Springe nei ynhâld

Sabotaazje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sabotearje)
Japanske saakkundigen ynspektearje de skea dy't yn septimber 1931 by it Mukden-ynsidint opsetlik tabrocht is oan in spoarline, in barren dat liede soe ta de Japanske ynfal yn Mantsjoerije.

Sabotaazje is in opsetlike die mei as doel de posysje fan 'e tsjinstanner of fijân te ferswakjen. Dêrby wurdt besocht troch it tapassen fan behinderings, fersteurings en/of fernielings de besteande oarder skea ta te bringen. De term komt fan it Frânske sabotage, dat weromgiet op 'e grutte stakings fan 1886 yn it Waalske yndustrybekken om Luik hinne. Yn dy tiid droegen de arbeiders swiere klompen, mei't sok fuotark ek tsjinne as feilichheidsskuon. Doe't der in heechoprinnend arbeidskonflikt ûntstie (dêr't úteinlik tsientallen wurknimmers de dea by fûnen), smieten de arbeiders in klomp (Frânsk: sabot) tusken de rêden fan 'e masines yn 'e fabriken om 'e produksje stil te lizzen en de ynset fan stakingsbrekkers sinleas te meitsjen. In oare útlis fan it wurd is dat Belgyske spoarweiarbeiders by de grutte staking fan 1905 de spoarrails ûntdiene fan 'e keppelplaten dêr't se mei fêstmakke wiene, dy't yn it Frânsk sabots hieten.

Yn tiden fan oarloch wurdt de term 'sabotaazje' benammen brûkt om 'e ta skansearring of ferneatiging fan essinsjele fasiliteiten liedende aktiviteiten te omskriuwen fan in yndividu of in groep lju dy't net ûnderdiel útmakket fan it geregelde leger. Yn 'e Nederlânske kontekst giet it dan al rillegau oer de aksjes fan it ferset yn 'e Twadde Wrâldoarloch, dat besocht de doelen en foarsjennings fan 'e nazy-Dútske besettingsmacht te ûndergraven. Ien fan 'e bekendste sabotaazje-aksjes út 'e Twadde Wrâldoarloch wie de swierwettersabotaazje, wêrby't it Noarske ferset de plannen fan 'e nazys om in atoombom te produsearjen sadanich behindere dat dy jierren fertraging oprûnen. By sabotaazje-aksjes kinne behalven fitale fasiliteiten, lykas fabriken, keardammen, publike tsjinsten of opslachplakken foar wichtige foarrieden, ek persoanen it doelwyt wêze dy't in krúsjale rol ferfolje binnen de fijannige organisaasjestruktuer. Troch de partij dêr't de sabotaazje tsjin rjochte is, wurde sokke aksjes yn 'e regel útlein as in foarm fan terrorisme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.