Ingelân: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
2 bytes grutter ,  8 moannen lyn
L
Der is mar ien Stêd Rome.
L (→‎Ingelske literatuer: Keppeling nei It Paradys Ferlern trochfierd)
Lebel: Al weromset
L (Der is mar ien Stêd Rome.)
 
===Aldheid===
Krekt as oare regio's oan 'e râne fan it [[Romeinske Ryk]] ûnderhold Ingelân al lang [[hannel]]sbetrekkings mei de [[Romeinen (folk)|Romeinen]]. De Ingelske rykdom oan [[grûnstof]]fen brocht [[Julius Caesar]] derta om yn [[55 f.Kr.]] [[Romeinske ynvaazjes fan Brittanje troch Julius Caesar|twaris om 'e nocht te besykjen en feroverje it lân]], dat de Romeinen [[Brittanje]] neamden. Yn [[43]] (n.Kr.) ûndernaamdie de Romeinske [[keizer]] [[Klaudius]] in nije ynvaazje, en oars as Caesar wistbrocht hyer it grutste partmeastepart fan Grut-Brittanje [[Romeinske ferovering fan Brittanje|ûnder Romeinsk bestjoer te bringen]]. Allinnich Skotlân (of [[Kaledoanje]], sa't de Romeinen seine) bleau bûten it Romeinske Ryk. Oan 'e noardgrins fan it grochtroch de Romeinen behearske diel fan it eilân waardwaarden letter de [[Muorre fan Hadrianus]] en de [[Muorre fan Antoninus]] boud om ynfallen troch de Kaledoanyske stammen tsjin te gean.
 
Ingelân waard nei de ferovering yn it [[Romeinske Ryk]] opnommen as de [[provinsje Brittanje]], nettsjinsteande fûleindige wjerstân troch guon Keltyske stammen, wêrfan't de [[Katûvellauny]], oanfierd troch [[Karatakus]], it bekendst waarden. Tusken [[59]] en [[61]] wisten de Kelten by [[Opstân fan Bûdika|in opstân]] ûnder lieding fan [[Bûdika]], de [[keninginne]] fan 'e [[Iseny]], in grut part fan Ingelân op 'e Romeinen te weroverjen, oant se ferslein waarden yn 'e [[Slach by Watling Street]]. Neitiid waard de [[Gryksk-Romeinske kultuer]] de lânseigen Keltyske kultuer yn Ingelân oermânsk troch de yntroduksje fan 'e Romeinske [[wet]], Romeinske [[arsjitektuer]], [[akwadukt]]en, [[rioel]]en, [[agrarysk]]e fernijings en [[side (stof)|side]]. Yn 'e [[trêde iuw]] kaam keizer [[Septimius Sevearus]] te [[Eborakum]] (it hjoeddeistige [[York (Ingelân)|York]]) te ferstjerren, wêrnei't syn opfolger [[Konstantyn de Grutte]] dêr ta keizer útroppen waard.
 
===Godstsjinst===
Neffens gegevens fan 'e Britske [[folkstelling]] fan [[2011]] bestie doe 59,4% fan 'e Ingelske befolking út [[kristendom|kristenen]]. Sûnt de [[Ingelske Reformaasje]] fan [[1530]]-er jierren is de [[Tsjerke fan Ingelân]], ek wol bekend as de Anglikaanske Tsjerke, de [[steatstsjerke]] fan it lân. Dat is in [[tsjerke|tsjerkgenoatskip]] dat op it mêd fan [[liturgy]] en [[dogmatyk]] sterk op 'e [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] liket, mar net it gesach fan 'e [[paus]] fan [[Rome (stêd)|Rome]] erkent en by de tiid lâns ferskate oare modernisearrings trochfierd hat dêr't de Roomsk-Katolike Tsjerke net oan wol, lykas de ôfskaffing fan it [[selibaat]] foar [[preester]]s en de talitting fan [[froulju]] ta it [[preester]]amt. De Tsjerke fan Ingelân sjocht himsels dêrom formeel as [[katolisisme|katolyk]] èn [[protestantisme|protestantsk]], mar ornaris wurdt it troch bûtensteanders dochs foar in protestantsk tsjerkgenoatskip oanmurken. It [[seremoanje|seremoniële]] haad fan 'e Tsjerke fan Ingelân is de [[Britske monarch]], mar it deistich [[bestjoer]] is yn 'e hannen fan 'e [[aartsbiskop]] fan [[Canterbury]].
[[File:Skiifdiagram Befolking Ingelân nei Religy (2011).PNG|left|thumb|300px| In skiifdiagram fan 'e Ingelske [[befolking]] nei [[religy]] ([[2011]]).]]
 
4.655

bewurkings

Navigaasjemenu