Springe nei ynhâld

Strûkrôverij

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Strûkrôver)
De Berôving fan in Koets, troch Francisco Goya.

Strûkrôverij is in foarm fan dieverij, wêrby't reizgers ûnderweis oerfallen wurde en, faak mei geweld, fan harren besittings berôve wurde. De dieders wurde strûkrôvers neamd, en wurkje gauris yn groepen gear. Strûkrôverij is in ferskynsel dat yn West-Jeropa benammen oant de santjinde of achttjinde iuw bestie, mar dat yn ûntwikkelingslannen noch wol foarkomt. De ferwizing nei strûken yn 'e term hat dermei te krijen dat strûkrôvers harren faak beskûl holden yn boskrike kriten, al koe itselde sein wurde foar bercheftige gebieten. Yn flak, ûnbeboske lân wiene se ek wol aktyf, mar dêr makken se dan ornaris gebrûk fan 'e dekking fan it nachtlik tsjuster.

In term dy't likernôch itselde betsjut as strûkrôverij is banditisme. De dieder by dat soarte fan misdie is in bandyt, in wurd dat ôflaat is fan it Italjaanske bandito, dat oarspronklik "balling" betsjutte. Yn dy sin is in bandyt dus immen dy't foar in earder fergryp út syn oarspronklike wenkrite of mienskip ferballe is, en him no troch strûkrôverij ûnderhâldt. Yn talen as it Ingelsk, Nederlânsk en Frysk hat de term 'bandyt' in beskate assosjaasje mei it Wylde Westen, yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw yn 'e westlike helte fan 'e Feriene Steaten. Banditen wiene dêr benammen lju dy't postkoetsen en banken oerfoelen.

Deasketten leden fan 'e Dalton-binde útstald yn 1892.

Guon banditen waarden wrâldferneamd, lykas Billy the Kid, Jesse James, de Daltons en Butch Cassidy. Bekende strûkrôvers binne de legindaryske Midsiuwske bôgesjitter Robin Hood en de achttjinde-iuwske Ingelske highwayman Dick Turpin. Bekende strûkrôvers út 'e Nederlânske skiednis binne de geuzen út 'e tiid fan 'e Tachtichjierrige Oarloch, dy't opdield wurde koene yn wettergeuzen, boskgeuzen en slykgeuzen. Wylst de wettergeuzen yn it foarste plak seerôvers wiene, kinne de bosk- en slykgeuzen omskreaun wurde as strûkrôvers, dy't bosken, resp. moerassen ûnfeilich makken.

Strûkrôvers hiene soms in romantyske útstrieling. Sa soene guon harren misdiedich libben begûn wêze út in nommel stribjen, om fan 'e riken te stellen en de bút te ferdielen ûnder de earmen. Dat waard bygelyks sein fan sawol Robin Hood as Jesse James. Sa'n romantisearre byld is fan alle tiden, mei't it al bestie fan Sineeske rôversbinden yn it tiidrek fan 'e Trije Keninkriken (220-280). In selde byld oerhearske(t) tan 'e geuzen yn Nederlân, de kleften yn Grikelân, de hejduks op 'e Balkan en de kozakken yn 'e Oekraïne. Yn wurklikheid wie it fansels sa dat der fan 'e riken stellen waard om't de earmen neat hiene dat it stellen wurdich wie. By de oerfallen waard foar it brûken fan geweld net tebekskrille: der foelen gauris deaden, en froulike reizigsters waarden net selden ferkrêfte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.