Gaast

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gaast
Flagge fan Gaast Wapen fan Gaast
Flagge Wapen
Lokaasje fan Gaast
Gemeente Súdwest Fryslân
Ynwennertal (2004) 160
Webstee
Djerrenlomen by Gaast

Gaast is in doarp yn de gemeente Súdwest Fryslân, oan de kust fan de Iselmar tusken Warkum en Makkum, mei 214 ynwenners (1-1-2007). Oant 2011 lei Gaast yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

Gaasten binne hege balstien- en sângrûnen, opstowe troch Skandinavysk lâniis, sa'n 135.000 jier lyn. Om 1270 hinne wurdt skreaun oer Lutkegast, Lytse Gaast dus. Gaast wie eartiids in fiskersdoarp oan de Sudersee. De ynwenners fertsjinnen harren brea mei de walfiskfangst. Yn it wapen fan Gaast stiet dan ek in walfisk ôfbylde. De herfoarme tsjerke út de 14e ieu hat in houten tuorke út 1763 waard yn 1906 ommitsele. De grifformearde tsjerke sit yn de ferboude âlde skoalle fan it doarp.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Walfiskfeart

Gaast is in âld fiskersdoarp. In protte Gaasters wienen eartiids fiskers en fertsjinnen it deistich brea as bemanningslid yn de walfiskfeart. Sa komt ek de walfisk yn it doarpswapen. Lange tiid wie yn in hûs in stien ynmitsele mei it ôfbyld fan in walfisk. Yn 1995 waard der yn it weidek fan de Buorren yn Gaast in walfisk ynfluorre, as oantinken oan de walfiskfeart en as komepensaasje fan it ferdwinen fan de gevelstien út it doarp. No leit de stien yn it Frysk Skipfeartmuseum fan Snits.

Troch de ynset fan Doarpsbelang en yn gearwurking mei it skipfeartmuseum is der in kopy fan de stien makke. Dy leit no yn 'de Fûke' en sil ynmitsele wurde yn 'de Fûke' te Gaast.

Fan 1913 - 1941 hie Gaast in rêdingstation fan de NZHRM, om skippen yn need help te bieden op wat doe noch de Sudersee wie. Yn “de Fûke” en yn “het boek van Gaast” binne foto's hjirfan te sjen.

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Strjitten

  • Angterperleane
  • Boerestreek
  • Buorren
  • De Greide
  • Marwei
  • Sielânsreed
  • Seedyk

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • Yn de winter fan 2009-2010 wiene der by Gaast iisskossen fan wol 6 meter achter de dyk. Dat luts likernôch 25.000 minsken.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
>

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen