Rien
Ut Wikipedy
|
|||||
| Gemeente | Littenseradiel | ||||
| Ynwennertal (2004) | 140 | ||||
| Webstee | Kuiertochten by Rien | ||||
Rien is in doarp yn it suden fan de gemeente Littenseradiel. It doarp hat likernôch 140 ynwenners (2004). Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Rien diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel dat doe mei de gemeente Baarderadiel opgie yn de nije gemeente Littenseradiel.
Rien wie earst in buorskip under Lytsewierrum mar is sûnt 1 maaie 1955 in selstannich doarp. In tsjerke en skoalle hat Rien ek nea hân, derfoar moasten de minsken yn Lytsewierrum wêze.
Rien hat in beskerme doarpsgesicht en is bekend troch syn hynstemerk. De Hurddraversdyk kaam sa oan syn namme.
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
- 2009 - 130
- 1974 - 134
- 1969 - 154
- 1964 - 158
- 1959 - 177
- 1913 - 262
[bewurkje seksje] Strjitten
Buorren, De Opslach, Draversdyk, Molmawei.