Excalibur
- Dizze side giet oer it swurd Excalibur. Foar oare betsjuttings, sjoch: Excalibur (betsjuttingsside).
Excalibur of Caliburn (Welsk: Caledfwlch; Kornysk: Calesvol; Bretonsk: Kaledvoulc'h; Latyn: Caliburnus) is it mytyske swurd fan kening Arthur, dêr't yn 'e Midsiuwske Arthurleginden gauris magyske krêften oan taskreaun wurde en dat dêryn assosjearre wurdt mei de rjochtmjittige soeverein fan Brittanje. Soms (en fral yn moderne adaptaasjes fan 'e âlde ferhalen) wurde Excalibur en it Swurd yn de Stien as ien en itselde beskôge, mar oarspronklik en meastal binne dat ferskillende wapens.
Neffens guon iere Arthurleginden, wêrûnder Merlyn, fan Robert fan Boron, bewiisde Arthur dat er de soan fan Uther Pendragon wie en sadwaande oanspraak makke op 'e Britske troan, troch in swurd út in stien te lûken dat nimmen oars as de wiere erfgenamt loskrije koe. (Inselde soarte ferhaal komt foar yn 'e Germaanske mytology fan Skandinaavje, dêr't yn it ferhaal fan Sigurd dy syn heit Sigmund it swurd Gram út 'e beam Barnstokkr lûkt, dêr't de god Odin it yn stutsen hat.) Nearne yn iere Arthurleginden wurdt lykwols sein dat dit Swurd yn de Stien itselde is Excalibur; dat is in oanname dy't foar it earst as feit presintearre wurdt yn 'e trettjinde-iuwske Lânselot-Graal-syklus. Moderne auteurs en filmmakkers hawwe dêr op fuortborduerre.
Yn 'e Post-Fulgaat-syklus fan Arthurleginden, dy't ek datearret út 'e trettjinde iuw, wurdt lykwols ferteld dat Arthur Excalibur ûntfong út 'e hân fan 'e Frouwe fan 'e Mar, in geast of fee mei boppeminsklike krêften, nei't er syn eigen swurd brutsen hie yn 'e striid mei kening Pellinore. De Frouwe neamt it swurd 'Excalibur', dat neffens har 'Snijt-Stiel' betsjutte soe.
Yn 'e Lânselot-Graal-syklus jout Arthur, nei't er deadlik ferwûne rekke is yn 'e Slach by Camlann, de ridder Griflet befel om it magyske swurd werom te smiten yn 'e betsjoende mar fan 'e Frouwe en it op dy manear werom te jaan. Nei't dat twaris mislearre is om't Griflet it sa'n alderôfgryslikste sûnde fynt om sa'n moai wapen wei te smiten, foldocht er úteinlik oan 'e winsk fan syn kening. Sadree't er it Excalibur los litten hat, dûkt der in hân op út 'e mar dy't it hêft fan Excalibur fêstgrypt ear't it swurd it wetteroerflak rekket. Neitiid ferdwine hân en swurd wer yn 'e mar. Yn 'e tekst Le Morte d'Arthur, fan sir Thomas Malory, is it net Griflet mar Bedivere dy't Excalibur yn 'e mar smyt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources en References, op dizze side.
|