Baard

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Baard
Flagge fan Baard Wapen fan Baard
Flagge Wapen
Lokaasje fan Baard
Gemeente Littenseradiel
Ynwennertal (2004) 200
Webstee Webstee Baard Online
Tsjerkje fan Baard
Baard, 2011

Baard is in lyts doarpke yn de gemeente Littenseradiel. It hat likernôch 200 ynwenners.

Baard leit oan de Boalserter Feart, tusken Easterlittens en Leons. It doarp hat in skoalle, in dokter en in ytkafee.

Ek de buorskip De Him wurdt ta Baard rekkene. Fan de buorskip Hielens of de Giele Buorren, krekt bûten Baard yn de rjochting fan Easterlittens, is mar ien pleats mear tebek.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De omkriten fan baard hawwe al foar it begjin fan de jiertelling bewenne west. De namme wie yn it ferline Bawert, en wurdt útlein as Bawa-wert: de wert fan Bawa. Baard hat de namme jûn oan de eardere gritenij en gemeente Baarderadiel. It doarp hat dêrfan lang it haadplak west, oant dy funksje troch Mantgum oernaam waard.

De Dekema's[bewurkje seksje | edit source]

Yn Baard hawe lang Dekema's wenne. Juw Dekema wie potestaat. Op de lândei yn 1494 te Snits is hy dêrfoar keazen. Juw Dekema wie in Skieringer. De Fetkeapers seinen al gau it betrouwen yn Dekema op. Sa koe hy net folle berikke. Yn 1498 beneamde keizer Maximilaan Albrecht fan Saksen ta erfpostestaat. De rol fan Juw Dekema wie doe útspile. Yn Weidum wenne in oare staach fan de Dekema's. Doe't it besit fan de úthof fan it Augustiner kleaster Lúntsjerk yn hannen krige hawwe. De Dekemawei is noch in oantinken oan de eardere stins van Dekema's.

Bynammen[bewurkje seksje | edit source]

De ynwenners sels fan Baard hawwe de bynamme fan Katten. Der stiet in byld fan in kat op it keatsfjild. Wierskynlik binne se oan dizze namme komd trochdat de minsken yn it Leons wynhûnen neamd wurde.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

It doarp hat in iepenbiere skoalle (De Stjelp), ek foar de bern fan Easterlittens en Húns. De namme Stjelp ferwiist nei in monumintale pleats dy't noch net sa lang lyn yn stikken nei it Suderseemuseum yn Inkhuzen ferfierd is. De tsjintwudige tsjerke út 1873 is yn it plak komd fan de midsieuske tsjerke dy't oan de hillige Gertrudis wijd wie. Ek minsken út Winsum gean nei dizze tsjerke. It doarpsblêd "De Baarder Kat" ferskynt fjouwer kear yn't jier. Der binne in soad ferienings dy't yn it eardere doarpskafee byinoar komme. Dêrfoar moast men faak nei omlizzende doarpen.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

Bekende Baarders[bewurkje seksje | edit source]

Harmen Sytstra 14 jannewaris 1817 te Mullum - 1862 waard yn 1852 skoalmaster yn Baard. Troch syn krewearjen foar it Frysk is dizze Fryske skriuwer bekend wurden. Hy leit hjir yn Baard begroeven.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • By de Mistel Merk wurde misteltûken ferkocht foar it goede doel.
  • Op de tredde sneon fan augustus is it kampioenskip ielrikjen.
  • Yn Baard is in triedleas doarpsnetwurk opsetten, wat in flugge ynternetferbining jout. It hat it doarp ek de bynamme Wireless Baard jûn.

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Binnenbuorren, Dekemawei, Faldenserwei, Gele Buorren, Harmen Sytstrawei, Mûnewei, Oan 'e Kamp, Tongerwei.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]