Tersoal

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tersoal
Flagge fan Tersoal Wapen fan Tersoal
Flagge Wapen
Lokaasje fan Tersoal
Gemeente Boarnsterhim
Ynwennertal (2004) 300
Webstee Webstee fan Tersoal
de himrik fan Tersoal
Herfoarme tsjerke Tersoal

Tersoal is in doarp yn de gemeente Boarnsterhim, west fan Jirnsum. It doarp hat likernôch 300 ynwenners (2004). Tersoal leit yn de De Legean oan de Snitser Aldfeart tusken Poppenwier en Sibrandabuorren.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Tersoal diel út fan de eardere gemeente Raarderhim, neamd nei ien fan de Fryske Himpolders fan de âlde Middelsee. Foar 1989 wie de offisjele namme Nederlânsk: Terzool.

Al yn 1333 wurdt Zole, letter ek Soel al neamd. Doe waard tagelyk mei de kapel yn Sibrandabuorren in alter oan de Utertse biskop wijd. De delsetting lei frijwat isolearre en wie eins allinnich oer wetter en oer fuotpaden goed te berikken.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Preamkeskowe

Alle jierren wurdt it kampioenskip Preamkeskowe holden. Der moat dan tolve kilometer boomd wurde mei in pream, neffens foarskrift yn tradysjonele boereklean. Der moat ek molkbussen meinommen wurde en eltse pream hat de Preamkeninginne fan it eigen doarp út de Legeaën oan board. De Sulveren Pream is foar de winners.

[bewurkje seksje] Mienskip

Doarpshûs De Tuolle stiet in oan Komelkerspaad. De Tersoalster Courant is de doarpskrante. Fan Feest Wis is de feestkommisje en de Reinbôge de basisskoalle fan Tersoal.

[bewurkje seksje] Ferienings

Sportstifting 'Kubus' is oerkoepeljende organisaasje foar gymnastyk, jazz, badminton, sealfuotbal foar de jongerein en folleybal.

  • Adam en Atze - iisklub
  • Lytse Krêft -sjongen
  • Auke Roukes - sjongen
  • De Twa Doarpen - jeugdtoaniel
  • De Ald Hij - aaisikers
  • Ons Genoegen - biljerten
  • Tot Ons Genoegen / De Rappe strikers (jeugd)- damjen
  • gymnastykferiening
  • Den Bealch - roeisloepen
  • De Lege Geaën - keatsen
  • De Lege Geaën - kuorbal
  • Los fan 'e man
  • Raerderhiniruters

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Strjitten

  • Adam en Atze strjitte -
  • Buorren -
  • Bûtlânswei -
  • Durk Dijkstrastrjitte - Durk Dijkstra wie grienteman yn Tersoal. Hy siet yn it ferset. By him thús wie distriktsoperaasjelieder Herre Winia ûnderdûkt. Pieter Wijbenga (Bezettingstijd in Friesland, diel 3) beskriuwt de arrestaasje fan Dijkstra en Winia.
  • Grienedyk -
  • It Pûnsmiet - in pûnsmiet is in âlde lânmjitte
  • Komelkerspaad - paad dêr't in soad komelkers oan wennen.
  • Suderom -
  • Westerein -
  • Wiersterwei - wei nei Wier.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen