Littenseradiel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gemeente Littenseradiel
Flagge fan de gemeente Littenseradiel    Wapen fan de gemeente Littenseradiel
(Flagge fan Littenseradiel) (Wapen fan Littenseradiel)
Lokaasje fan de gemeente Littenseradiel
Provinsje Fryslân
Boargemaster dr. J. Liemburg
Haadplak Wommels
Gebiet
- wetter
132,60 km²
-  1,86 km²
Ynwenners 10.859
Ferkearsieren N359
Netnûmer 0515, 0517, 058
Postkoades 8631 - 9029
Offisjele webstee www.littenseradiel.nl

Littenseradiel (offisjeel Frysk) is in gemeente yn it sintrum fan Fryslân, mei 10.925 ynwenners (1 jannewaris 2012), en mei in oerflak fan 132,60 km2.

De gemeente is foarme yn 1984 út de eardere gemeenten Baarderadiel en Hinnaarderadiel.

It haadplak is Wommels, en de oare plakken yn de gemeente binne: Baaium, Baard, Bears, Boazum, Britswert, Easterein, Easterlittens, Easterwierrum, Hidaard, Hilaard, Hinnaard, Húns, Iens, Itens, Jellum, Jorwert, Kûbaard, Leons, Lytsewierrum, Mantgum, Reahûs, Rien, Spannum, Waaksens, Weidum, Winsum, Wiuwert en Wjelsryp.

Njonken dizze kearnen binne der yn de gemeente noch de folgjende buorskippen:

De gemeente brûkt Fryske plaknammen.

Lânskip[bewurkje seksje | edit source]

It foar Littenseradiel typyske greidelânskip mei de Alde Toer tusken Easterwierrum en Mantgum.

Yn Littenseradiel bepaald troch de iepen greide mei rûnom doarpkes en buorskippen, dy't har meast ûntjûn hawwe oan de iggen fan de eardere Middelsee, dy't it lânskip yn earder tiden foarme hat. De âlde opfearten nei de Swette binne foar in part noch yntakt en hjir en dêr binne de âlde Middelseediken noch goed werkenber.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Webstee fan de gemeente

 
Fryslân
Flagge fan de provinsje Fryslân
Achtkarspelen - It Amelân - It Bilt - Dantumadiel - Dongeradiel - Eaststellingwerf - Ferwerderadiel - Flylân - Frjentsjerteradiel - De Fryske Marren - Harns - It Hearrenfean - Kollumerlân Littenseradiel - Ljouwert (haadstêd) - Ljouwerteradiel - Menameradiel - Opsterlân - Skiermûntseach - Skylge - Smellingerlân - Súdwest-Fryslân - Tytsjerksteradiel - Weststellingwerf