Sarkasme
Appearance
Mei sarkasme (fan it Grykske σαρκάζω (sarkádzoo) = 'earne fleis fan ôf skuorre') wurdt bitende spot bedoeld. It is in skerpe, agressive stylfiguer. It is altyd in oanfal op in persoan, in tastân of in utering. Sarkasme kin soms humoristysk wêze, mar it is ek altyd in oanfal.
Sarkasme foar irony oer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sarkasme kin in foarm fan irony wêze, mar de beide wurden betsjutte net itselde. Irony wol sizze dat der in kontrast is tusken dat wat der sein wurdt en dat wat der bedoeld wurdt. Mei oare wurden: it tsjinoerstelde fan wat der bedoeld wurdt, wurdt sein. At irony agressyf is, dan kin de irony sarkastysk wêze. Oarsom formulearre: sarkasme makket faak gebrûk fan irony, en kin dêrom sjoen wurde as in bitende foarm fan irony.