Ewoks (telefyzjesearje)

Ut Wikipedy
Ewoks
tillefyzjesearje
(Titelbyld yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
betocht troch George Lucas
ûntwikkele troch Paul Dini
Bob Carrau
produsint Paul Dini
Bob Carrau
útfierend
   produsint
Miki Herman (seiz. 1)
Cliff Ruby (seiz. 2)
Elana Lesser (seiz. 2)
regisseur(s) Raymond Jafelice
Ken Stephenson
Dale Schott
basearre op Star Wars: Episode VI –
   Return of the Jedi
muzyk Taj en Inshirah Mahal (seiz. 1)
Patrick Gleeson (seiz. 2)
tillefyzjestudio Nelvana
Lucasfilm
20th Century Fox Television
distribúsje 20th Television
spilers
haadrollen Jim Henshaw
Denny Delk
Eric Peterson
James Cranna
Paul Chato
Cree Summer
Jeanne Reynolds
George Buza
Rick Cimino
Doug Chamberlain
skaaimerken
foarm tekenfilmsearje foar bern
sjenre science fiction
fantasy
aventoer
seizoenen 2
jierren 19851986
tal ôfl. 26 (yn 35 segminten)
spyltiid (ôfl.) 22 min.
lân/lannen Feriene Steaten
Kanada
taal Ingelsk
besibbe searjes Star Wars: Droids

Ewoks is in Amerikaansk-Kanadeeske tekenfilmsearje foar bern út 1985 dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Star Wars-franchise. De searje, dy't ta de sjenres fan science fiction, fantasy en aventoerefiksje heart, waard basearre op 'e Ewoks, in ras fan bûtenierdske wêzens dat yntrodusearre wie yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), it ôfslutende diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy. De searje folget de aventoeren fan in groepke jonge Ewoks, ûnder wa Wicket, in personaazje dat earder te sjen wie yn Return of the Jedi. Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars moat Ewoks pleatst wurde foarôfgeande oan 'e tillefyzjefilms Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) en Ewoks: The Battle for Endor (1985). Yn totaal waarden der 26 ôfleverings fan elts 22 minuten spyltiid makke, ferdield oer twa tillefyzjeseizoenen.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ewoks, in ras fan bûtenierdske wêzens fan 'e Boskmoanne Endor dy't der útsjogge as mulhege teddybearen, waarden nei harren yntroduksje yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) tige populêr, benammen mank bern. Star Wars-betinker George Lucas en syn neiste meiwurkers by syn filmstudio Lucasfilm besleaten dêrop yn te spyljen troch los fan 'e haadfilmsearje fan Star Wars, dy't bekend stiet as de Skywalker Saga, ferskate produksjes te meitsjen dy't om 'e Ewoks draaie. De earsten dêrfan wiene de tillefyzjefilms Caravan of Courage: An Ewok Adventure en Ewoks: The Battle for Endor, dy't yn 1984, resp. 1985 op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd waarden ta gelegenheid fan it Thanksgivingwykein. Yn 1985 waard fierder besletten om ek in tekenfilmsearje oer de Ewoks op 'e tillefyzje te bringen.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As tekenfilmsearje wie Ewoks in gearwurkingsprojekt fan Lucasfilm mei tillefyzjestudio 20th Century Fox Telesivion. Foar de eigentlike produksje fan 'e searje waard de Kanadeeske tekenfilmstudio Nelvana, út Toronto, ynhierd. Dy hie ek it tekenfilmsegmint The Faithful Wookiee produsearre foar de Star Wars Holiday Special út 1978, en wie tagelyk dwaande mei in oare tekenfilmsearje fan Star Wars, te witten: Star Wars: Droids. It bewurklike tekenwurk foar de searje waard troch Nelvana foar in part útbestege oan 'e Taiwaneeske tekenfilmstudio Wang Film Productions. As produsinten wiene Paul Dini en Bob Carrau by Ewoks belutsen, wylst Miki Herman as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje hie, foar wat seizoen 1 oanbelange. Yn it twadde seizoen namen Cliff Ruby en Elana Lesser dat wurk oer. Ken Stephenson, Raymond Jafelice en Dale Schott wiene de regisseurs. De titelmuzyk fan seizoen 1 waard fersoarge troch Taj en Inshirah Mahal, en dy fan seizoen 2 troch Patrick Gleeson.

Yn totaal waarden der fan Ewoks twa seizoenen makke, elts besteande út 13 ôfleverings fan likernôch 22 minuten. It totale oantal ôfleverings kaam dêrmei op 26 út, mar yn seizoen 2 bestie eltse ôflevering út twa segminten fan 11 minuten. Dat kaam del op twa op harsels steande ferhaaltsjes per ôflevering, ôfsjoen fan fjouwer "dûbellange" segminten (nû. 3 The Raich; nû. 5 Night of the Stranger; nû. 8 The Season Sceptre en nû. 12 Battle for the Sunstar), dy't eins like lang wiene as de ôfleverings út it earste seizoen. As de 13 ôfleverings út seizoen 1 ek segminten neamd wurde, wiene der yn totaal 35 segminten (of selsstannige ferhaaltsjes). It earste seizoen fan Ewoks, dat aardich ferfine wie, waard fan 7 septimber oant en mei 30 novimber 1985 yn 'e mande mei de kwalitatyf mindere sustersearje Star Wars: Droids op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd troch ABC yn it ramt fan it saneamde Ewoks and Droids Adventure Hour. It twadde seizoen, wêryn't sawol plotopbou as fisuele styl ferienfâldige wiene, waard fan 13 septimber oant en mei 13 desimber 1986 'los' útstjoerd troch itselde tillefyzjenetwurk.

Utgongspunt fan 'e plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ewoks draait om 'e aventoeren dy't de jonge Ewok Wicket en syn freonen Teebo, Paploo, Latara en prinsesse Kneesaa a Jari Kintaka belibje op 'e Boskmoanne Endor. Ek Kneesaa har heit, haadman Chirpa, en Teebo syn mentor, de medisynman Logray, spylje wichtige rollen yn 'e ferhalen. Oars as yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi en de beide Ewoks-tillefyzjefilms sprekke de Ewoks yn 'e searje Ingelsk ynstee fan it fiktive Ewokeesk (hoewol't Ewokeeske frazen en ferskes soms noch wol brûkt wurde). De wichtichste weromkearende antagonisten binne de hekse Morag, dy't in persoanlike wrok koesteret tsjin Logray, en har folk, de Duloks, in rivalisearjend ras fan bûtenierdske wêzens dat ek lânseigen is op Endor, en dat mei de Ewoks in mienskiplike oarsprong dielt.

De op ien nei lêste ôflevering fan Ewoks, mei as titel Battle for the Sunstar (letter by werhellings útstjoerd as de searjefinale), lit sjen hoe't de Ewok-protagonisten it oerflak fan 'e Boskmoanne ferlitte om oan board te gean fan in stjerreslachskip fan it Galaktysk Keizerryk. De Keizerlike wittenskipper dr. Raygar besiket de Sinnestjer te brûken om in steatsgreep tsjin keizer Palpatine út te fieren, mar wurdt úteinlik tsjinkeard troch admiraal Kazz. Battle for the Sunstar foarmet in direkte bân tusken Ewoks en de foarfallen út 'e film Return of the Jedi, wêryn't it Keizerryk Endor brûkt as thúsbasis foar de twadde Deadsstjer.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje                                     akteur/aktrise
Wicket Jim Henshaw; letter Denny Delk
Teebo Eric Peterson; letter James Cranna
Paploo Paul Chato
prinsesse Kneesaa a Jari Kintaka Cree Summer; letter Jeanne Reynolds
Latara Taborah Johnson; letter Sue Murphy
haadman Chirpa George Buza; letter Rick Cimino
medisynman Logray Doug Chamberlain


weromkearende byrollen
personaazje akteur/aktrise                                    
Deej (heit fan Wicket) Richard Donat
Shodu (mem fan Wicket) Nonnie Griffin; letter Esther Scott
Widdle "Willy" (âldere broer fan Wicket) John Stocker
Weechee (âldere broer fan Wicket) Greg Swanson
Asha (âldere suster fan Kneesaa) Paulina Gillis
Bozzie (mem fan Paploo) Pam Hyatt
Malani (jongere susters fan Teeboo) Alyson Court
Nippet (jongere suster fan Latara) Leanne Coppen
Wiley (jongere broer fan Latara) Michael Fantini
kening Gorneesh fan 'e Duloks Dan Hennessey; letter Cody Ryan
keninginne Urga fan 'e Duloks Melleny Brown
Umwak (de Dulok-sjamaan) Don Francks
Morag (in boasaardige Dulok-hekse) Jackie Burroughs

Seizoenen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 13 7 septimber 1985 30 novimber 1985 ABC
2 13 13 septimber 1986 13 desimber 1986

Thúsmedia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle ôfleverings fan Ewoks, op twa nei (The Three Lessons út seizoen 1 en Prow Beaten / Baga's Rival út seizoen 2) waarden yn 'e 1980-er en 1990-er jierren útbrocht op VHS-keapfideo. Yn 'e snuorje dat de Star Wars-prequeltrilogy makke waard, hie de produsint dêrfan, Rick McCallum, it tafersjoch oer twa direkt-op-fideo útbrochte kompilaasjefilms, dy't allebeide gearstald wiene út fjouwer ôfleverings fan Ewoks. De earste, mei as titel The Haunted Village ("It Doarp dêr't it Spûket"), kaam yn 1997 út op VHS en dvd en bestie út The Haunted Village, The Cries of the Trees, Rampage of the Phlogs en Sunstar vs. Shadowstone. De twadde, Tales from the Endor Woods ("Ferhalen út it Wâld fan Endor"), besteande út Wicket's Wagon, The Traveling Jindas, To Save Deej en Asha, ferskynde yn 2004 inkeld op dvd. Dy dvd omfette ek in werútjefte fan The Haunted Village, en hie dêrom in eigen titel: Star Wars: Animated Adventures – Ewoks. Fierders wie oan 'e dvd út 2004 ek in voice-over tafoege troch de folwoeksen Wicket, ynsprutsen troch Alex Lindsay.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens David Perlmutter, dy't de searje yn 2018 beskreau yn The Encyclopedia of American Animated Television Shows, wie Ewoks "sawol technysk as kreätyf ûnopmerklik." Oan 'e oare kant fûn er de searje better ûntwikkele as de sustersearje Star Wars: Droids. Yn 2016 skreau tillefyzjekritikus Liam Ross op 'e webside Screen Rant dat Ewoks makke waard yn in perioade doe't "de bazen by de tillefyzjestudio's gjin idee hiene wat in goede tekenfilmsearje foar bern" wie. Yn syn artikel ferliek er Ewoks datoangeande mei oare tekenfilmsearjes út dy tiid, lykas De Smurfen, Snorks en Care Bears, dy't er krektlyk ûntarikkend fûn. Op SyFy Wire skreau Phil Pirello yn 2021 dat Ewoks "mear in marketingset [wie] foar Lucasfilm as in útwreiding fan 'e mediafranchise dy't op himsels de muoite wurdich wie […]".

Plak bûten de Star Wars-kanon[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't The Walt Disney Company yn 2012 de filmstudio Lucasfilm oernommen hie, waard yn 2014 besletten om it almar úttynjende Star Wars-hielal danich by te snoeien, troch alle romans dy't der troch de jierren oer útkommen wiene, út 'e kanon te skrassen, en teffens alle tekenfilmsearjes fan foar 2008. Dat betsjut dat de foarfallen út Ewoks no net mear ta de Star Wars-kanon rekkene wurde, mar ynstee ta de apokrife Star Wars Legends hearre. Guon eleminten út 'e searje waarden lykwols letter reyntrodusearre yn 'e Star Wars-kanon.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)