Skoatterlân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De gemeente Skoatterlân yn 1933

Skoatterlân (Schoterland) wie in eardere gritenij en gemeente yn it súd-easten fan Fryslân by de Tsjonger lâns, mei in gebiet fan 152,50 km² en ûnderdiel fan de Sânwâlden. Eartiids hiet it Skoatterwerf. De warkeamer (of de werf) foar it rjocht wie yn "De Drie Pilaren” yn Aldskoat en fan 1828 wie Oenemastate it gritenij- / gemeentehûs. Yn elk gefal wie fan 1550 oant 1581 Skoatterlân opdielt yn tertieren (ek tuych); in eastertertier, in middeltertier en in westertertier.

By de gemeentlike weryndieling fan 1934 is it grutste part fan Skoatterlân in part wurden fan de nije gemeente it Hearrenfean. Reden hjirta wie dat it Hearrenfean op de grins fan Aenjewier en Skoatterlân lei. In part yn it súdwesten mei Dolsterhuzen,Reahel, Rotsterhaule, Rottum, Sint Jansgea en Rotstergaast waard tafoege oan Haskerlân. Skoatter Uterdiken en Skoattersyl waard tafoege oan Lemsterlân.

Plakken[bewurkje seksje | edit source]

It haadplak wie Aldskoat, en de oare doarpen yn de gemeente wienen:

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]