Súdwest-Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân
|
|||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Lokaasje fan de gemeente Súdwest-Fryslân | |||||||
| Provinsje | Fryslân | ||||||
| Boargemaster | Haijo Apotheker | ||||||
| Haadplak | Snits (bestjoerssintrum) | ||||||
| Gebiet - wetter |
813,05 km² - 374,05 km² |
||||||
| Ynwenners | 81.952 | ||||||
| Ferkearsieren | A7,N31 N354, N359 | ||||||
| Netnûmer | 0514, 0515, 0517 | ||||||
| Postkoades | 8529
8550 o/m 8554 8584 8600 o/m 8608 8611 o/m 8618 8620 o/m 8629 8631 o/m 8633 8650 o/m 8658 8700 o/m 8702 8710 o/m 8715 8720 o/m 8724 8741 o/m 8749 8751 o/m 8759 8761 o/m 8766 8770 o/m 8775 8821 o/m 8823 |
||||||
| Offisjele webstee | Webstee Súdwest-Fryslân | ||||||
Súdwest-Fryslân[1] is in gemeente yn de provinsje Fryslân, de gemeente leit yn it súdwesten fan de provinsje. De gemeente bestiet sûnt 1 jannewaris 2011 nei de fúzje fan fiif gemeenten. De gemeente hat 82.284 ynwenners en is mei in oerflak fan 815,97km² de grutste gemeente fan Nederlân,[2] de ferdieling fan lân en wetter is 433,09km² lân en 382,88km² wetter.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Untstean
De gemeente Súdwest-Fryslân is op 1 jannewaris 2011 ûntstien troch it gearfoegjen fan fiif gemeenten yn de súdwesthoeke fan Fryslân. It gie om de gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits, Wûnseradiel en Wymbritseradiel.
Yn oanrin nei de fúzje waard yn april 2009 yn de fiif gemeenten troch de gemeenterieden stimd oer de weryndieling. Yn de gemeente Boalsert waard unanym foar de fúzje keazen, yn Nijefurd, Wûnseradiel en Wymbritseradiel wie allinnich de FNP tsjin.[3] Hjir kaam út dat 95% fan de riedsleden foar wienen. Neffens in ûndersyk yn de Ljouwerter Krante fan 16 jannewaris 2010 is 54% fan de ûnderfrege boargers foar de weryndieling.[4]
[bewurkje seksje] Wenplakken
De gemeente Súdwest-Fryslân bestiet út 69 wenplakken, dêrfan 6 fan de Fryske Alve Stêden en 63 doarpen. De rie hat syn sit yn Drylts. De oare plakken binne:
Abbegea, Aldegea, Allingawier, Arum, Blauhûs, Boalsert, Breesândyk, Burchwert, Dedzjum, Easthim, Eksmoarre, Ferwâlde, Folsgeare, Gaast, De Gaastmar, Gau, Goaiïngea, Greonterp, Hartwert, Heech, Hichtum, Himmelum, Hieslum, De Hommerts, Hylpen, Idzegea, Yndyk, It Heidenskip, Jutryp, Kimswert, Koarnwert, Koarnwertersân, Koudum, Koufurderrige, Loaiïngea, Lollum, Longerhou, Makkum, Molkwar, Nijhuzum, Nijlân, Offenwier, Parregea, Penjum, Piaam, Sânfurd, Skearnegoutum, Skettens, Skraard, Skuzum, Smelbrêge, Snits, Starum, Surch, Tsjalhuzum, Tsjerkwert, Toppenhuzen, Turns, Twellingea, Wâldsein, Warkum, Warns, Westhim, Wolsum, Wûns, Wytmarsum, Ypekolsgea, Ysbrechtum
[bewurkje seksje] Polityk
De gemeenterie fan Súdwest-Fryslân bestiet út 37 sitten. Sitteferdieling gemeenteried:
- CDA 10
- PvdA 7
- FNP 6
- VVD 5
- GrienLinks 2
- KristenUny 2
- Gemeente Belangen 2
- D66 1
- Totaal Lokaal 1
- Feriene Lofts 1
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân bestiet út:[5]
- Boargemaster: H.H. (Haijo) Apotheker
- Wethâlders:
- A. Offinga (CDA)
- G. Akkerman-Wielinga (CDA)
- W. Sinnema (PVDA)
- A. Ekhart (PVDA)
- L.P. Stoel (VVD)
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Keppelings om utens
- Offisjele hiemside fan Súdwest-Fryslân
- Fusie Súdwest Fryslân, oer de fúzje fan de gemeenten
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Gemeenten yn de Provinsje Fryslân | |
|---|---|
| Achtkarspelen | It Amelân | It Bilt | Boarnsterhim | Dantumadiel | Dongeradiel | Eaststellingwerf | Ferwerderadiel | Flylân | Frjentsjerteradiel | Gaasterlân-Sleat | Harns | It Hearrenfean | Kollumerlân en Nijkrúslân | Lemsterlân | Littenseradiel | Ljouwert | Ljouwerteradiel | Menameradiel | Opsterlân | Skarsterlân | Skiermûntseach | Skylge | Smellingerlân | Súdwest-Fryslân | Tytsjerksteradiel | Weststellingwerf |
|
| wizigje | |