Springe nei ynhâld

Manhattan Beach (Kalifornje)

Ut Wikipedy
Manhattan Beach
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County Los Angeles County
Sifers
Ynwennertal 35.183 (2019)
Oerflak 10,2 km² (ynkl. wetter)
10,19 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 3.449,3 / km²
Stêdekloft Los Angeles
Hichte 0–74 m
Oar
Stifting 1902
Tiidsône UTC –8
Simmertiid UTC –7
Koördinaten 33°53′20″N 118°24′19″W
Offisjele webside
www.citymb.info
Kaart
De lizzing fan Manhattan Beach yn Los Angeles County en yn 'e steat Kalifornje.

Manhattan Beach is in stêd yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje dy't ta de stêdekloft fan Los Angeles heart. It plak leit oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan, súdwestlik fan it sintrum fan Los Angeles. Mei Hermosa Beach en Redondo Beach is it ien fan 'e trije saneamde Beach Cities ("Strânstêden"). Neffens in offisjele skatting út 2019 hie Manhattan Beach doe goed 35.000 ynwenners.

Manhattan Beach leit oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan yn Súdlik Kalifornje, yn in krite dêr't de kustline fan it súdsúdeasten nei it noardnoardwesten rint. It meastepart fan it gebiet dêr't de stêd no stiet, bestie yn 'e njoggentjinde iuw noch út dunen. De stêd is dêr letter oerhinne boud, sadat de hichte frijwat ferskilt. It heechste dún, no eins in heuvel, riist op oant 74 m boppe seenivo, wat de bewenners fan 'e stêd in swiid útsjoch oer de see jout. It strân leit uteraard op seenivo. It grutste diel fan Manhattan Beach hâldt de midden wat tusken dy beide ekstremen, mei in hichte fan trochinoar 20 m boppe seenivo.

De Manhattan Beach Pier by sinne-ûndergong yn 'e hjerst.

Manhattan Beach hat in oerflak fan 10,2 km², wêrfan't oerflaktewetter mar 0,01 km² útmakket. It strân hat in lingte fan 3,4 km en is likernôch 120 m breed. Dat hat net altyd sa west. Oarspronklik bedroech de breedte fan it strân mar sa'n 45 m en rûn it steil op nei de dunen. Tusken 1938 en 1989 waard de breedte hast fertrijefâldige doe't grutte hoemannichten sân op 'e strannen noardlik fan Manhattan Beach pleatst waarden by de oanlis fan 'e Hyperion Treatment Plant yn Marina del Rey (in rioelwettersuveringsfabryk) en fan 'e enerzjysintrale Scattergood Power Plant. It sân waard dêr troch de see weislein en súdlik nei Manhattan Beach ta spield.

Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan Súdlik Kalifornje troch de blanken hearde de krite fan Manhattan Beach ta it wengebiet fan 'e Tongva, in Yndiaansk folk. Argeologyske fynsten yn it oanbuorjende Chowigna toane oan dat it gebiet al teminsten 7.100 jier bewenne wurdt. It Tongva-doarp Ongovanga lei wêr't no de oanbuorjende stêd Redondo Beach leit.

De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers dy't de krite fan Manhattan Beach oandiene, wiene yn 1769 de leden fan 'e Spaanske ekspedysje fan Gaspar de Portolá. Neitiid waard Kalifornje as besit fan 'e Spaanske Kroan en as ûnderdiel fan 'e Spaanske koloanje Nij-Spanje (it lettere Meksiko) beskôge. Yn 1784 joech de Spaanske Kroan de Rancho San Pedro wei oan 'e âld-soldaat Juan José Dominguez. Dêrby gie it om in gebiet fan 300 km², dat it grutste part fan it lân besloech dêr't tsjintwurdich de stêdekloft fan Los Angeles leit. Ek Manhattan Beach hearde dêrta.

Nei't Kalifornje troch de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch yn 1848 ûnderdiel fan 'e Feriene Steaten waard, wie de krite fan Manhattan Beach eigendom fan in Cornelio Avila. Dy syn erven ferkochten it gebiet yn 1863 oan 'e Skotske ymmigrant sir Robert Burnett, dy't der in ranch fêstige. Hy ferpachte dy yn 1873 oan in Kanadees, Daniel Freeman, wêrnei't er sels weromkearde nei Skotlân. Yn 1885 kocht Freeman de ranch fan Burnett oer.

In fytspaad oer it strân by Manhattan Beach, mei op 'e eftergrûn de Manhattan Beach Pier.

Trije jier letter, yn 1888, waard der in spoarline troch it gebiet oanlein. Dat late yn 1902 ta de fêstiging fan in delsetting, wêrfan't de namme beslist waard mei it opgoaien fan in munt. It plak kaam "Manhattan" te hjitten, nei de borough fan 'e stêd New York mei deselde namme. De tafoeging "Beach" ("Strân") waard yn 1927 oan 'e namme tafoege ûnder druk fan 'e Amerikaanske posterijen. Manhattan Beach (doe noch Manhattan) waard yn 1912 in gemeente.

De begoedige Afro-Amerikaanske famylje Bruce kocht neitiid lân oan yn Manhattan Beach en ûntwikkele dat ta it earste strânresort foar swarten yn Súdlik Kalifornje, Bruce's Beach. Yn 'e 1920-er jierren begûnen leden fan 'e Ku Klux Klan de besikers en eigners fan it resort op gewelddiedige wize lestich te fallen. De Bruces en fjouwer oare Afro-Amerikaanske famyljes dy't lân yn 'e krite kocht hiene, rekken har besit kwyt doe't de gemeentlike oerheid yn 1924 in ûnderhânsk juridysk optinksel brûkte om 'e grûn te ûnteigenjen, sabeare om't der in park oanlein wurde moast. Yn 2021 joech gûverneur fan Kalifornje Gavin Newsom opdracht om in proseduere te begjinnen dy't de neikommelingen fan 'e fiif famyljes har eigendom weromjaan soe.

De sândunen fan Manhattan Beach waarden yn 'e 1920-er en 1930-er jierren fierhinne igalisearre troch de Kuhn Brothers Construction Company. In hoemannichte oerstallich sân waard ferkocht en nei Hawaï ferfierd, dêr't it rotsige Waikiki Beach by Honolulu dermei feroare waard yn it foar toeristen sa oantreklike sânstrân dat it no is. In oar diel fan it sân waard brûkt foar it meitsjen fan semint foar de bou fan it Los Angeles Coliseum en de oanlis fan segminten fan 'e Pacific Coast Highway.

De Mira Costa High School, in middelbere skoalle dy't tsjinst dien hat as setting foar de opnamen foar de jeugdsearje Hannah Montana.

Foar de ekonomy fan Manhattan Beach is toerisme fan grut belang. Njonken it strân om te sinnebaaien en de see om te surfen en te swimmen is der datoangeande ek de Manhattan Beach Pier, in houten pier dy't in eintsje de see ynstiket.

De filmyndustry, dy't nei de foarstêden oerpuozzet út it oanbuorjende Los Angeles wei, is in oare wichtige ynkomsteboarne foar de stêd. Yn Manhattan Beach binne sênes opnommen foar û.o. de films Point Break (1991) mei Keanu Reeves, Jerry Maguire (1996) mei Tom Cruise en Renée Zellweger, Pirates of the Caribbean: The Curse of the Black Pearl (2003) mei Johnny Depp en Keira Knightley en Starsky and Hutch (2004) mei Owen Wilson en Ben Stiller. Ek foar tillefyzjesearjes as Hannah Montana, CSI: Miami en The O.C. is yn Manhattan Beach filme.

De MBS Media Campus (foarhinne de Manhattan Beach Studios, dêrfandinne "MBS") is in studiokompleks yn Manhattan Beach dêr't sûnt 1999 in protte films en tillefyzjesearjes opnommen binne, wêrûnder fan 2019 ôf de measte nije live-actionsearjes fan 'e Star Wars-franchise, lykas The Mandalorian, The Book of Boba Fett, Obi-Wan Kenobi, Ahsoka en Star Wars: Skeleton Crew.

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Manhattan Beach yn 2019 in befolking fan 35.183 minsken. De befolkingstichtens bedroech 3,449,3 minsken de km².

De befolkingsûntwikkeling fan Manhattan Beach is sûnt likernôch 1960 yn grutte halen stabyl bleaun.

jier 1920 1930 1940 1950 1960 1970 1980 1990 2000 2010
ynwenners 859 1.891 6.398 17.330 33.934 35.352 31.542 32.063 33.852 35.135

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Manhattan Beach 12,7% âlder as 65 jier en 24,8% jonger as 18 jier. Fierders bestie 25,8% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 3,4% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

Manhattan Beach by it fallen fan 'e nacht.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 79,3% blanken; 8,6% Aziaten; 6,9% Latino's; 0,8% swarten; 0,2% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 4,1% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Manhattan Beach hat in Mediterraan klimaat, mei oangenaam waarme simmers en mylde winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 23,6 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 18,3 °C. Manhattan Beach kriget jiers trochinoar 328 mm delslach, dy't as rein benammen yn it winterhealjier falt, yn 't bysûnder fan desimber oant en mei maart.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.