Wolsum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
de himrik fan Wolsum

Wolsum is in terpdoarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, besuden Boalsert. Oant 2011 lei Wolsum yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. It doarp hat likernôch 145 ynwenners (2006). Under Wolsum falle de buorskippen Wolsumerketting, Ytsum, Fiifhûs, Jouswert en Remswert. Troch Wolsum rint de wei Remswert - Blauhûs dy't yn 1989 opknapt is. Sûnt dt tiid is der ek in knap fytspaad nei Boalsert

Ynhâld

[bewurkje seksje] Untstean

It doarp is yn de Midsieuwen ûntstien yn de noardwesthoeke fan de gritenij súdeastlik fan Boalsert. It doarp wie mei twa opfearten ûntsletten nei de Wimerts. Op de betiidste ôfbylding fan it doarp op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet om de tsjerke hinne in kompakte doarpsbebouwing fan huzen en hjir en dêr yn steane yn de omjouwing pleatsen dy’t soms ta in boerebuorskip konsintrearre binne.

De 'Tegenwoordige Staat van Friesland' skreau yn 1788: ’Wolsum, niet verre van Bolswerd, en naby de vaart, die van de Nieuwe Zyl derwaards loopt, zo dat men hier te scheep vry gemaakelijk af en aan kan komen. Onder dit Dorp {…} behooren de buertjes Laard, Jouwsard, Remsard, Vyfhuis en Ytzum.’
De buerten besteane noch altyd en by de brêge oer de feart is boppedat de buert Wolsumerketting ûntstien. Op de kaart yn de Eekhoffatlas út 1851 steane trije huzen, wêr’t de kaart fan 1716 allinne noch it Wolsumer Kettinghûs fermelde. Yn Fiifhûs steane yn 1851 al trije huzen mear as de namme oanjout. De oare buerten besteane út buorkerijen. Yn it midden fan de 19e ieu steane yn de buorren fan it doarp alve huzen en efter de tsjerke is de kompakte tsjerkebuorren noch te besjen.

[bewurkje seksje] Tsjerke

Wolsum doetiids

De tsjerke is om 1870 hinne boud om in midsieuske foargonger te ferfangen dy’t oan Sint Martinus wijd wie. It is in sealtsjerke mei in trijesidige sluting yn in typyske mingde styl. It muorrewurk wurdt yndield troch lisenen en der steane grutte rûnbôgefinsters yn. De hoeken fan de gevel en dy fan de foar in grut part ynboude toer ha dekorative pinakelbekroaningen. De gevel wurdt ôfdekt troch in rûnbôgefries. Yn de tsjerke stiet in 17e ieuske preekstoel. De oant gevelhichte oplutsen, nochal skerpe toer hat in houten boppebou mei oan elke kant dûbele galmgatten. Yn de toer hinget in liedklok út de 15e ieu.

[bewurkje seksje] Mienskip

Doarspshûs it Wilsumhûs is yn 1986 troch de bewenners opknapt. De bern geane nei de skoallen yn de omkriten fan it doarp.

[bewurkje seksje] Befolking

In ferneamde Wolsumer is Wout Zijlstra

[bewurkje seksje] Strjitten

  • De Pôle -
  • Fiifhûs - buorskip Fiifhûs
  • Jouswerterdyk - dyk nei Jouswert
  • Laard en Saard - buorskippen Laard en Saard
  • Nijewei -
  • Remswerterleane -
  • Skoallepaad -
  • Wolsumer Ketting - buorskip Wolsumerketting
  • Wolsumerwei -

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oer Wolsum
  • Gerben Obes Posthumus - Eat oer de skiednis fan de pleatsen fan Wolsum (1982)

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen