Springe nei ynhâld

Wilhuff Tarkin

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Grut-moff Tarkin)
Wilhuff Tarkin
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt militêr
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Darth Vader
keizer Palpatine
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1976

Wilhuff Tarkin, better bekend as grut-moff Tarkin, is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan George Lucas. Hy is in gûverneur, admiraal en fertrouling fan 'e boasaardige keizer Palpatine, dy't spile waard troch Peter Cushing yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977). It personaazje fan Tarkin waard eins yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Yn 2014 waard de roman Star Wars: Tarkin publisearre, skreaun troch James Luceno, dy't spesifyk yngiet op 'e eftergrûn fan it personaazje.

De rol fan grut-moff Tarkin waard yn 'e earste Star Wars-film, Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), spile troch de Ingelske akteur Peter Cushing. Jierren letter joech dyselde yn in fraachpetear ta dat er winliken noch net iens wist wat in "grut-moff" no eins wie (in oppersektorgûverneur), mar dat it klonk as "eat dat út in kleankast fleanen komt". Nettsjinsteande dat besleat er Tarkin te spyljen as "in tige lulk en ûnoangenaam hearskip".

Yn 'e film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005), it trêde diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, waard de rol oernommen troch Wayne Pygram, dy't troch it brûken fan gesichtsprotezes fertsjustermoanne mei fisazjy op Cushing kaam te lykjen. Yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story (2016) waard de rol spile troch Guy Henry, dy't war die om safolle mooglik de lichemsbeweging en manierkes fan 'e ûnderwilens ferstoarne Cushing nei te bearen. Yn 'e postproduksje waard troch special effects it gesicht fan Cushing oer sines hinne plakt. By dat proses wiene de erven Cushing yngeand belutsen. Nettsjinsteande dat waarden der nei it útkommen fan 'e film fragen steld oer de etyk fan it brûken fan 'e likenis fan in ferstoarne akteur.

Tarkin komt ek foar yn 'e tekenfilmsearjes Star Wars: The Clone Wars, Star Wars: Rebels en Star Wars: The Bad Batch, dêr't syn dialooch ynsprutsen waard troch Stephen Stanton. Dyselde die de earste kear, foar Star Wars: The Clone Wars, yngeand foarûndersyk nei Cushing syn aktearjen en besocht doe nei te bearen hoe't Cushing yn syn rol as Tarkin ierder yn syn libben klonken hawwe soe.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grut-moff Tarkin is benammen bekend út 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope. Dêryn is er de kommandant fan 'e earste Deadsstjer. Hy en Darth Vader krije fan keizer Palpatine de opdracht en weef ôf mei it Rebelleferbûn. Vader bringt de finzen nommen senator en prinsesse Leia Organa oan board fan 'e Deadsstjer en lit har martelje om har oer de lokaasje fan it haadkertier fan 'e rebellen oan it praten te krijen. As dat net helpt, driget Tarkin om 'e Deadsstjer, dy't behalven in reuseftich romtestasjon ek in massaferneatigingswapen is, yn te setten tsjin har thúswrâld Alderaan. Leia neamt dan in lokaasje op 'e planeet Dantooine. Nettsjinsteande dat lit Tarkin Alderaan likegoed ferneatigje, mei as bedoeling om in foarbyld te stellen fan wat stipe oan 'e rebellen te wei bringt. As er letter heart dat op Dantooine inkeld in ferlitten rebellebasis oantroffen is, jout er opdracht om Leia te eksekutearjen.

Dat komt der lykwols net fan, om't Jedi-master Obi-Wan Kenobi, syn jonge learling Luke Skywalker en de smokkelders Han Solo en Chewbacca de Deadsstjer witte te ynfiltrearjen. Tarkin, dy't harren troch hat, stiet ta dat se mei de befrijde prinsesse Leia ûntkomme, nei't er Han syn romteskip, de Millennium Falcon, foarsjoen hat fan in folchstjoerderke. Mei't Leia de oaren nei de basis fan 'e rebellen ta liedt, slagget it Tarkin sa dochs noch om út te finen wat er witte woe. Hy jout opdracht om 'e moanne Yavin-IV, dêr't de basis fêstige is, troch ynset fan 'e Deadsstjer te ferneatigjen. Nettsjinsteande dat er warskôge wurdt dat de rebellen beskikke oer de stellen blaudrukken fan it romtstasjon, wegeret er te leauwen dat de Deadsstjer kwetsber is foar in oanfal mei X-wjukjagers en Y-wjukjager-bommesmiters. Hy wiist it dan ek ôf as him oanret wurdt himsels yn feilichheid te bringen. As Luke it lykwols oprêdt om mei in presysjeskot in eksplosyf yn 'e útlaat fan 'e reäktorkearn te krijen, liedt in keatlingreäksje ta de ûntploffing fan 'e Deadsstjer, wêrby't Tarkin en alle oare bemanningsleden omkomme.

Yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith hat Tarkin mar in cameo, wêrby't er oan 'e ein fan 'e film mei Darth Vader en keizer Palpatine tasjocht as de bou fan 'e Deadsstjer úteinset. Yn Rogue One: A Star Wars Story, wêrfan't de foarfallen krekt foàr dy yn A New Hope spylje, nimt Tarkin it befel oer de Deadsstjer oer fan Orson Krennic, dy't de lieding oer de bou fan it romtestasjon hie. Letter, as er berjocht kriget fan in wraam fan 'e rebellen op 'e Keizerlike sitadel op 'e planeet Scarif, dêr't de blaudrukken fan 'e Deadsstjer bewarre wurde, reizget er dêr mei it romtestasjon hinne en set it superlaserkanon fan 'e Deadsstjer yn om 'e sitadel te ferneatigjen. Dêrmei deadet er alle Keizerlike militêren dêre en teffens in kommando-ienheid fan 'e rebellen, mar de blaudrukken binne dan troch de kommando's al trochstjoerd nei bûnsgenoaten yn 'e romte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono