Reahûs
|
|||||
![]() |
|||||
| Gemeente | Littenseradiel | ||||
| Ynwennertal (2004) | 180 | ||||
| Webstee | Webstee Reahûs | ||||
Reahûs is in doarp yn it suden fan de gemeente Littenseradiel. It leit oan de Frjentsjerter Feart tusken Skearnegoutum en Easterein en it doarp hat likernôch 180 ynwenners (2004).
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Reahûs diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel , dat doe mei de gemeente Baarderadiel opgie yn de nije gemeente Littenseradiel.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Easterein, Itens, Hidaard en Lytsewierrum leinen oarspronklik op in eilân. Oertallich wetter fan it eilân waard û.o. lost by Sânleanstersyl; Yn de 12e ieu slike de Middelsee stadichoan ticht. It doarp is ûntstien oan de Slachtedyk de âlde seewarring fan it Middelseegebiet.
Yn 1580 mocht pastoar Dominicus net langer foargean yn de tsjerke fan Easterein, hy krige in lyts pesjoentsje en gie nei de Pôle by Sânlean dêr't in pear pleatsen stienen dêr't hy temûk trochgie mei preekjen. Lang net eltsenien woe protestant wurde en de tsjerke dûkte ûnder. Op de pleats Slippens (de earste skûltsjerke) en letter yn it Blauwe Huys fan Bongastate (de twadde skûltsjerke) waarden om 1650 yllegale tsjerketsjinsten hâlden troch minsken dy't trou bleauwen oan it roomske leauwe. Troch it isolemint en omdat it net opfoel waard dit troch de fingers sjoen.
Yn 1709 kaam kapelaan Cramers út it hûs mei it blauwe dak (= Bongastate ) dêr't destiids de katolike Eastereinders gearkamen nei de Alde Pôlle by Sânlean, dêr waard de tredde skûltsjerke boud mei in read dak om dúdlik te meitsjjen dat it dien wie mei de tsjinsten yn it Blauwe hûs. Ignatius Crames of eigentlik Franciscus wurdt dêrom beskôge as de stifter fan Reahûs.
Yn 1762 waard de fjirde skûltsjerke boud troch pastoar fan Rijswijk, Yn de 19e ieu waard op de Alde Pôle in kapel boud. Yn 1883 waard besluten in nije tsjerke te bouwen oan de Slachtedyk, in âlde seewarring fan it Middelseegebiet. Yn de 12e ieu slike dizze Middelsee stadichoan ticht. Reahûs krige in statút fan buorren yn 1956.
[bewurkje seksje] Mienskip
Doarpsbelang hat kontakten mei de gemeente en jout it krantsje Bochtwurk út. De Sint Martinustsjerke is wijd en neamd nei Sint Martinus. Ek is der in doarpshûs. De Wynmûnekommisje, in kommisje Simmerfeesten en in Fûgelwacht. It doarp hat in eigen skoalle, de St Bonifasiusskoalle dêr 't ek bern út omlizzende doarpen hinne gean.
[bewurkje seksje] Ferienings
- toanielferiening
- iisklub
- dartklub
- keatsferiening Reahûs-Turns
- Fûgelwacht
- Jeu de boules
- Covos - follybal
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Ferskaat
- West fan Reahűs by in wiel stiet in healrûne sirkel as neitins oan in dyktrochbrek. Dit keunstwerk 'Oase is makke troch 'Marga Houtman.
[bewurkje seksje] Strjitten
Bongapaed, Pastoar Ten Bokumstrjitte, Sânleansterdyk, Slyp, Slypsterwei.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
