Snakkerbuorren (Ljouwert)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Snakkerbuorren op in kaart fan de gemeente Ljouwert út 1866.

Snakkerbuorren is in doarp yn de gemeente Ljouwert, krekt noard fan de stêd by de Dokkumer Ie. It doarp hat 206 ynwenners (1 jannewaris 2005).

Snakkerbuorren foarmet mei de dorpen Miedum en Lekkum al ieuwen lang ien mienskip. De trije doarpen wurde ek wol De Trije Doarpen neamd. Der bestean in soad gearwurkings tusken de doarpen, benammen op in mêd fan kultuer. Sa hawwe se meiïnoar ien doarpsblêd: De Kobbeflecht. De trije doarpen hawwe ek ien doarpsferiening, Doarpsbelang dy't him ynset foar de belangen van de doarpsbewenners.

Snakkerbuotrren hat in eigen doarpstún: de Hof van Eeden, dy wurdt beheard troch de "Stifting Doarpstún Snakkerbuorren".

De gemeentlike nammmejouwingskommisje makke oars yn juny 2007 wol dúdlik dat Snakkerbuorren ûnrjochtlik as doarp oanmurken wurdt, mar altyd in buorskip west hat. Soks soe blike út in dokumint út 1975 (Erwin Boers, "Doarp Snakkeburen is eigentlik buorskip", Ljouwerter Krante 16 juny 2007 )

[bewurkje seksje] Strjitten

Oan 'e Dyk, Oan 'e Ie, Op 'e Tún, Pôlepaad.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen