Leons
|
|||||
| Gemeente | Littenseradiel | ||||
| Ynwennertal (2004) | 60 | ||||
| Webstee | webstee Húns en Leons | ||||
Leons, earder ek wol Liouwens, is in doarp yn it noarden fan de gemeente Littenseradiel. It is it lytste doarp fan de gemeente, mei 20 ynwenners (2004).
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Leons diel út fan de gemeente Baarderadiel.
It 14e ieuske tsjerkje fan it doarp wurdt foar kulturele aktiviteiten brûkt. Yn de muorre sit in tinkstien as neitins oan de yn de oarloch fusilearre ynwenners yn Vugt.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
Omdat it doarp sa lyts is, wurdt in soad gearwurke mei Húns. Der is in feriening foar Doarpsbelang en in doarpshûs De Murdhûn dat yn Húns stiet. Ynwenners fan Leons wurde 'wynhûnen' neamd en Húnsers stean bekend as 'murden'. Yn it doarpshûs sit winterdeis de soas. Alle jieren is der merke. Doe't de keatsferiening hûndert jier bestie is it boekje "Húns en Leons yn fûgelflecht" ferskynd.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Der ride bussen nei Ljouwert en Boalsert
- De Takomst is de toanielferiening
- Yn it Frysk Museum is in Romeinsk brûnske fan de goadinne Fortune út Lions
[bewurkje seksje] Strjitten
Nûmer.