Bonjeterp

Ut Wikipedy

Bonjeterp is in buorskip eastsúdeast fan Allingawier yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Hy hearde earst ta de himrik fan Tsjerkwert.

Bonjeterp leit wat minder as in kilometer eastlik fan Fjouwerhuzen. Hy lei oan de eardere Piersmar, yn it noardwesten fan de Rytseterpster Polder.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De buorskip waard yn 1543 earst Bonterp neamd. Bonjeterp ferwiist op de kaart fan Eekhof út 1854 nei trije pleatsen. Dy pleatsen wurde ek al oanjûn op de kaart fan Schotanus, mar it plak wurdt dêr net neamd. Bon soe komme kinne fan Bonne dat wer fan de famyljenamme Bonninga komt. Bonne betsjut soksawat as gebieder of hy dy’t deadet. De Bonjeterperwei yn Tsjerkwert hjit nei de buorskip.