Aldwâld

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Aldwâld
Flagge fan Aldwâld Wapen fan Aldwâld
Flagge Wapen
Lokaasje fan Aldwâld
Gemeente Kollumerlân
Ynwennertal (2007) 841
Webstee Webstee Aldwâld

Aldwâld is ien fan de 12 doarpen yn de gemeente Kollumerlân. It doarp hat likernôch 841 ynwenners.

Aldwâld leit westlik fan Kollum, op de noardlike râne fan it gebiet fan de Fryske Wâlden, dêr't it lânskip oergiet yn dat fan it eardere kweldergebiet. Der stiet in let goatysk tsjerkje út de 15e ieu. Yn it Swalk-rûte boekje "De Grutte Lauwerskrite" fan de FLD stiet in fytsrûte troch de omjouwing.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Aldwâld is, sa't de namme al oanjout, in tige âld doarp. Yn 1443 wurdt it al neamd as "Olte-Wolde". Nei alle gedachten hat der yn de direkte omjouwing fan it doarp in âld bosk as wâld west. De namme De Wygeast (wijde hichte), in buorskip dat tsjintwurdich rekkene wurdt ta Aldwâld, soe tsjutte kinne op in âld heidensk offerplak. Het wapenbyld fan it dorp sprekt foar himsels (3 iken). Lizzend op de sângrûn, moat it doarp - dat wierskynlik Holtwâlde hjitten hat - ryk oan beammen west ha. De iik is ien fan de meast bekende beammen op de sângrûn en wie eartiids fan ekonomysk belang as heechweardich boumateriaal en de bast foar de learloaierij.

De tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

De tsjerke fan Aldwâld

De tsjerke dy't der no stiet hat in foargonger hân. In part fan de bakstienen binne derfân brûkt. It tuorke en de westgevel binne oan de ein fan 17e ieu klear kommen.

Yn de tsjerke hingje in tal roubuorden fan de Van Doma's, Broersma's en Fan Heemstra's. Dizze lju binne net yn Aldwâld begroeven, de van Heemstra's hawwe dy út Kollum meinommen. Ek stiet der in opfallende hearebank fan de Fan Heemstra's.

Yn de 18e ieu is de tsjerke, nei de moade fan dy tiid, bepleistere. By de lêste restauraasje is de pleister der wer ôfhelle en is de âlde stien wer te sjen.

Oan de noardkant stiet de eardere pastorij út 1806. Der is yn 'e rin fan de tiid it nedige oan ferboud.

Op it tsjerkhôf binne twa grêfkelders fan de famyljes Fan Heemstra en Fan Limburg Stirum.

Jan Binnes[bewurkje seksje | edit source]

Oan de tsjerke is in tinkstien oanbrocht foar Jan Binnes (Kloosterman), in boer út Aldwâld dy't ien fan de lieders wie fan it Kollumer Oproer yn jannewaris 1797. Jan Binnes waard op 18 febrewaris 1797 op in grouwelige wize ûnthalze op 'e Brol yn Ljouwert.

Allemastate en Eysmastins[bewurkje seksje | edit source]

Yn de Wygeast stiet Allemastate, no in pleats mei de efterein nei de wei. Neffens Andreae soe de state stifte wêze troch Redmer Allema dy't yn 1495 as kastelein van Oostbroeksterland (Kollumerlân) foarkomt. Fan it oarspronlike stiennen hûs is de dikke noard muorre oer. De westmuorre fan it wenhûs bestiet út ôfbraak-kleastermoppen. Bouwkundig ûndersyk hat bliken dien dat der wierskynlik boud is op âldere fûneminten, dy't neffens guonts fan in eardere sealstins west hawwe koene. At dat sa is, dan soe dy as 14e ieusk datearre wurde moatte.

Op de Wygeast lei neffens Andreae ek Eysmastins, dy't yn de 15e ieu neamd wurdt. Benner Eysma ferset him yn 1467 tsjin it bûn mei Grins. De stins waard yn 1468 fernield. Yn 1571 wurdt it plak Eysmahiem neamd[1]

It St. Pitersgat[bewurkje seksje | edit source]

Op Sint Piersdei, 22 febrewaris 1651 sloech in swiere stoarm de Aldwâldmer Syl oan it Dokkumer Djip fuort. Der ûntstie in djip gat. No wurdt dat de Poel neamd. In oare namme is It Mâlegraafsgat. Dizze namme komt fan de Ingelsman Donough MacCarty greve Clancarthy. Hy wie as balling út Ingelân yn Aldwâld yn 1698 telâne kommen. Hy naam, it doe al besteande hûs, oan it Sint Pitersgat oer. De greve hie al in wyld libben efter de rêch en dat sette hy dêr troch. Letter hat er in eilân Rottum kocht en dêr gie it noch frjemder.

It hûs, dat mei ien ferdjipping ferlege is, stiet der noch yn 'e beammen ferskûle. Yn 'e folksmûle wurdt it de Boarch neamd.

Bûterfabryk Huis ter Noord yn de 30-er jierren fan de 20e ieu

Wat tichter nei Aldwâld ta, is der de Mâle Grevesbrêge.

In tinkstien fertelt it ferhaal oer de wetterfloed en wa't der oer neitinke wol, fynt in pear bankjes oan it wetter.

Huis ter Noord[bewurkje seksje | edit source]

Bûterfabryk "Huis ter Noord" 1899 - 1996[bewurkje seksje | edit source]

Yn Aldwâld hat molkfabryk Huis ter Noord (ek wol: Hústernoard) de 100 jier krekt net fol makke. Yn 1899 waard de koperaasje troch in 20-tal boeren stifte. Baron van Heemstra fan Fogelsanghstate út Feankleaster stie in stik grûn oan de Strobosser Trekfeart ôf foar de bou fan it fabryk. Tsjintwurdich wurdt it gebou brûkt foar rekreaasje.

Mûne[bewurkje seksje | edit source]

Yn july 1858 waard der in nôt- en pelmûne by Huis ter Noord boud (eigner Drewes Kooi út Kollum). Dêr kaam yn de 20er jierren (20e ieu) in diselmotor yn. It bedriuw hat oant ±1950 bestien; doe is de boppebou fan de mûne sloopt.[2]

Strjitten yn Aldwâld[bewurkje seksje | edit source]

Allemawei – Jan Binneswei - Dellenswei – Foarwei - De Wygeast – Eysmastrjitte -Feersma Hoekstrastrjitte - Foarwei – Hústernoard – Jasmyn - Lange ikker – Pastorijehof – Prunus - Ribes – Simmerwei – Swartewei - Wâlddyk.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/Kollumerland en Nieuw Kruisland, De Monumenten van Geschiednis en Kunst, 1989. Side 155, 156.
  2. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/Kollumerland en Nieuw Kruisland, De Monumenten van Geschiednis en Kunst, 1989. Side 162.