Koudum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Koudum
Flagge fan Koudum Wapen fan Koudum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Koudum
Gemeente Súdwest Fryslân
Ynwennertal (2004) 2600
Webstee Webstek oer Koudum
de himrik fan Koudum

Koudum is in doarp yn de gemeente Súdwest Fryslân mei likernôch 2.600 ynwenners (2004). Oant 2011 lei Koudum yn de eardere gemeente Nijefurd. It plak leit tusken De Fluezen en de Moarre by de Iselmar en de bosken fan Gaasterlân. Der is in soad rikkeraasje op en om it wetter. Koudum hat in sintrale funksje foar de regio op it mêd fan ûnderwiis, tsjinstferliening, winkels, sport en rekreaasje.

It doarp wurdt foar it earst neamd yn 903 mei de namme Colwidum. Dit is yn in list fan besittings fan it kleaster Werden yn Dútslân. De namme 'Koudum' is nei alle gedachten ôflaat fan 'kol' en 'widum', wat 'heechste punt fan de bosk' betsjut. Koudum leit op in stowâl út de iistiid en leit mids wetter. Om it doarp leinen eartiids in soad markes,dy't yn de 19e ieu ynpoldere binne.

Langer as 500 jier wie Koudum it haadplak fan de gritenij Hemelumer Oldeferd en Noordwolde. Dit lêste diel fan de namme is yn 1952 loslitten. By de gemeentlike weryndieling fan 1984 is de gemeente, meast koartwei H.O. neamd, opgien yn de nije gemeente Nijefurd.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Middels fan bestean

Lân- en túnbou hawwe altiten tige wichtich west. Yn de 17e en 18e ieu wie in grut diel fan de befolking belutsen by de ynternasjonale keapfardij. It is noch te sjen oan it rike ynterieur fan de Martinitsjerke dy 't op it heechste punt fan it doarp stiet. Oan de lije súd- en eastkant fan Koudum is sângrûn, dêr't him yn de rin fan de ieuwen in humuslaach op foarme hat. Troch de lizzing yn de lijte en dit "swarte sân" is dit stik gaadlik foar túnbou dy't sûnt de twadde helte fan de 19e ieu ta ûntwikkeling kaam. Yn de heechtijdagen hie Koudum in eigen feilinggebou en waarden de griene beantsjes, blomkoal en oare grienten oant fier yn Nederlân ferkocht. De ynwenners krigen hjirtroch de bynamme 'Koudumer beantsjes'.

Nei 1960 hat Philips hjir in festiging hân dy't letter nei Snits gien is en in Sosjaal Wurkplak.

Tichtby de Galamadammen leit rekreaasjesintrum De Kuilart mei in jachthaven, in camping en in swimbad.

[bewurkje seksje] Wapen en flagge

wapen

It wapen fan Koudum is read mei twa gouden dwersbalken; in blau kanton (fjouwerkant), beladen mei in gouden seispuntige stjer. It wapen wie al langer bekend mar pas yn 1993 offisjeel registrearre. It wapen waard doe sprekkende makke yn oerlis tusken de Fryske Rie foar Heraldyk en de Ferienings Doarpsbelangen en kamen it blauwe kanton en de stjer yn it wapen en de flagge. De seispuntige stjer wurdt yn de heraldyk brûkt om in bestjoersfunksje oan te jaan omt Koudum lange tiid it bestjoerssintrum fan Himmelumer Aldefurd wie.

flagge

In broeking fan blau, mei in lingte fan 3/5 fan de flaggehichte en in flecht yn fiif likehege banen read-giel-ensfh. De ûnderste giele baan rint oant de broeking troch oan de broekside; yn de broektop in giele seispuntige stjer fan 1/2 flaggehichte. De flagge is basearre op it doarpswapen, de blauwe broeking ferbyldet de Fluezen; de ûnderste trochrinnende giele baan stiet foar de Galamadammen rinnende troch de Fluezen. De stjer hat deselde betsjutting as yn it wapen.

[bewurkje seksje] It besjen wurdich

[bewurkje seksje] Mienskip

It multyfunksjonele sintrum fan Koudum hjit De Klink. Foar de bern is der soas De Dobbe. DBK is de feriening foar Befoardering Belangen fan Koudum. Wa't lid is krijt fergees it krantsje "Bulte Nijs". Yn MFA De Swel sitte Doarpsbelangen, it jeugdhonk, de fêstiging fan 'Bogerman', it keunstensintrum en de radiostudio's yn ien gebou. Op dit stee wie earder in sânôfgraving mei in koloanje swellenêsten. De Sândobbe is de sporthal fan it doarp, oan de Boppewei is keatsfjild It Smûkelân. De Welle de It Grovestinshôf binne de basisskoallen en Nij Begjin it pjutteboartersplak. De Súdwester is de feriening foar kultuer en Ferdivedaasje. De Koudumer Stifting Trochgeanset him yn foar de belangen fan ynwenners fan Koudum en de fierdere Súdwesthoeke. Jierliks wurdt de priis Beantsje fan it Jier útrikt oan minsken dy't har tige foar Koudum ynsetten hawwe. Yn 2006 wûn Koudum de Jeropeeske doarpsfernijingspriis.

[bewurkje seksje] Ferienings

[bewurkje seksje] Berne yn Koudum

  • Piebe Bakker (2 juny 1929), dirigint († 2002) fan Nij Libben
  • Jacob Binckes, (1637 - 1677), floathaad yn de tiid fan Tromp en De Ruyter.

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • Yn it wapen en de flagge fan Koudum stiet in stjer as ferwizing nei de eardere bestjoersfunksje. De blauwe kleur ferwiist nei De Fluezen en de giele baan nei de Galamadammen.
  • Foar de simmer, op Himelfeartsdei, is der faak it Dobbefestival.
  • De Koudumer Beantsjes steane sintraal op Beantsjedei. Der is in wedstryd beantsjetriedzen, in beantsjemiel, in beantsjerees en de oanwizing fan 'Beantsje fan it Jier'.
  • Yn 2006 waard Koudum winner fan de Europeeske doarpsfernijingspriis út 31 nominearre doarpen út 11 Europeeske lannen.

[bewurkje seksje] Strjitten

Alle strjitten yn Koudum.

[bewurkje seksje] Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
>

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen