Bartlehiem
Bartlehiem is in buorskip tusken Wânswert yn Ferwerderadiel en Aldtsjerk yn Tytsjerksteradiel, op de krúsing fan ’e Dokkumer Ie, de Feinsumer Feart en de Aldtsjerkster Feart. Foar in part leit er ek yn de gemeenten Ljouwerteradiel en Ferwerderadiel. Der wenje sawat 70 minsken (2006).
[bewurkje seksje] Namme
De namme "Bartlehiem" is in ferbastering van "Bethlehem", nei it eardere kleaster mei dy namme, wat in heale kilometer fierder nei it easten stie.
[bewurkje seksje] Alvestêdetocht
De buorskip - en mei him de lytse brêge oer de Feinsumer Feart - is wrâldferneamd troch de Alvestêdetocht. Op harren tocht komme de reedriders twa kear troch Bartlehiem: de earste kear fan Frjentsjer ôf op wei nei Dokkum ta, en dan de twadde kear fan Dokkum út nei Ljouwert. Dat makket Bartlehiem it iennichste plak dêr't by de Alvestêdetocht yn trije rjochtingen reedriders sichtber binne.
[bewurkje seksje] Oar
It molkfabryk út 1893 is yn 2010 ferboud ta in lytsskalige wenfoarm foar deminten.
