Lollum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lollum
Flagge fan Lollum Wapen fan Lollum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Lollum
Gemeente Súdwest Fryslân
Ynwennertal (2006) 400
Webstee http://www.lollum-waaksens.nl
Mûne Marswâl

Lollum is in doarp yn de gemeente Súdwest Fryslân, noardeast fan Wytmarsum. It doarp hat likernôch 400 ynwenners (2006). Oant 2011 lei Lollum yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

Yn de âldste stikken wurdt it doarp ek Lolinghum, Lolingum, Lolleghum, Lollegum, Lollinghum, Lollingum, Lovelinghum en Ruygelollum neamd. Lollum is in ‘bûtendyks’ terpdoarp, it leit nammentlik westlik fan de Slachtedyk. It doarp waard eartiids Ruigelollum neamd, ta ûnderskieding fan Lytselollum, in buorskip ûnder Frjentsjer. Lollum hat in buorren om de âlde, diels ôfgroeven terp hinne. Om de súdkant fan dizze terp hinne rint in smelle feart mei ferbinings nei it westen en benammen nei it easten ta. Yn it suden en yn it noarden binne belangrike buerten oan de útfalsdiken ûntwikkele wurden. Oan de súdkant is dat foar it grutste part wenningbou út de perioaden nei de oarloch.

Ungefear in kilometer noardwest fan it doarp stiet de poldermole Marswâl.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Mienskip

It doarp docht in soad yn de mande mei Waaksens. It doarpshûs hjit Nije Haven. Basisskoalle De Gielguorde stiet oan de Waaksenserwei.

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Strjitten

Ald Haven, Barsumerpaad, Bayumerleane, Berghuzerwei, Buorren, Elshoutbuert, Hizzaarderleane, It Fabryk, Noarderein, Skoallebuert, Tsjerkestrjitte, Sytze van Abbemastrjitte, Waaksenserwei.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen