Springe nei ynhâld

Chagrianen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Champala)
In Chagriaan.

Chagrianen (inkeltal: Chagriaan; útspr.: [ʧaɡriˈaːn], likernôch: "tsja-gri-aan") binne in fiktyf ras fan humanoïde bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise. It binne amfibyen dy't ôfkomstich binne fan 'e planeet Champala. De binêre stjer dêr't Champala omhinne sirkelet, jout sa'n radio-aktive strieling ôf dat minsken der net lang oerlibje kinne soene. De Chagrianen hawwe lykwols in blauwe hûd mei it fermogen om radio-aktive strieling te filterjen. Harren swit is grien fan kleur. Harren taal is it Chagri.

Chagrianen lykje fierders sterk op minsken, mei twa earms, twa skonken, fiif fingers en teannen oan 'e hannen en fuotten, en in holle mei de eagen, noas en mûle op it wenstige plak. Ek hawwe Chagrianen, krekt as minsken twa geslachten, manlik en froulik. Harren lichemslingte bedraacht trochinoar 2 m. Njonken de blauwe hûd wurdt it wichtichste ôfwikende lichemsskaaimerk fan Chagrianen foarme troch harren hoarnen. Manlju hawwe fjouwer hoarnen, wêrûnder twa saneamde 'lithoarnen' fan 20 oant 25 sm dy't boppe-op 'e holle rjocht omheech stekke. De oare beide, dy't hast dûbel sa lang binne, hingje oer de boarstkas omleech oan tentakels dy't oan 'e sydkant fan 'e holle groeie, likernôch wêr't by minsken de earen sitte. Froulju hawwe mar twa hoarnen en misse de lithoarnen op 'e holle, dy't evoluëarre binne om mei te fjochtsjen om froulju. Hoewol't sokke gefjochten al lang ferbean binne, besteegje Chagriaanske manlju withoefolle tiid oan 'e fersoarging fan har lithoarnen, dy't no statussymboalen wurden binne.

Chagrianen libje yn 'e útstrutsen tijsônes fan 'e oseänen op Champala. Se begjinne har libben mei in larvaal stadium (ferlykber mei kikkertsfiskjes), nei't se by twaen of trijen útkommen binne út klútsjes aaien. As larve hawwe se in lingte fan trochinoar 30 sm en hawwe se in folslein akwatyske libbenswize. Tsjintwurdich is it wenst dat larven yn in ôfsletten wetterbak yn 'e wente fan harren âldelju holden wurde, en net mear bleat steane oan 'e gefaren fan 'e iepen see. Neigeraden dat se folwoeksen wurde, begjinne se earms en skonken te ûntjaan en teffens longen om lucht te sykheljen. Pas as dy lichemsdielen folslein ûntwikkele binne, kinne Chagrianen op lân oerlibje. As se alle skaaimerken fan larven ferlern hawwe, wurde se ornearre fysyk folwoeksen te wêzen.

Chagrianen ferlieze lykwols net harren fermogen om ûnder wetter te sykheljen. Dat betsjut dat se langere tiid (moannen of sels jierren) ûnder wetter ferbliuwe kinne sûnder dat se dêr in sprút minder fan wurde. Chagrianen binne sadwaande treflike swimmers. Fanwegen de bleatstelling oan 'e sâlte seeën op harren thúswrâld Champala kinne se lykwols hast neat oars as sâlt priuwe en hawwe se dus in tige min ûntwikkele smaakfermogen. Dêrfandinne dat by harren de tonge him ûntjûn hat om 'e rooksin te ûnderstypjen ynstee fan 'e smaak. As se wat nijs rûke, stekke Chagrianen dêrom gauris de tonge fluch in pear kear út. Fanwegen harren gebrek oan smaak beskôgje Chagrianen iten as in ferfelend ûngemak dat sa fluch en effisjint mooglik ôfhannele wurde moat. Dingen as diners en buffetten binne folslein ûnbegryplik foar harren.

De dramatyske tijferskillen, ymposante natoerskientme, waarme temperatueren en feilige sitewaasje op Champala makke dat de planeet al ier in populêre fakânsjebestimming foar rike toeristen út 'e Kearnwrâlden waard. De mondiale ekonomy spile dêrop yn en meitiid waarden de Chagrianen tige wolfarrend. Under it Galaktysk Keizerryk waard Champala beset troch Keizerlike troepen. De ienris ûnoantaaste seeën fan Champala rekken dêrnei al rillegau fersmoarge troch mynbou en swiere yndustry. Dat dreau in protte Chagrianen yn 'e earms fan it Rebelleferbûn. Foar de rebellen wiene de Chagrianen fan ûnskatbere wearde foar de striid op wetterwrâlden lykas Mon Cala.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin