wars: Tales of the Jedi as in searje dy't "twa paden en twa [ferskillende] karren" ferkent. De seis ôfleverings omfetsje sadwaande twa ferhaallinen, mei trije ôfleverings oer Ahsoka Tano en de oare trije oer greve Dooku. Dêrby wurde de beide personaazjes op ûnderskate punten fan harren libbens toand. Ahsoka Tano en greve Dooku beskikke allebeide oer Krêftgefoelige fermogens en ûntjouwe har allebeide ta Jedi-ridders. Ek reitsje se allebeide op in stuit desyllúzjonearre mei de Jedi Oarder en keare se dy organisaasje de rêch ta. Mar wylst greve Dooku him oerjout oan 'e dûnkere kant fan 'e Krêft en de learling en hantlanger fan 'e boasaardige Sith-master Darth Sidious wurdt, hâldt Ahsoka oan mei it neistribjen fan it goede, al siket se dêrfoar har eigen paad bûten de Oarder.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Jedi-ridder Ahsoka Tano Ashley Eckstein
Sith-ridder greve Dooku Corey Burton


byrollen
personaazje                             akteur/aktrise
Pav-ti Tano, Ahsoka har mem Janina Gavankar
Jedi-master Mace Windu T.C. Carson
Jedi-master Qui-Gon Jinn Liam Neeson
de jonge Qui-Gon Jinn Micheál Richardson
Jedi-master Yaddle Bryce Dallas Howard
Sith-master Darth Sidious Ian McDiarmid
Jedi-master Anakin Skywalker Matt Lanter
Jedi-master Obi-Wan Kenobi James Arnold Taylor
senator Bail Organa Phil LaMarr
kaptein Rex Dee Bradley Baker
in ynkwisiteur Clancy Brown
senator Dagonet Mark Rolston
Dagonet jr. Josh Keaton
Nak-il Sunil Malhotra
Gantika Toks Olagundoye
Jedi-master Ki-Adi-Mundi Brian George
argiviste Jocasta Nu Flo Di Re
Semage Terrell Tilford
senator Larik Theo Rossi
Hanel Andrew Kishino
doarpsâldste Vanessa Marshall
alle kloansoldaten Dee Bradley Baker

N.B.: Jedi-masters Yoda, Plo Koon, Saesee Tiin en Depa Billaba, Billaba har padawan Caleb Dume en senator Mon Mothma komme wol yn 'e searje foar, mar hawwe gjin dialooch.

Seizoenen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

seizoen tal ôfl. útbrocht op netwurk
1 6 26 oktober 2022 Disney+

Untfangst en resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e tillefyzjekritisy krige Star Wars: Tales of the Jedi oer it algemien tige positive resinsjes. Sa neamde Kevin Fox jr. yn it tydskrift Paste de searje "ferrassend en krêftich", en joech er der in 8,2 op in skaal fan 1 oant 10 foar. Jamie Lovett fan 'e webside ComicBook.com parte Star Wars: Tales of the Jedi in 4 ta op in skaal fan 1 oant 5. Hy neamde de seis ôfleverings "moai, oangripend en mei in ferrifeljende djipgong yn ferhâlding ta de koarte spyldoer".

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)