Wommels

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
de himrik fan Wommels

Wommels is it haadplak fan de gemeente Littenseradiel. It is in terpdoarp mei likernôch 2.156 ynwenners. Under Wommels falt ek it buorskip Littenserbuorren.

Wommels leit oan de N359, tusken Boalsert en Winsum. It leit likernôch in kilometer noardeast fan de Slachte. It doarp leit oan de Boalserter Feart, dy't it ferbinings jout mei Boalsert en mei de Frjentsjerter Feart. De Wommelser Opfeart, dy't de ferbining wie mei de Easterein en fierder, is net mear farber.

Yn de omkriten fan Wommels lizze de buorskippen ticht opelkoar. Under oaren de buorskippen Braard, Britsaard, Fyns, Sippens, Swyns, Tellens, Tywert en Westerlittens wurde ek ta de himrik fan Wommels rekkene.

Fan 1812-1816 wie Wommels in selsstannige gemeente, dy't op 1 oktober 1816 by Hinnaarderadiel kaam. Oant 1 jannewaris 1984 foarme Wommels it sintrum fan de gemeente Hennaarderadiel, dy't op dy datum mei de gemeente Baarderadiel de nije gemeente Littenseradiel foarme.

Wommels leit yn it sintrum fan it gebiet tusken Harns, Ljouwert, Snits en Makkum, en hat dêrtroch ieuwenlang in plak fan suvelhannel west. Hjirfan binne hjoed de dei noch tsiispakhûzen oer. Yn in âld tsiispakhûs oan it Ald Hiem sit no it museum "De striid tsjin it wetter".

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Yn de noch geve terp fan Wommels is Romeinsk stienguod fûn, en yn de terpsoal fan Stapert, no ek part fan Wommels, is bonkemateriaal fûn út de iere Izertiid, wat de âldste spoaren fan bewenning binne dy't op de Fryske klaai fûn binne.

Yn de buorren stiet de Jacobitsjerke fan begjin 16e ieu. Binnendoar hingje rouboerden fan de famyljes Sminia en Jongema.

[bewurkje seksje] Keatsen

Ien wike nei de PC wurdt sûnt 1903 op de terp fan Wommels de Freulepartij spile foar jonges fan 14-16 jier. In boarstbyld fan frelle Clara de Vos van Steenwijk, dy't jierren oanien de gouden horloazjes foar de keatswinner beskiber stelde stiet ek p de terp. Tsjintwurdich wurdt der efter it gemeentehûs keatst.

[bewurkje seksje] Mienskip

Wommels hat in feriening foar Doarpsbelang dy't yn doarpshûs It Dielshûs hat gearkomsten hat. Diggelfjoer is de doarpskrante. De Stifting Terplûden organisearret kulturele aktiviteiten yn de feest- en muzyktinte. Der bestiet ek in kommisje foar doarpsfeesten.

Der is ien skoalle foar fuorset ûnderwiis, in lokaasje fan CSG Bogerman en twa foar basisûnderwiis: It Fûnemint en De Opslach. Fierders is der in bibleteek. Oan de râne fan Wommels leit fersoargingshûs Nij Stapert. Wenfoarm Tywerthiem is foar begelaat wenjen. De Klomp is it iepenloftswimbad.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • Wommels/Nocht en Wille en Hinnaard - keatsen
  • toanielselskip
  • badmintonferiening
  • Boskrâne - tennis

[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje] Berne yn Wommels

[bewurkje seksje] Strjitten

Alle strjitten yn Wommels.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

53° 7' NB, 5° 35' EL

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings