Allingawier
|
|||||
| Gemeente | Súdwest Fryslân | ||||
| Ynwennertal (2004) | 81 | ||||
| Webstee | http://www.allingawier.com | ||||
Allingawier is in lyts terpdoarpke yn de gemeente Súdwest Fryslân op e râne fan de Makkumer Mar Polder. Oant 2011 lei Allingawier yn de eardere gemeente Wûnseradiel. Der rint in egale bakstiennen strjitte troch it doarp. Nei it westen komme jo yn Skuzum en nei it easten geane jo nei Eksmoarre oer de Van Panhuyskanaal brêge. Der wenje 80 minsken (2006), 13 yn de buorren en 67 yn it bûtengebiet. Yn de buert lizze de buorskippen Fjouwerhuzen en Jackle-set.
Ynhâld |
Skiednis [bewurkje seksje]
Allingawier (earder: Allingwere) lei al yn de Midsieuwen op in terp tusken de Warkumermar en de Makkumermar. Dizze marren wienen mei in sleat ferbûn.
Om 1450 moat Fetkeaper Jackle Feddes hjir op in soarte bolwurk wenne ha.
Yn de 18e ieu stie oant 1796 in skoalle yn Allingawier, dêrnei hie it doarp in mienskiplike skoalle mei Eksmoarre. De droechlizzing fan de Warkumer en Makkumer Mar yn 1879 betsjutte de ein fan de fiskerij.
Doarpswapen en flagge [bewurkje seksje]
Doe't de Befrijing yn 1955 betocht waard, krigen alle 27 doarpen fan Wûnseradiel in eigen flagge. De flagge fan Allingawier bestiet út in blau fjild mei yn de midden in smelle wite bân. De bân jout de dieling fan de âlde gritenij oan yn Wûnseradiel-binnendyks en Wûnseradiel- bûtendyks. De kleuren fan flaggen binne faaks ûntliend oan de wapens fan edele slachten.
Yn it wapen falt de kowekop op. Yn sulver stiet der in swarte oansjende koweholle op mei in wyt plak op de foarholle en in reade tonge, en ek trije pompeblêden. It is in ferwizing nei de "Izeren Ko" dy't nei de oergong nei de Reformaasje noch yn de pastorije wie en ûnder oare by begraffenissen in rituele betsjutting hie. De ko ferwiist ek nei de feehâlderij yn dit gebiet. De pompeblêden ha te krijen mei de eardere marren om Allingawier.
Gebouwen [bewurkje seksje]
- De âlde Herfoarme tsjerke mei in stompe toer (1635) en in tsjerkhôf. Yn 1783 waard de tsjerke ferlytse. De klok (1599) is yn de oarloch meinommen troch de Dútsers mar is yn 1945 werom komd.
- Griffermearde Tsjerkje op 'e westerske râne fan it doarp
- Allingastate leit krekt bûten Allingawier. It is boud troch Yde Schakel, de grûnlizzer fan de museumrûte Aldfaers Erf. Allingawier is in wichtige skeakel yn de Aldfaers Erf rûte. Der binne prachtige gebouwen oerbleaun út de 18e ieu, no wer moai yn styl opboud. Ald ark en masines steane dêr binnen en bûten te pronk yn âlde pracht.
- Ek is der De Izeren Ko te sjen, in pealtsjasker út 1970.
- Ten suden fan Goattum yn Boarnsterhim komt de hûsname Allingawier foar, dy't ek op de kaart fan Eekhoff út de 19e ieu neamd wurdt.
Befolking [bewurkje seksje]
Strjitten [bewurkje seksje]
Bonjeterperwei, Fjouwerhuzen, Kanaalwei, Marwei, Tsjerkebuert.