Jerry Maguire
Jerry Maguire | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Cameron Crowe | |
produsint | James L. Brooks Laurence Mark Cameron Crowe Richard Sakai | |
senario | Cameron Crowe | |
basearre op | libbensferhaal fan Leigh Steinberg | |
kamerarezjy | Janusz Kamiński | |
muzyk | Nancy Wilson | |
filmstudio | TriStar Pictures Gracie Films Vinyl Films | |
distribúsje | Sony Pictures Releasing | |
spilers | ||
haadrollen | Tom Cruise Renée Zellweger | |
byrollen | Cuba Gooding jr. Bonnie Hunt Regina King Jonathan Lipnicki Jay Mohr | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 13 desimber 1996 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske komeedzje en sportdrama | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 139 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $50 miljoen | |
opbringst | $273,6 miljoen | |
prizen | 1 × Oscar 1 × Golden Globe 1 × SAG Award 2 × Satellite Awards 1 × Empire Award |
Jerry Maguire is in Amerikaanske romantyske komeedzje en sportdramafilm út 1996 ûnder rezjy fan Cameron Crowe, mei yn 'e haadrollen Tom Cruise en Renée Zellweger. De titel is de namme fan 'e haadpersoan. De film waard ynspirearre troch it libbensferhaal fan Leigh Steinberg. It ferhaal folget sportmanager Jerry Maguire, dy't op in stuit beslút dat mear net altyd better is. Ien en oar liedt ta syn ûntslach, wêrnei't er fan al syn kliïnten mar ien oerhâldt. Underwilens rekket er behelle yn in ûnferwachtse romantyske relaasje mei boekhâldster Dorothy Boyd, in allinnichsteande mem mei in jonge soan. Jerry Maguire krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn in Oscar, in Golden Globe, in Screen Actors Guild Award, twa Satellite Awards, in Empire Award en ferskate oare prizen.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jerry Maguire is in glêde, moaipratende, 35-jierrige sportmanager foar it bedriuw Sports Management International (SMI), in soarte fan ympressariaat foar de sportwrâld, dat de belangen fan tûzenen Amerikaanske sporters behertiget. De gong fan saken by SMI befalt Maguire al in skoftke net mear, en yn in sliepeleaze nacht skriuwt er in bedriuwsopset fan fiifentweintich kantsjes, wêryn't er de finger leit op wat neffens him it probleem is mei SMI. Koartsein komt it hjir op del: it doel fan it bedriuw is om safolle mooglik jild binnen te swyljen, wylst it der neffens Maguire om gean moatte soe om hieltyd de bêste kar te meitsjen foar de sporters. Dat soe berikt wurde kinne troch minder kliïnten per manager te hawwen en mear tiid te besteegjen oan eltse yndividuële kliïnt. Maguire giet nei in copyshop dy't nachts iepen is, lit syn dokumint inkele tsientallen kearen kopiëarje en ferstjoert de kopyen nei syn kollega's en de liedingjaanden fan SMI.
Nei't er yn it úteintsje fan 'e nacht noch in pear oerkes sliept hat, sjocht Maguire de oare moarns syn nachtlike ideeën yn in hiel oar ljocht. Hy beseft dat se wolris net sa goed falle kinne soene by SMI. Op syn wurk kriget er byfal fan syn kollega's, dy't it tige by tige dapper (en stom) fine wat er dien hat. Wylst se him skouderklopkes jouwe, freegje se inoar hoelang't it duorje sil foar't Maguire ûntslein wurdt. Dat duorret net lang, sa docht bliken. Bob Sugar, in sportmanager dy't troch Maguire sels oplaat is, wurdt stjoerd om him dien te jaan.
Fuort dêrnei skillet Maguire al syn kliïnten op om harren te bepraten om by him te bliuwen ynstee fan by SMI, wylst Sugar itselde docht mei in tsjinsteld boadskip. De sprong yn it ûngewisse nei in selsstannige sportmanager sûnder it gewicht fan in grut bedriuw efter him is foar Maguire syn measte kliïnten tefolle frege. Se kieze derfoar om nei in oare sportmanager by SMI oer te stappen. Inkeld Rod Tidwell, in Amerikaansk fuotbalspiler by de Arizona Cardinals dy't ûntefreden is oer syn kontrakt, beslút by him te bliuwen. Ta dy beslissing komt er pas nei in tige lang tillefoanpetear wêryn't er it trochsettingsfermogen fan Maguire op 'e proef stelt. Yn 'e tuskentiid hat Sugar alle tiid om 'e rest fan Maguire syn kliïnten yn te palmjen.
As er oan 'e ein fan 'e dei it kantoar fan SMI foargoed ferlit, kundiget Maguire oan dat er syn eigen sportmanagementburo oprjochtsje sil en freget er syn kollega's oft immen fan harren mei him yn see gean wol. It bliuwt izige stil, en syn eigen sekretaresse, fan wa't er oannommen hie dat dy mei him gean soe, kiest der sels foar om by SMI te bliuwen. As er lykme allinne ôfdrosse liket te moatten, springt boekhâldster Dorothy Boyd ynienen oerein, dy't temûk fereale op Maguire is. Hja is in 26-jierrige allinnichsteande mem dy't by har âldere suster Laurel ynwennet mei in jonge soan, Ray, dy't oanhelle is mei slimme allergyen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De oare deis kriget Maguire it nijs dat Frank "Cush" Cushman ek by him bliuwt. Dat is in stjerspiler fan Amerikaansk fuotbal dy't dit jiers ferwachtet om 'e earste te wêzen dy't keazen wurdt by de NFL Draft. Nei't er frijwat wurk foar Cush ferset hat, docht lykwols de jûns foarôfgeande oan 'e Draft bliken dat Cush syn heit Matt, dy't syn saken regelet, efter Maguire syn rêch om ta oerienstimming kommen is mei Sugar. Dyselde jûns ferbrekt Maguire nei in rûzje de relaasje mei syn ferloofde Avery, dy't tige ûntefreden is oer hokker kant it mei Maguire útgiet. Om't er ien is dy't net allinne wêze kin, bejout er him yn beskonken steat nei it hûs fan Dorothy, dêr't er harren wurkrelaasje yn ûnstjoer en Dorothy sels yn betizing bringt as er har op 'e mûle tutet en har boarsten betaast en dêrnei daliks syn djippe ûntskuldigings oanbiedt.
Nettsjinsteande al Tidwell syn talinten slagget it Maguire net om him in better kontrakt foar it nije sportseizoen te besoargjen. It oanbod dêr't de Arizona Cardinals mei komme, wiist Tidwell op oanrieden fan syn frou Marcee ôf. Ynstee beslút er dan mar kontraktfrij it nije seizoen yn te gean. Maguire warskôget him dat er dan, as er blessearre rekket, op slach sûnder ynkommen sitte sil, mar Tidwell beslút troch te setten.
Underwilens fynt de seksuele spanning tusken Maguire en Dorothy úteinlik ûntlading nei't se op in jûn in 'wurkoerlis' (gjin ôfspraakje) yn in restaurant hân hawwe, en dy nachts mei-inoar op bêd bedarje. De oare moarns heart Maguire Dorothy tsjin har suster Laurel sizzen dat se fan him hâldt. Dêr skrikt er wol fan, want hoewol't er net allinne wêze kin, is er ek oanhelle mei biningseangst. Dat hoewol't er geweldich omgean kin mei Ray, ferrint de fierdere relaasje mei Dorothy frijwat stroef. Mei't it mei it sportmanagementburo op 'e non liket te rinnen, beslút Dorothy it oanbod fan in baan yn San Diego oan te nimmen. Wylst de ferhúswein al ynladen is, wit Maguire him der einlings en te'n lêsten ta te bringen om har te freegjen om mei him te trouwen. Se jout him entûsjast tawurd, mar begjint suver daliks nei de brulloft al te fermoedzjen dat er har frege hat om't er him dêrta ferplichte fielde, en net om't er echt fan har hold. It houlik rekket stadich fierder yn it neigean, oant it úteinlik útrint op wat yn 'e praktyk delkomt op in skieding fan tafel en bêd.
Maguire rjochtet no al syn ynspannings op Tidwell, dy't syn iennichste kliïnt is en tige dreech tefreden te stellen blykt te wêzen. Hoewol't de beide mannen oer in perioade fan ferskate moannen befreone reitsje, begjinne se ek almar hurdere krityk opinoar te jaan, mei't freonen inoar de wierheid sizze. Tidwell fynt it healwiis hoe't Maguire Dorothy behannelet, en stekt dy miening net ûnder stuollen of banken. Dêrnjonken fynt er dat Maguire net hurd genôch syn bêst docht om him in nij kontrakt te besoargjen. Maguire, op syn beurt, wiist derop dat Tidwell him hâldt en draacht as in sjegrinige seurpyt, dy't inkeld sport beoefenet om it jild en net om 'e leafde foar de sport. Op it fjild hat er ien en al krityk op syn mei-spilers, dy't him net oanspylje, of oanspylje as er net de juste posysje hat, of net goed genôch har bêst dogge. Dêrmei is er net in sympatyk spiler foar de fans en dus ek net botte populêr. Neffens Maguire kin Tidwell better ris nei himsels sjen en syn ynspiraasje weromfine, sadat er dêrmei oaren ynspirearje kin. De hurde wurden rinne út op rûzje, mar de beide mannen lizze it skeel wer by.
Uteinlik nimt Tidwell him de krityk fan Maguire nei, en yn in wedstryd tusken de Arizona Cardinals en de Dallas Cowboys is it oan syn ynset en trochsettingsfermogen te tankjen dat de Cardinals yn 'e running bliuwe foar de kampioenstitel. De Cardinals winne de wedstryd om't Tidwell it beslissende punt skoart, mar wylst it fluitsinjaal klinkt, wurdt er omrûn troch twa spilers fan 'e Cowboys. Hy komt net wer oerein, en Maguire, dy't yn it stadion oanwêzich is, en Marcee en Tidwell syn famylje, dy't thús foar de tillefyzje sitte, meitsje wat bange mominten troch foar't bliken docht dat er inkeld eefkes bewusteleas rekke is en dêr fierders neat fan oprûn hat. Nei't er wer bykommen is, dûnset er om 'e oerwinning te fieren foar de wyld jûchheiende Cardinals-fans. As er dûst en him ferklaaid hat, omearmet er Maguire foar it each fan 'e kamera's by de doar fan 'e klaaikeamer. It wurdt eltsenien dúdlik dat se gjin poer saaklike relaasje mear hawwe, wat persiis ien fan 'e punten wie dy't Maguire yn syn bedriuwsopset foarsteld hie.
Wylst Tidwell oan 'e tillefoan hinget mei syn frou Marcee, kriget Maguire ynienen foar it ferstân hoe't in houlik heart te funksjonearjen. Hy set op slach ôf en fljocht werom nei hûs. Yn 'e wenkeamer, foar it each fan Laurel en de leden fan har praatgroep foar ferbittere skieden froulju, ferklearret er Dorothy yn stammerjende bewurdings syn leafde, ôfslutend mei de wurden "Do makkest my kompleet." Dorothy fertelt him: "Ik wie al om doe'tst 'hoi' seidest." Se tútsje en fermoedsoenje har mei-inoar.
Letter is Tidwell te gast yn it sportpraatprogramma fan Roy Firestone, dy't derom bekend stiet dat er al syn gasten oan it gûlen krije kin. Firestone hellet alderhanne drôve ferhalen op út Tidwell syn ferline, mar it slagget him net om Tidwell gûle te litten. As er lykwols bekend makket dat Maguire foar him in nij kontrakt ter wearde fan $11,2 miljoen loskrigen hat by de Arizona Cardinals, moat Tidwell dochs eefkes in trientsje fuortpinke. Tidwell beëiniget it fraachpetear troch eltsenien te betankjen dy't him holpen hat syn súkses te berikken, ûnder wa ek Jerry Maguire. Dyselde is ûnderwilens yn petear mei ferskate oare sporters dy't wolle dat hy foar harren itselde docht as wat er foar Tidwell dien hat.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Jerry Maguire | Tom Cruise |
Dorothy Boyd | Renée Zellweger |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Rod Tidwell | Cuba Gooding jr. |
Laurel Boyd | Bonnie Hunt |
Marcee Tidwell | Regina King |
Ray Boyd | Jonathan Lipnicki |
Bob Sugar | Jay Mohr |
Avery Bishop | Kelly Preston |
Matt Cushman | Beau Bridges |
Frank "Cush" Cushman | Jerry O'Connell |
Chad | Todd Louiso |
Dicky Fox | Jared Jussim |
Teepee Tidwell | Aries Spears |
Tyson Tidwell | Jeremy Suarez |
Ethan Valhere | Eric Stoltz |
Kathy Sanders | Angela Goethals |
Roy Firestone | himsels |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jerry Maguire waard regissearre troch Cameron Crowe nei in senario dat er sels skreaun hie en dat basearre wie op it libbensferhaal fan sportmanager Leigh Steinberg. Dyselde wie as adviseur by de produksje belutsen. As produsinten wiene Crowe, James L. Brooks, Laurence Mark en Richard Sakai yn it projekt behelle foar de filmstudio's TriStar Pictures, Gracie Films en Vinyl Films. Foar de film wie in budget beskikber fan $50 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Janusz Kamiński, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Nancy Wilson. De opnamen foar Jerry Maguire fûnen yn 1996 yn Kalifornje, New York (steat) en Arizona plak.
Casting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cameron Crowe skreau de rol fan Jerry Maguire oarspronklik mei akteur Tom Hanks yn 'e efterholle, mar it duorre sa lang ear't it skript perfeksjonearre wie, dat er Hanks tsjin dy tiid te âld fûn. Dêrom waard Tom Cruise frege. Patricia Arquette, Kate Beckinsale, Bridget Fonda, Winona Ryder en Marisa Tomei waarden allegear yn omtinken nommen foar de rol fan Dorothy Boyd, foar't de kar úteinlik op Renée Zellweger foel. Diane Lane makke gading foar de rol fan Maguire syn ferloofde Avery Bishop, dy't nei Kelly Preston gie. Sjongster Janet Jackson die audysje foar de rol fan Marcee Tidwell en wie dêr ek foar útornearre, mar waard letter dochs ferfongen troch Regina King.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Jerry Maguire waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing. De film gie op 13 desimber 1996 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Jerry Maguire kaam op 29 maaie 1997 út as VHS-keapfideo. De film ferskynde op 24 juny 1997 foar it earst op dvd en op 9 septimber 2008 foar it earst op blu-ray.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Jerry Maguire oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 3 fan 4 stjerren. Yn it tydskrift Variety priizge Todd McCarthy it senario fan Cameron Crowe en it aktearjen fan 'e cast. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Jerry Maguire in heech goedkarringspersintaazje fan 83%, basearre op 84 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Ferankere troch tûzelsinnich meitsjende aktearprestaasjes fan Tom Cruise, Cuba Gooding jr. en Renée Zellweger, en teffens troch de lichtfuottige rezjy fan Cameron Crowe, fermingt Jerry Maguire romantyk en sport op knaphandige wize." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Jerry Maguire in goedkarringspersintaazje fan 77%, basearre op 28 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jerry Maguire brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $154,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $119,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $273,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $50 miljoen betsjut dat in winst fan $232,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Jerry Maguire de op acht nei meast opbringende film fan 1996.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2017 waard Jerry Maguire by de Oscars nominearre foar prizen yn fiif kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste akteur (Tom Cruise), bêste orizjinele senario (Cameron Crowe) en bêste filmmontaazje (Joe Hutshing). De film wûn de Oscar foar bêste byrol fan in akteur foar Cuba Gooding jr. as Rod Tidwell. Dat selde jiers waard Jerry Maguire by de Golden Globes nominearre foar trije prizen, wêrûnder bêste film (musical of komeedzje) en bêste bryrol fan in akteur (Cuba Gooding jr.). De film wûn de Golden Globe foar bêste akteur foar Tom Cruise yn 'e titelrol. (Yn 2021 joech Cruise dy priis werom om't de leden fan 'e Hollywood Foreign Press Association, de organisaasje dy't de útrikking fan 'e Golden Globes beävensearret, net rasiaal ferskaat genôch wêze soene.)
Jerry Maguire waard ek nominearre foar trije Screen Actors Guild Awards en wûn de priis foar bêste byrol fan in akteur (Gooding). Fierders wiene der trije nominaasjes foar Satellite Awards, wêrfan't Jerry Maguire de prizen wûn foar bêste akteur (Cruise) en bêste byrol fan in akteur (Gooding). De film wûn fierders trije Critics' Choice Awards: Gooding foar bêste byrol fan in akteur, Renée Zellweger foar bêste trochbraak fan in akteur en Jonathan Lipnicki foar bêste aktearprestaasje fan in berne-akteur. Lipnicki wûn ek in Young Artist Award foar bêste aktearprestaasje fan in akteur fan tsien jier of jonger yn in spylfilm.
Fan 'e trije nominaasjes foar MTV Movie Awards wûn Jerry Maguire de priis foar bêste akteur (Cruise). De film sleepte ek de priis foar favorite dramafilm yn 'e wacht by de People's Choice Awards. Cameron Crowe ûntfong in Britske Empire Award foar bêste rezjy, wylst Nancy Wilson in ASCAP Film and Television Music Award krige foar de soundtrack. Cuba Gooding jr. waard in NAACP Image Award takend foar treflike akteur yn in spylfilm.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |