Fryslân

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje

Dizze side giet oer (Westerlauwersk) Fryslân, bestjoerlik in provinsje fan Nederlân. Sjoch Fryslân (betsjuttings) foar oare betsjuttings fan Fryslân.

Provinsje Fryslân
Provinsjeflagge Provinsjewapen
Flagge fan Fryslân Wapen fan Fryslân
Lokaasje fan de provinsje Fryslân
Haadstêd Ljouwert
Kommissaris fan
de Keninginne
John Jorritsma
Religy (1999) Protestant 39%
Katolyk 8%
Oerflak
- Lân
- Wetter
3e
3.349 km²
2.849 km²
Ynwenners
- Totaal
- Befolkingstichtens
8e
642.998 ((2005))
192 inw./km²
Geografyske lizzing 53°20' NB 5°78' OL
Folksliet De âlde Friezen
Offisjele webside www.fryslan.nl
Skiednis fan Fryslân

Frisii
Grutte Folkeferfarren


Fryslân yn de midsieuwen
Fryske Ryk (6e ieu-734)
Fryske Frijheid (11e ieu-1498)
Upstalbeam (1156-1327)


Dieling nei de midsieuwen
Hearlikheid Fryslân (1524-1795)
Grinzer Ommelannen
East-Frysk Greefskip en Prinsdom (1464-1744)


Hjoed
Westerlauwersk-Fryslân
Grinslân (gjin lid fan 'e Fryske rie)
East-Fryslân
Noard-Fryslân

(Westerlauwersk) Fryslân is in provinsje fan Nederlân. De provinsje hat 642.977 ynwenners (1 jannewaris 2005) en in oerflak fan 6198,64 km2, wêrfan 2849,38 km2 wetter is. Fryslân hat om-ende-by 350 km kust, wêrfan fjouwer waadeilannen goed de helte foarmje. De provinsje hat âlve stêden en ien-en-tritich gemeenten. De provinsje is in part fan it Fryske wengebiet.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Geografy

It fêste lân fan Fryslân wurdt yn it easten en it suden troch lân omsletten. Yn it easten troch Grinslân, Drinte yn it Súdeasten en Oerisel en de Noardeastpolder yn it suden. Yn it súdwesten, it westen en it noarden leit wetter. It Iselmar súdwestlik en oan de west- en noardkante leit de Waadsee. Oer de Ofslútdyk is Fryslân fuortendalik ferbûn mei Noard-Hollân.

Ek meitsje fjouwer Waadeilannen diel út fan de provinsje. Fan west nei east binne dit Flylân, Skylge, it Amelân en Skiermûntseach. Mei dizze eilannen derby wurdt Fryslân yn it westen en noarden omsletten troch de Noardsee. Nei de Waadeilannen farre fearboaten. Fan Harns út farre de boaten nei Flylân en Skylge, fan Holwert farre der boaten nei it Amelân en fan Lauwerseach nei Skiermûntseach.

De fêste wâl fan Fryslân wurdt rûchwei yndield yn fjouwer ferskate dielen. Yn it súdeasten lizze de Stellingwerven, yn it easten fan de provinsje lizze de Fryske Wâlden, yn it noarden en it westen leit de Klaaistreek en it súdwesten wurdt de Súdwesthoeke neamd.

Fryslân hat in ferskaat oan natuergesichten. De Fryske marren yn, benammen, de Súdwesthoeke bin ferneamd. Mar yn de Stellingwerven by Appelskea binne grutte heidefjilden en stoowdunen te sjen, benammen yn it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. Yn it westen binne grutte bosken te fine, bygelyks yn de omkriten fan it Oranjewâld.

[bewurkje seksje] Taal

Fryslân hat twa offisjele fiertalen, it Frysk en it Nederlânsk. Fierders wurdt op it Amelân Amelânsk praat, op it Bilt Biltsk (Bildts), yn de Stellingwerven Stellingwerfsk en yn eastlik Kollumerlân Pompstersk. Yn histoaryske hannelsgebieten wurdt noch Stedsk praat, fan oarsprong in 16e-ieusk Hollânsk dialekt mei grutte Fryske ynfloeden.

[bewurkje seksje] Skiednis

De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Fryslân.

De provinsje Fryslân is ûntstien út trije fan de Sân seelannen. Op 'e ein fan de partijtiid kaam it gebiet ûnder Saksysk gesach, mar de Saksen ferkoften it gebiet oan de Boergondjers. By de Uny fan Utert waard it ien fan de Sân Feriene Nederlannen (de 'Republyk'). Yn de Frânske tiid waard it in part fan de ienheidssteat it Keninkryk Hollân makke. Nei de Frânske tiid gong it op yn it Keninkryk fan 'e Nederlannen, ek wer in ienheidssteat dêr't Fryslân amper mear selsstannichheid hie.

[bewurkje seksje] Omskriuwing

De provinsje Fryslân is foar in grut part agrarysk. Ek it wettersporttoerisme nimt in wichtich plak yn. Behalven om 'e Fryske kij en it skûtsjesilen is de provinsje ferneamd om syn taal, syn reedriders, it keatsen en it karakter fan syn ynwenners.

[bewurkje seksje] Bestjoer

Sjoch ek: Provinsjale Steaten fan Fryslân

De provinsje Fryslân wurdt bestjoerd fan it Provinsjehûs yn Ljouwert út troch de Provinsjale Steaten fan Fryslân en telt op it stuit 43 leden. It kolleezje fan Deputearre Steaten is op it stuit seis man machtig, foarsitter hjirfan is de Kommissaris fan de Keninginne, John Jorritsma

Yn it kolleezje fan Deputearre Steaten sitte:

[bewurkje seksje] Talen

Yn Fryslân wurdt it Westerlauwersk Frysk en Nederlânsk sprutsen. It Frysk hat de stân fan minderhiedstaal en is nei it Jeropeeske Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden in offisjele lânstaal. Sadwaande wurdt it brûkt troch de oerheid, de rjochtspraak en yn it ûnderwiis. Ek bin der in protte media dy't yn it Frysk ferslach doche.

It Frysk yn Fryslân hat ik in skala oan dialekten:

[bewurkje seksje] Plaknammen

Yn Nederlân ha plakken ien offisjele namme, de namme dy't bygelyks yn notariële aktes brûkt wurde. Yn Fryslân wurdt yn de measte gefallen de Nederlânske ferzje brûkt, mar hieltiten mear gemeentes skeakelje oer nei de Fryske plaknammen. Sa binne der op it stuit 5 gemeentes dy't offisjeel de Fryske plaknammen brûke. Tytsjerksteradiel en Boarnsterhim wienen op 1 jannewaris 1989 de earsten. Letter gongen ek Ferwerderadiel en Littenseradiel oer op de Fryske plaknammen. Op 1 jannewaris 2009 komme der ek noch Dantumadiel en Wymbritseradiel by. En yn Ljouwerteradiel wurde ek de lêste trije Nederlânske plaknammen yn it Frysk feroare.

Yn de measte gemeentes yn Fryslân steane op de plaknammeboerden sawol de Nederlânske as de Fryske plaknamme.

[bewurkje seksje] It wolkomspakket

Minsken dy't nij yn Fryslân wenje kommen krije sûnt juny 2008 in wolkomstpakket fan de provinsje. Dizze wolkomstpakketen jouwe ynformaasje oer it meartaligens yn Fryslân. Elts jier wurde der likernôch 10.000 fan dizze pakketen útrikt.

Op it stuit bestiet it wolkomstpakket út de neikommende ûnderdielen:

  • Brosjuere oer meartaligens (Taal van het hart)
  • Ynformaasje oer it kursusoanbod yn it Frysk
  • EduFrysk, 2 moanne
  • DVD Mear talen mear takomst
  • Suske en Wiske en de Alvestêdestunt
  • Koartingsbon foar Tryater

[bewurkje seksje] Grutste plakken

Fan âlds binne der alve stêden yn Fryslân. De measte fan dizze stêden lizze yn it westlik part fan Fryslân. By dizze stêden del fynt ek de Alvestêdetocht plak.

Hjirûnder in list fan de tsien grutste plakken yn Fryslân.

Nr. Plaknamme Tal ynwenners
1 Ljouwert 92.347
2 Drachten 44.444
3 Snits 33.000
4 It Hearrenfean 28.470
5 Harns 15.450
6 Frjentsjer 13.210
7 Dokkum 13.150
8 De Jouwer 12.902
9 Wolvegea 12.110
10 De Lemmer 10.220

Boarne: Provinsje Fryslân

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppelings om utens

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings