Gemeentlike weryndieling

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Gemeentlike weryndieling is it feroarjen fan de grins fan gemeenten. Dit kin barre troch in opskowen fan de grins tusken twa gemeenten, bygelyks om in stêd mear romte te jaan. Of it kin barre troch it gearfoegjen fan gemeenten, bygelyks om de kosten omleech te bringen.

Ynhâld

Gemeentlike weryndielings yn Fryslân [bewurkje seksje]

Yn de tiid fan de republyk binne de gritenijen meast ûnferoare bleaun. Mar sûnt it ûntstean fan de gemeenten yn 1851 hawwe der ferskate feroarings west.

It Hearrenfean [bewurkje seksje]

Yn 1934 waard de flekke It Hearrenfean, dy't yn trije gemeenten lei, it haadplak fan in nije gemeente. Aenjewier en Skoatterlân waarden gearfoege, útsein de Westhoeke van Skoatterlân, dy't by Haskerlân en Lemsterlân kaam, wylst it stik fan de flekke oer de Hearresleat yn Haskerlân by de nije gemeente kaam. De namme van de gemeente waard dy fan de flekke; wat yn Fryslân gjin wisânsje is foar plattelânsgemeenten mar tsjin de plannen yn sa troch it regear fêststeld waard.

Ljouwert [bewurkje seksje]

Yn 1941 waard it sudertrimdiel fan Ljouwerteradiel tafoege oan Ljouwert.

1984 [bewurkje seksje]

Yn Fryslân hat yn 1984 in grutte gemeentlik weryndieling west:

2011 [bewurkje seksje]

Boalsert, Nijefurd, Snits, Wûnseradiel en Wymbritseradiel > Súdwest Fryslân.

Takomst [bewurkje seksje]

Sûnt de ein fan de 20e ieu wurdt der sjoen nei it wer gearfoegjen fan de Stellingwerven. Ek oare gemeenten wurkje oan, as net gearfoeging, dan dochs gearwurking.