Nijhuzum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
lizzing fan Nijhuzum
de himrik fan Nijhuzum

Nijhuzum is een doarpke yn de gemeente Súdwest Fryslân. Oant 2011 lei Nijhuzum yn de eardere gemeente Nijefurd. It hat likernôch 40 ynwenners en it bestiet benammen út buorkerijen.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Lizzing

It doarpke leit eastlik fan Warkum, yn de Munnekebuorster Polder. Oan de westkant en noardkant wurdt it begrinzige troch it spoar fan Ljouwert nei Starum, oan de eastkant troch de Flakke Brekken en de Grûns en oan de súdkant troch it Langfliet.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 wie Nijhuzum part fan de gemeente Wymbritseradiel.

Ten noarden fan Nijhuzum stiet it ryksmonumint de Monnikebuorrenmole, in spinnekopmole dy't yn 2008 hielendal restaurearre waard.

[bewurkje seksje] Ferbinings

Komboerd Nijhuzum

Nijhuzum hat fia de Nijhuzumer Dyk ferbining nei Warnfliet, en dan fia de Nijhuzumer Brêge oer de Warkumer Trekfeart mei de Trekwei, nei Warkum. It oerset Droech oer de feart, oer De Grûns, jout ferbining mei de Lytse Gaastmar, en it fytspaad it Brekkenpaad rint om de noardkant fan de Flakke Brekken en Aldegeaster Brekken hinne nei Aldegea (Wymbritseradiel). By Warnfliet hat fan 1895 oant 1934 oan it spoar ek de halte Nijhuzum west.

Troch it doarp rint sa'n bytsje east-west de Nijhuzumer Feart, dy't it doarp ferbynt mei de Grûns en de Warkumer Trekfeart. Fan de oarspronklike noard-súd-ferbining dêr't it doarp oan ûntstien liket te wêzen is net folle mear oer.

[bewurkje seksje] Tsjerke

Nijhuzum, 1912

De Nijhuzumer tsjerke komt út de 17e ieu. Der wurde noch tsjinsten yn hâlden. Simmerdeis wurdt der yn it doarp noch in Hagepreek holden yn in stik lân (de Riphoane) oan de Aldegeaster Brekken.

[bewurkje seksje] Mienskip

Yn 2006 is der yn gearwurking mei Pleatslik Belang in Doarpsfyzje opsteld.

[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje] Strjitten

Nûmer.

[bewurkje seksje] Boek oer Nijhuzum

  • Doarpsbelang Nijhuzum - Doarpsgesichten fan Nijhuzum, 2000.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen