Kanan Jarrus

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Caleb Dume)
Kanan Jarrus
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt Jedi-ridder
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Ezra Bridger
Hera Syndulla
Sabine Wren
geastlike heit Dave Filoni
ûntstean 2014

Kanan Jarrus, berne as Caleb Dume, is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy is in Jedi-ridder en in lid fan it Rebelleferbûn yn de boargeroarloch tsjin it Galaktysk Keizerryk. As sadanich is er ien fan 'e haadpersonaazjes út 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels (2014-2018). De rol fan Kanan Jarrus waard fertolke troch akteur Freddie Prinze jr.

Fiktive biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens syn eftergrûnferhaal, dat geandewei de tekenfilmsearje Star Wars: Rebels werjûn wurdt, is Kanan Jarrus berne as Caleb Dume. Op jonge leeftyd wurdt er omreden fan syn Krêftgefoeligens oerbrocht nei it haadkertier fan 'e Jedi Oarder op 'e planeet Coruscant, om ta Jedi-ridder oplaat te wurden. Hy wurdt as padawan (learling) oannommen troch de foaroansteande Jedi-master Depa Billaba, dy't in sit yn 'e Hege Jedi Ried hat. Mei har tsjinnet Caleb ûnder de Kloane-oarloggen yn it Grutte Leger fan 'e Republyk, dat fjochtet tsjin 'e separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels.

Oan 'e ein fan dy boargeroarloch furdiget kânselier Palpatine, dy't eins de boasaardige Sith-master Darth Sidious is, Oarder 66 út, ta de útfiering wêrfan't de kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk foarprogrammearre binne. Dat befel hâldt de moard troch de kloanen op harren eigen Jedi-ofsieren yn, in foarfal dat letter bekend wurdt as de Grutte Suvering fan 'e Jedi. Dêrby iepenje de soldaten fan 'e Kloanetaakgroep 99, dêr't Billaba op 'e planeet Mygeeto it befel oer fiert, ynienen it fjoer op Billaba en de jonge Caleb. Billaba warret de earste skotten út harren ploffergewearen ôf mei har ljochtsabel en hjit Caleb om út te naaien. Om foar te kommen dat se him op syn flecht delsjitte, offeret Billaba har op troch sels net te besykjen om te ûntkommen. Ynstee bliuwt se stean en wurdt úteinlik trochsingele mei skotten, dat se it bestjert. Caleb is tsjin dy tiid weiwurden yn 'e bosken.

Neitiid nimt Caleb de skûlnamme Kanan Jarrus oan. Hy libbet it grutste part fan syn libben ûnderdûkt foar de autoriteiten fan it troch Palpatine fêstige Galaktysk Keizerryk. Troch in moeting mei de Twi'lek Hera Syndulla, de liedster fan in groep rebellen dy't operearje fanôf it frachtskip de Ghost, rekket er behelle yn 'e Galaktyske Boargeroarloch tsjin 'e Keizerlike oerhearsking. Hy jout him by de bemanning fan 'e Ghost en ûntjout him feitliks ta de nije lieder fan 'e fersetssel. Yn 't earstoan hâldt er syn Krêftgefoeligens en syn ferline as Jedi-padawan foar syn maten geheim.

Yn Star Wars: Rebels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Rebels wurdt Kanan Jarrus yntrodusearre as de feitlike lieder fan 'e bemanning fan 'e Ghost. Syn groep rebellen operearret op dat stuit noch fierhinne op eigen manneboet en hat gjin of amper kontakt mei oare fersetssellen. Op in misje op 'e planeet Lothal moetet Kanan de Krêftgefoelige wees wurden strjitjonge Ezra Bridger, dy't oerlibbet troch oplichting. Hoewol't er syn eigen oplieding ta Jedi-ridder troch de moard op Depa Billaba nea ôfmakke hat, sjocht er grut potinsjeel yn Ezra. Dêrom beslút er de jonge oan te nimmen as syn eigen padawan. Wylst er Ezra ûnderrjochtet, besiket Kanan ek syn eigen oplieding ta Jedi te foltôgjen. Yn Fire Across the Galaxy, de lêste ôflevering fan it earste seizoen fan Star Wars: Rebels, wurdt Kanan troch Ezra befrijd út Keizerlike finzenskip, wêrnei't Kanan yn in gefjocht de Keizerlike grutynkwisiteur ferslacht. Neitiid wurde hy en de bemanning fan 'e Ghost útnûge om har oan te sluten by it Rebelleferbûn, in bredere fersetsbeweging dy't opboud is út in grut tal pleatslike sellen.

Yn seizoen 2 befjochtet Kanan yn 'e tillefyzjespecial The Siege of Lothal, wêrmei't it seizoen iepene wurdt, de Sith-ridder Darth Vader. Yn 'e ôflevering The Lost Commanders wurdt sjen litten hoe't er noch ompakt mei syn ferline as er it dreech fynt de eardere kloansoldaat kaptein Rex te fertrouwen. Kanan bemachtiget de rang fan Jedi-ridder yn 'e ôflevering Shroud of Darkness, nei in aventoer yn 'e Jedi-timpel op Lothal. Yn Twilight of the Apprentice, de twadielige lêste ôflevering fan it twadde seizoen, reizget Kanan mei Ezra, de Jedi-ridder Ahsoka Tano en de robot Chopper ôf nei de Sith-wrâld Malachor, yn 'e hope dat se dêr kennis opdwaan kinne om 'e Sith mei te ferslaan. Dêre moetsje se de eardere Sith-ridder Darth Maul, dy't him foardocht as in krebintige klúzner en skipbrekling. Hoewol't er yn 't earstoan freonlik liket en Kanan-en-dy helpt in trio Keizerlike ynkwisiteurs te ferslaan, ferriedt er harren letter en ûntkomt er nei't er Kanan mei syn ljochtsabel beide eagen útbaarnd hat.

Yn it trêde seizoen kriget de no bline Kanan ûnderrjocht fan in Krêftgefoelich wêzen dat de Bendu hjit oangeande it brûken fan de Krêft om te sjen sûnder eagen. Dêrtroch kin er alteast foar in diel syn lichaamlike beheining kompinsearje. Hy nimt sadwaande ek noch altyd diel oan (guon) misjes fan 'e bemanning fan 'e Ghost, mar it liederskip fan 'e fersetssel lit er almar mear oan oaren oer, ûnder wa Ezra, dy't gâns byleard hat sûnt Kanan him fan 'e strjitten fan Lothal plôke. Yn 'e ôflevering Ghosts of Geonosis komt Kanan yn 'e kunde mei Saw Gerrera, de lieder fan in radikalere rebellegroep, dy't him fan it Rebelleferbûn ôfskaat hat. Yn Trials of the Darksaber traint er Sabine Wren, in Mandaloriaansk bemanningslid fan 'e Ghost, yn it fjochtsjen mei ljochtsabels.

Yn it fjirde en lêste seizoen hat Kanan in romantyske relaasje krigen mei Hera Syndulla, dy't op in stuit fan him swier rekket. (Letter sil se befalle fan harren soan Jacen Syndulla.) Yn 'e ôflevering Jedi Night offeret Kanan syn eigen libben op foar dat fan Hera en oare bemanningsleden fan 'e Ghost. Nei't er Hera befrijd hat út Keizerlike finzenskip en har en de oare rebellen mei de Krêft yn feilichheid brocht hat, bringt er de Keizerlike troepen derta om te sjitten op harren eigen branjereserve dêr't hy op dat stuit op stiet. By de resultearjende eksploazje komt er om, mar net foar't er in momint lang syn gesichtsfermogen weromkrigen hat. It ferlies fan 'e branje dwerseidet it plan fan grutadmiraal Thrawn om 'e rebellefloat te ferneatigjen mei in oanfal troch in swaarm fan ûntelbere TIE-jagers.

Nettsjinsteande syn dea spilet Kanan, dy't no in geast yn 'e Krêft wurden is, dochs noch in rol yn 'e measte restearjende ôfleverings fan seizoen 4. Ezra, Hera en ferskate oaren, ûnder wa Ahsoka Tano en de Keizerlike grutynkwisiteur, hearre geregeldwei syn stim, en út en troch ferskynt er oan 'e bemanningsleden fan 'e Ghost. Yn 'e ôflevering A World Between Worlds ûntdekt Ezra in trochgong troch romte en tiid nei de lêste mominten fan it libben fan syn master. Hy wol besykje om Kanan te rêden, mar Ahsoka hâldt him tsjin. Se leit him út dat Kanan himsels mei opsetsin opoffere hat, en dat it feroarjen fan dat barren troch Ezra resultearje soe yn 'e dea fan 'e Ezra sels en de oare bemanningsleden fan 'e Ghost om't Kanan der dan net mear wêze soe om harren libbens te rêden. Sadwaande lit Ezra de selsopoffering fan syn master mei tsjinnichheid trochgean.

Oare media[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e ôflevering Old Friends Not Forgotten, út it sânde en lêste seizoen (2020) fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars, hat in jonge Caleb Dume in cameo as er tegearre mei syn master Depa Billaba yn holografyske foarm oanwêzich is by in gearkomste mei oare Jedi.

Yn Aftermath, de alderearste ôflevering fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Bad Batch (2021), ferskynt Caleb Dume op 'e nij mei Depa Billaba, wêrby't syn dialooch wer ynsprutsen waard troch Freddie Prinze jr. Yn 'e ôflevering wurdt de dea fan Depa Billaba en it ûntkommen fan Caleb oan 'e Grutte Suvering fan 'e Jedi yn byld brocht, sjoen út it perspektyf fan 'e kloansoldaten wei dy't Oarder 66 útfiere.

Yn 'e live-actionfilm Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) is Kanan Jarrus ien fan 'e Jedi-masters út it ferline dy't de jonge Jedi Rey helpe yn har gefjocht tsjin 'e út 'e dea opstiene keizer Palpatine. Yn in stimcameo (ek wer ynsprutsen troch Prinze) seit er tsjin har: "Yn it hert fan in Jedi leit har krêft."

Yn 2014 kaam fierders de roman Star Wars: A New Dawn út, fan skriuwer John Jackson Miller by útjouwerij Del Rey Books. Dat is in prequel fan Star Wars: Rebels, wêryn't de earste moeting tusken Kanan Jarrus en Hera Syndulla beskreaun wurdt. Ek waard fan 2015 oant 2016 troch Marvel Comics in rige stripboeken ûnder de titel Kanan publisearre, mei Kanan Jarrus as haadpersoan.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono