Weidum

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
de himrik fan Weidum

Weidum is in doarp yn it easten fan de gemeente Littenseradiel. It doarp hat likernôch 620 ynwenners (2004). In grut evenemint is de jierlikse froulju's PC. Hjir wurdt útmakke wat it bêste froulju's trijtal is. It doarp stie oarspronklik op in terp, wêrfan't it grutste part ôfgroeven is. Op wat der noch fan oer is stiet in 13e ieuske tsjerke mei in toer fan dowestien út de 11e ieu.

By Weidum stean ek de Amerikaanske wynmotor 1 en 2.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Dekemastate

Alear hie Weidum in úthof fan it Augtiner kleaster Lúntsjerk. Dizze úthof is lykas de Augustiners ferrûn. De Dekema's hawwe doe in besit fan de Augustiner koarhearen oernommen. Dit hat der foar soarge dat de measte Dekema's ek grytman fan Baarderadiel wienen. Guon hawwe foar de eare betanke. De Dekema's hearden ta de Skieringers. Lykas de measte Skieringers hawwe se meiwurke oan it bewâld fan de Saksers en Karel V.
De meast bekende Dekema is Piter Dekema west.
Nei it útstjerren fan de Dekema's is Dekemastate yn hannen fan ferskate famyljes west. Nei 1815 kaam it yn hannen fan de fan Beyma's. Dizze hawwe der in protte oan dien om Dekemastate net te fersleaukje te litten. Op 'en doer wie soks net mear te foarkommen. Yn wynhoas op 2 maart 1895 hat in ein oan de state makke.
Dekemastate, dat ek wol it Mûntsehûs neamd waard, lei op de hoeke fan de Dekemawei en de Hege Dyk. Wêr't Dekemastate lei, is no de Weidumer iisbaan. It rêsthûs fan Weidum hat de namme 'Nij Dekema' krige.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Weidum diel út fan de gemeente Baarderadiel.

[bewurkje seksje] Mienskip

Weidum hat in eigen Doarpshûs. In bekend festival yn Weidum is Roek-Rock.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • Harmonie - korps
  • Nije Kriich - keatsen

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Berne yn Weidum

Hanso Schotanus à Steringa Idzerda (26 septimber 1885), Nederlânsk radio-pionier
Nynke Laverman (14 april 1980), Fryske fado-sjongster en aktrise

[bewurkje seksje] Strjitten

Bornialeane, Bumaleane, De Strûken, Dekemawei, Grutte Buorren, Hanialeane, Hegedyk, Idzerdaleane, Kinsck van Roptawei, Kûperssteech, Lytse Buorren, Sânpaed, Skildyk, Wielsterdyk.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

53° 9' NB, 5° 45' EL

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings