Skrins
Ut Wikipedy
Skrins is in buorskip yn de gemeente Littenseradiel Skrins leit besuden Easterlittens. Der stean fjouwer pleatsen, twa wurde noch bebuorke..
Skrins leit op in terp yn in ynpoldere slinke fan de Middelsee. Hy wurdt ek Schrins, Scrinze en Scryns skreaun. Hy bestiet út wiete greiden en bolle ikkers, de saneamde bargerechjes. Der komt noch altyd sâlt wetter omheech. Dy kwel fiedet yn Skrins bysûndere planten as sâltgers en goudknopke. By de plasse fan Skrins stean planten as sparjekrûd en molkkrûd. Skrins foarmet in natuerlike ferbining mei Skrok en leit flakby de Leonzerpolder, twa oare gebieten fan Natuermonuminten.
Wa’t de oanjûne fytsrûte troch it gebiet nimt, kin ek kij tsjinkomme dy't it gebiet beweidzje.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|