Piaam

Ut Wikipedy
Piaam
Nynkepleats
Nynkepleats
Emblemen
               
Polityk
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 55 (1 jannewaris 2022)[1]
Oerflak 255 km², wêrfan:
- lân: 2,52 km²
- wetter: 0,03 km²
Befolkingsticht. 22 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 2' NB, 5° 24' EL
Himrik fan Piaam
Himrik fan Piaam
Kaart
Piaam (Fryslân)
Piaam

Piaam is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súd fan Makkum. It doarpssicht fan Piaam is beskerme.

It doarp hat 55 (1 jannewaris 2022)[2] ynwenners.

Skiednis en beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare nammen foar Piaam wiene eartiids Pyangum (13e iuw), Pyanghem (1379), Pyangum (1482), Piaem (1504) en Peanghum (1505). Neffens guon ûnstie de namme út Padingahem, dat wenning fan it skaai fan Pada betsjutte soe. Mar dat wol de measten net oan, om't yn it Aldfrysk útfal fan 'e ynterfokale 'd' net bestie. Dêrom wurdt fan de persoansnamme Pya útgien.

Piaam, Nikolaastsjerke

It bakstiennen tsjerkje fan Piaam waard al yn 'e 13e iuw boud. In pastorije hat Piaam net hân, om’t de tsjerklike gemeente in kombinaasje foarme mei Skuzum en de pastorije yn dat doarp stie. It lytse Piaam hat noch in twadde tjerke hân. Sûnt 1889 stie der in grifformearde tsjerke. Dy tsjerke waard yn 1969 sletten en letter as fûgelmuseum brûkt.[3]

Eartiids wie de lânbou yn 'e krite tige wichtich. Dêr is net folle mear fan oerbleaun; it is hjoed-de-dei allegear feehâlderij yn de omjouwing. In pear flinke stjelpen en wat huzen markearje de yntree fan it lytse doarp en twa monumintale kop-romppleatsen slute it doarp oan de eastkant wer ôf.

De himrik leit mei de Polder Koaihuzen, neamd nei in buert fan buorkerijen en twa einekoaien, oant de yn 1876-1879 drûchmealde Feitemar en Parregeaster Mar yn it easten. De yn 'e âlde einekoaien fongen wetterfûgels waarden nei Hollân ferhannele; no wurdt ien fan 'e koaien brûkt foar it ringjen fan wetterfûgels.

Yn 1998 waard by graafwurk op in hiem yn Piaam 36 goudgûnen út de 15e iuw fûn.[4]

Piaam wie by toeristen bekend fanwegen 't Fûgelhûs en de Nynkepleats. It doarp wie ien fan 'e trije doarpen oan 'e kultuerhistoaryske Aldfaers Erf-rûte. Yn 2020 waard it museum sletten.[5] By de seedyk stiet fûgelhutte De Ral yn 'e Koaiwaard.[6]

Oant 2011 lei Piaam yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Buorren 22

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Piaam.

De tsjerke fan Piaam is in oanspronklik oan Nikolaas fan Myra wijd tsjerkegebou. It protestantske tsjerkegebou is in ryksmonumint.

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2015 2020
Ynwenners 100 99 105 89 72 84 50 50 45

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Buorren, Koaireed.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân
Flagge fan de gemeente Súdwest-Fryslân
Stêden: BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum

Doarpen en útbuorrens: AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns

Buorskippen: AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren