Goutum

Ut Wikipedy
Goutum
Agnestsjerke
Agnestsjerke
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân Fryslân
Gemeente Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 3.360 (1 jannewaris 2023) [1]
Oerflak 1,52 km²
lân: 1,41
wetter 0,11 km²
Befolkingsticht. 147 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 10'N 5° 49'E
Offisjele webside
Side goutum.info
Kaart
Goutum (Ljouwert)
Goutum

Goutum is in doarp dat yn de gemeente Ljouwert leit. Goutum leit noardlik fan Wurdum, westlik fan Himpens en Tearns en besuden Ljouwert. De doarpskearn fan Goutum leit om de Buorren.

Goutum hat 3.360 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It yn 1882 ôfbrutsen Wiardastate

Goutum wie oarspronklik in terpdoarp mei oan de westkant fan de terp de yn 1882 ôfbrutsen Wiarda State. Yn de 12e iuw waard op de terp de oan Sint-Agnes wijde tsjerke boud. De famylje Burmania hat dêr in grêfkelder. De tsjerke hat in Van Damoargel út 1864. Súdwestlik fan it doarp lei eartiids ek noch de terp Techum, dy't yn de 19e iuw ôfgroeven waard.

Sûnt 1943 leit Goutum yn de gemeente Ljouwert, dêrfoar lei it doarp yn Ljouwerteradiel (sudertrimdiel).

Yn de rin fan de tiid wreide de bebouwing him nei it westen út yn 'e rjochting fan de Oeriselskeleane. Nei it easten is it doarp útwreide oant ticht by de westlike útbuorren fan Tearns. Fral sûnt de jierren 1970 is Goutum bot fan karakter feroare. Troch de oanlis fan Goutum-Noard grinzget de bebouwing tsjintwurdich fuort oan de stêd. Allinnich it Van Harinxmakanaal leit der noch tusken. Yn de iere 21e iuw waard Goutum útwreide mei de wyk Goutum-Súd. Besuden fan it doarpsgebiet wurdt Ljouwert fierder útwreide, sadat it doarp feitlik in stedswyk fan Ljouwert is.

Súdlik fan it doarp leit it âldste krematoarium fan Fryslân, itjinge Goutum de bynamme 'Stoke-city' oplevere.

Goutum is oer it wetter troch de Wurdumer Feart nei it suden mei Wurdum ferbûn. De feart foarmet nei it noarden lykwols gjin ferbining mei it Van Harinxmakanaal. Nei it easten is de Tearnserdyk in ferbining mei Drachtsterwei en fierder nei Suderbuorren, Tearns en Himpens en Wergea.

Wapen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De trije kannen ferwize nei de trije states fan it doarp. De swan is oernommen fan it wapen fan de famylje Wiarda, wylst de kleuren fan it wapen fan Eastergoa stamme.[2]

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It lege plak fan de eardere Wiardastate

Alhoewol't Goutum feitlik in stedswyk fan Ljouwert is, hat it noch wol it doarpshûs 'Ien en Mien', in jierliks doarpsfeest en in warbere doarpsferiening mei in grut tal foarsjennings, lykas in boarterstún, in iisbaan en oan de eastlike kant it sportpark Wiarda. Foar oare foarsjennings en foar harren wurk binne de ynwenners rjochte op de stêd of oare plakken.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Agnestsjerke.

De PKN-gemeente Goutum makket gebrûk fan de Agnestsjerke yn Goutum en de Martinustsjerke fan Himpens.

Skoalle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Yntegraal Bernesintrum Wiarda

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Kûle - jongereinsoas
  • Wêz Warber - kuorbal
  • Keatsclub Goutum
  • Iisclub Goutum
  • Tennisclub Goutum
  • Gymnastykferiening
  • Jeugdfûgelwacht
  • Samar Klear - biljerten
  • Krap by Kas - toaniel
  • Goutumer shantykoar
  • Eigen Wijs - frouljuskoar

Berne yn Goutum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1848 1913 1954 1959 1964 1969 1973 1999 2001 2002 2003 2004 2005 2020 2022
Ynwenners 284 452 523 619 648 642 761 2.295 2.539 2.701 2.689 2.634 2.623 3.275 3.315

Mûnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De spinnekopmûntsjes

Sawat twa kilometer west fan it doarp steane oan de Swette twa spinnekopmûntsjes; de Mûne Heechlân en de Kramersmole.

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten yn Goutum.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Ljouwert
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
wizigje