Carnwennen

Ut Wikipedy

Carnwennen of Carnwennan (Welsk: Carnwenhau, wat "Wyt Hânseltsje" betsjut) is de mytyske dagge fan kening Arthur, dy't neamd wurdt yn ferskate Welske Arthurleginden. Dêryn wurde oan dit wapen soms magyske krêften taskreaun, wêrûnder it fermogen om syn brûker yn skaden te klaaien en sa te kamûflearjen. Yn it ferhaal Culhwch en Olwen neamt Arthur Carnwennen as ien fan 'e mar in pear dingen op 'e wrâld dy't er Culhwch net as geskink jaan wol. Letter brûkt Arthur de dagge om 'e Tige Swarte Heks Orddu, de dochter fan Orwen, te deadzjen troch har midstwa te snijen.

Yn 'e Welske Triaden wurdt Carnwennen mei Arthur syn swurd Caledfwlch (Excalibur) en syn spear Rhongomiant neamd as hillige wapens dy't him troch God skonken binne. Carnwennen komt útslutend foar yn 'e Welske tradysje. Yn 'e Historia Regum Brittanniae, fan Geoffrey fan Monmouth, wurde inkeld it swurd Caliburn (Excalibur) en de spear Ron neamd. Sir Thomas Malory neamt yn syn Le Morte d'Arthur wol in dagge wêrmei't Arthur in reus deadet, mar jout dat wapen gjin namme.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.