Polysjele en Justysjele Gearwurking yn Strafsaken

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Oant de ôfskaffing fan de pylderstruktuer yn it Ferdrach fan Lissabon, omfieme de tredde pylder fan de Europeeske Uny de Polysjele & Justysjele Gearwurking yn Strafsaken (PJGS). It waard mei it Ferdrach fan Maastricht opset as de pylder Justysje en Ynlânske Saken. Asyl- en migraasjebelied wienen lykwols mei it yngean fan it Ferdrach fan Amsterdam (1997) oerbrocht fan 'e tredde nei de earste pylder, wêrtroch’t se in mear boppenasjonaal karakter krige. It doel fan dizze pylder is bygelyks de bestriding fan kriminaliteit en drugshannel, mar ek om terrorisme te bestriden.

Lykas yn de twadde pylder hienen sawol de Europeeske Kommisje as de EU-lidsteaten it rjocht fan inisjatyf. De beslútfoarming yn de Rie fan Ministers fûn plak op grûn fan ienriedigens. Foar besluten fan in útfierende aard wie in kwalifisearre mearderheid yn de Ried nedich.

It Europeesk Parlemint hie yn de tredde pylder wat mear ynfloed as yn de twadde. Sa moat de Ried it EP rieplachtsje foardat it hannelje kin. De EP hie dêrnei trije moannen de tiid om harren advys út te bringen.

Binnen de tredde pylder hie de Nederlanner Gijs de Vries de post fan Europeeske koördinator foar de bestriding fan terrorisme. Yn septimber 2007 waard hy opfolge troch de Belch Gilles de Kerchove. Ek organisaasjes lykas Europol en Eurojust spilen in rol as agintskippen fan de tredde pylder.

1948 1952 1957 1967 1987 1993 1999 2003 2009 2011
Brussel Parys Rome Fúzjeferdrach Europeeske Akte EU-Ferdrach Amsterdam Nice Lissabon
Europeeske Mienskip foar Koalen en Stiel (EMKS)
Europeeske Atoomenerzjy Mienskip (EURATOM)
Europeese Ekonomyske Mienskip (EEM)
P

Y

L

D

E

R

S
Europeeske Mienskip (EM) Europeeske Uny (EU)
↑Europeeske Mienskippen↑ Justysje en Ynlânske Saken (JYS)
Polysjele en Justysjele Gearwurking yn Strafsaken

(PJGS)

Europeeske politike gearwurking (EPG) Mienskiplik Bûtenlânsk en Feiligensbelied (GBFB)
West-Europeeske Uny (WEU)