Jeropeeske Ekonomyske Mienskip

Ut Wikipedy
EEM fan 1957 oant 1993

De Europeeske Ekonomyske Mienskip (EEM) is oprjochte op 1 jannewaris 1958, doe’t it Ferdrach fan Rome fan krêft waard. Dat ferdrach wie op 25 maart 1957 tekene troch Belgje, de West-Dútslân, Frankryk, Itaalje, Lúksemboarch en Nederlân.

De EEM wie de grûnslach fan de hjoeddeistige Europeeske Uny. Binnen de EEM waard in mienskiplike merk foarme. It EEM-ferdrach omfieme bepalingen oangeande lânbou, transportmooglikheden en ekonomyske relaasjes mei net-leden. Letter soenen ek kapitaal en arbeidskrêften diel útmeitsje fan de mienskiplike merk.

By it Ferdrach fan Rome waard ek de Jeropeeske Atoomenerzjy Mienskip (ek wol bekend as Euratom) oprjochte. Yn 1951 wie al de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel oprjochte. De trije organisaasjes krigen yn 1967 mei-inoar ien Kommisje, ien Ried en ien budzjet. Se wurken fierder ûnder de sammelnamme Europeeske Mienskippen, mar de trije ferdrachsorganisaasjes bleaunen wol los fan elkoar bestean. Yn 1993, mei it fan krêft wurden fan it Ferdrach fan Maastricht waard de namme fan de mienskip feroare nei Europeeske Mienskip omdat de ferdrachsbepalingen har fanôf dat momint folle fierder trochwurken as allinnich op it ekonomysk mêd.

Lidsteaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lidsteat Sûnt Talen
flagge fan Belgje Belgje 25 maart 1957 Nederlânsk, Frânsk, Dútsk
flagge fan Dútslân Dútslân 25 maart 1957
*op 3 oktober 1990 útwreide
mei de eastlike dielsteaten
Dútsk
flagge fan Frankryk Frankryk 25 maart 1957 Frânsk
flagge fan Itaalje Itaalje 25 maart 1957 Italjaansk
Lúksemboarch 25 maart 1957 Dútsk, Frânsk, Lúksemboarchsk
flagge fan Nederlân Nederlân 25 maart 1957 Nederlânsk, Frysk
flagge fan Denemark Denemark 1 januari 1973 Deensk
Ierlân 1 januari 1973 Ingelsk, Iersk
Grut-Brittanje 1 januari 1973 Ingelsk
flagge fan Grikelân Grikelân 1 januari 1981 Gryksk
Portegal 1 januari 1986 Portugeesk
flagge fan Spanje Spanje 1 januari 1986 Spaansk, Katalaansk, Baskysk, Galisysk
1948 1952 1957 1967 1987 1993 1999 2003 2009 2011
Brussel Parys Rome Fúzjeferdrach Europeeske Akte EU-Ferdrach Amsterdam Nice Lissabon
Europeeske Mienskip foar Koalen en Stiel (EMKS)
Europeeske Atoomenerzjy Mienskip (EURATOM)
Europeese Ekonomyske Mienskip (EEM)
P

Y

L

D

E

R

S
Europeeske Mienskip (EM) Europeeske Uny (EU)
↑Europeeske Mienskippen↑ Justysje en Ynlânske Saken (JYS)
Polysjele en Justysjele Gearwurking yn Strafsaken (PJGS)
Europeeske politike gearwurking (EPG) Mienskiplik Bûtenlânsk en Feiligensbelied (GBFB)
West-Europeeske Uny (WEU)