Idaerd

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Idaerd
Flagge fan Idaerd Wapen fan Idaerd
Flagge Wapen
Lokaasje fan Idaerd
Gemeente Boarnsterhim
Ynwennertal (2004) 97
Webstee Idaerd en omkriten
de himrik fan Idaerd

Idaerd is in doarp yn de gemeente Boarnsterhim, benoarden Grou oan it spoar fan Swol nei Ljouwert. It doarp hat likernôch 97 ynwenners (1 juny 2004).

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Yn de Midsieuwen wie Idaard it haadplak fan de gritenij Edawerderadiel. Eda of 'lede betsjut safolle as terp of wier. It lytse terpdoarp Idaerd wie yn de Midsieuwen it haadplak fan de gritenij Idaarderadiel, mar it is letter troch hast alle oare Idaarderadielster doarpen oerfleugele. It wie mei de Kromme Sleat oer it Eagumer Djip, it farwetter tusken Ljouwert en Grou, ferbûn. It hie in dyk nei Reduzum, dy’t yn 1853 ferbettere waard ta in púndyk en it wie al nei de oarloch dat der in dykferbining nei Grou ta kaam. Doe‘t om 1960 hinne rykswei N32 fan Ljouwert nei It Hearrefean oanlein waard, wie it doarp foar in koarte tiid goed ûntsletten. Mar nei’t de N32 in autosneldyk wurden wie, siet Idaerd wer yn it isolemint.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 wie Idaerd ûnderdiel fan de eardere gemeente Idaarderadiel, mei Grou as haadplak. Sûnt 1989 is de offisjele namme Idaerd.

[bewurkje seksje] Gebouwen

De sealdektoer is út de 15e ieu, de tsjerke mei brânskildere ramen is fan 1774. Op it tsjerkhof lizze noch sarken fan de eardere bewenners fan Friesmastate: Van Scheltinga en Bergsma. By it doarp stie earder de stins Friesmastate dat yn 1652 boud is as residinsje foar de grytman. Carel fan Roarda wie grytman fan Idaarderadiel tusken 1635 - 1670. Sûnt 1652 wenne hy op Friesmastate dat er sels bouwe litten hie. Ien fan syn fertsjinsten wie it ynstellen fan een beurtfeart op Ljouwert en Snits. By it wurk fan de grytmannen fan Idaarderadiel hearde ek it tafersjoch op de wetterkearings. Sadwaande wie hy dykgreve fan de Leppedyk. Oan it "ynstitút grytman" kaam in ein yn 1795, mei it begjin fan de Frânske oerhearsking. Friesmastate is ôfbrutsen yn 1882, oerbliuwsels fan it ynterieur binne te besjen yn it Frysk Museum en yn paleis Het Loo.
By it doarp stie earder in gersdroegerij.

Herfoarme Tsjerke

[bewurkje seksje] Toerisme

Fanút de Wergeaster Feart tusken Warten en Grou is der in opfeart nei Idaerd, de Kromme Sleat. De feasrt rint oan it doarp ta, yn de buorren is in oanlisplak foar kanofarders. Noard fan it doarp leit camping Lyts Tsjaerd mei maneezje en in teeskinkerij en besuden it doarp leit camping Yn'e Lijte.

Fytsrûtes
  • 5 km: Idaerd leit oan de noardlike lus fan De 8 van Grou: in fytstocht yn de foarm fan it sifer 8. Fytsers moatte hjirby acht kear mei in pontsje oer it wetter.
  • 32 km: Rondje Pontje, de súdlike lus mei 3 pontsjes. By de VVV Mid-Fryslân is mear ynformaasje te krijen oer de rûtes.

[bewurkje seksje] Mienskip

Pleatslik Belang komt op foar de belangen fan de doarpen Idaerd, Eagum en It Hoflân en hat gearkomsten yn doarpshûs It Lokaal. Der is in doarpsfyzje makke oant 2015. Bern geane mei in buske nei de basisskoalle De Trije Doarpen yn Reduzum. By Simmer 2000 is anonym in leagenbolle oan it doarp skonken. Winterdeis sit yn it doarpshûs ek de Kaartclub Soos Idaerd. Toanielferiening De Vriendenkring bestiet al sûnt 1866.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • Freonerûnte - toaniel
  • Dophokstjitters - biljerten

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

[bewurkje seksje] Strjitten

Buorren, Friesmawei, Hoflânswei, Tsjaarderdyk.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen