Hilaard

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde noege dêr in begjin mei te meitsjen.


Hilaard
Flagge fan Hilaard Wapen fan Hilaard
Flagge Wapen
Lokaasje fan Hilaard
Gemeente Littenseradiel
Ynwennertal (2006) 340
Webstee Webstee Hilaard
de himrik fan Hilaard
De Johannes de Dopertsjerke

Hilaard is in doarp yn it noarden fan de gemeente Littenseradiel, by de N359. It doarp hat likernôch 340 ynwenners (2006). Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Hilaard diel út fan de gemeente Baarderadiel.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Al fier foar 1500 stie hjir in state, dy't nei 1511 besit wie fan Hobbe Doekesz en bewenne waard troch Meynert Tyessinga. De stins waard dêrnei Tsjessingastate neamd. Fan de 16e ieu ôf waard it eigendom fan de famylje Van Aylva. Hobbe van Aylva stoar op 14 juny 1645 yn Hilaard. De midsieuske tsjerke fan Hilaard hat noch in tinkstien ta neitins oan Hobbe van Aylva en syn frou Frouck. Yn de 18e ieu wie de state bekend as Mockemastate. De state is yn 1749 ôfbrutsen. It grutte poartegebou gie pas yn 1799 plat. Yn 2000 binne de fûneminten dêrfan bleatlein. It doarpswapen hat twa gouden leeljes, dy't ferwize nei de wapens fan de famyljes Van Aylva en Mockema, dy't ek leeljes hawwe. De blauwe baan yn de flagge ferwiist nei de Hilaarder Feart.

De Doleânsje hat it doarp yn twaën splitst.

Begjin tweintichste ieu hie Hilaard in koöperative molkfabryk en in flaaksfabryk dy't letter ôfbaarnd is.

Doe't de Johannes de Dopertsjerke restaurearre waard, kaam it "ûnderdûkershol" út de Twadde Wrâldoarloch wer foar it ljocht. Dêrfoar is in plakette makke.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | edit source]

It besjen wurdich yn Hilaard binne de trettjinde-ieuskeske toer en it Goatysk tsjerkje en it grêfmonumint út 1656 foar Hobbe van Aylva en Frouck van Aylva.
De eardere grifformearde tsjerke kaam yn 2000 frij doe't de grifformearde en herfoarme gemeenten fan Hilaard yn it ramt fan 'e ienwurding fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân de lapen gearsmieten. Sûnt is it gebou yn gebrûk troch Koptysk-Otterdokse Tsjerke. Yn Hoptille stiet noch it tolhûs mei it Boalserter wapen.

Doarpswapen en flagge[bewurkje seksje | edit source]

Yn it skyld stiet in klokfoarmige dieling fan blau en goud. Dy dieling ferwiist nei de unike klokgevel fan de yn giele stien oplutsen toer. Dêrom is it ûnderste diel ek fan goud. Yn it blau steane twa gouden leeljes, dy't beide ferwize nei de wapens fan de famyljes Van Aylva en Mockema, dy't ek leeljes hawwe. Beide famyljewapens binne foar it measte part blau.
It wichtigste middel fan bestean yn dizze omkriten is de feefokkerij, wêrom dan ek in oansjende kowekop fan it Fryske swartbûnte ras yn it gouden fjild pleatst is: In swarte kowekop mei in kylblês (wyt).
It skyldhaad is read mei in sulveren krús. Dit tsjut op it Laam Gods en is in attribút fan Johannes de Doper. Johannes wiist op Jezus as it laam fan God dat de sûnde fan de wrâld weinimt. Yn de tsjerklike en heraldyske tradysje draacht it Laam fan God in wyt findel mei in read krús. Om estetyske redenen binne de kleuren fan it findel omkeard. De betsutting feroaret dêr lykwols net om. It read is it bloed fan Kristus en it wyt is de himelske reinheid. It reade skyldhaad mei it sulveren krús wol dit werjaan.

De flagge

De flagge hat, lykas it wapen, de unike klokfoarmige dieling, diskear yn read, wêryn de giele leelje út it wapen stiet. Oanslutend op de klok in blauwe baan, dy't foar de Hilaarder Feart stiet. Dizze feart rint benoarden it doarp nei it easten en dan mei in bocht wer nei it westen, krekt as yn de flagge. Eartiids wie de feart in wichtig kommunikaasjemiddel mei de bûtenwrâld foar Hilaard. De flecht fan de flagge is giel, dat ferwiist nei it ûnderste diel fan it wapen.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

De feriening foar Doarpsbelang hjit Hilaard - Hoptille. De doarpskoalle hat as namme De Reinbôge.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

  • Hilaardich - toaniel
  • Nij Begjin - biljerten
  • Mei In Oar Ien - keatsen
  • Hy Night organisearret it jierlikse tintefeest

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]