Meddert

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Meddert is in buorskip besúdeasten Holwert yn de gemeente Ferwerderadiel.

Op nije kaarten stiet de húsnamme Groot Medwert neamd dêr't in pleats fuort njonken de terp mei bedoeld wurdt. Dy terp wurdt troch Eekhoff yn de 19e ieu Medderburen neamd en de pleats(en) Gr. en Kl. Medwerd. De kaart fan 1700 neamt allinnich Medderbuiren. It giet hjir om in âlde namme dy't grif yn de 9e ieu as Metwid oanhelle wurdt. Yn 944 wurdt Medunwrth neamd. De namme giet dan fan Medewerth út de 12e ieu nei Medwert yn 1511 en 1543 nei de hjoeddeiske namme Meddert.

De útgong -wert hat grif as betsjutting midden, buorren sil der letter bykomd wêze.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels