Wâldsein

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wâldsein
Flagge fan Wâldsein Wapen fan Wâldsein
Flagge Wapen
Lokaasje fan Wâldsein
Gemeente Súdwest Fryslân
Ynwennertal (2006) 1308
Webstee http://www.woudsendonline.nl
Fan de brêge ôf sjoen

Wâldsein (Nederlânsk: Woudsend) is in doarp yn de gemeente Súdwest Fryslân, súd fan Snits. Oant 2011 lei Wâldsein yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. It doarp hat likernôch 1.308 ynwenners (2006).

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Wâldsein wurdt foar it earst neamd yn 1337 as it kleaster fan de paters fan de Karmeliten stifte wurdt. Omdat de Ie yn de tiid fan de Middelsee ferbining hie mei Drylts, Snits en Ljouwert ûntstie hannel en skipfeart yn in goa mei in soad boeren. Om de skipfeart te beskermjen waard yn 1523 in blokhûs boud by it kleaster. Letter kamen der wenten oan de Midstrjitte en by de mole. Doe't yn 1710 de Sontfeart begûn waard Wâldsein hieltyd mear in haven. Yn 1762 waard der ek oan de oare kant fan de Ie boud.

[bewurkje seksje] Sport en Rekreaasje

Troch de geunstige lizzing fan Wâldsein tusken de Sleattemer Mar en de Hegemer Mar, net fier fan de Gaasterlânske bosken, lûkt it doarp in soad wettersporters.

Wâldsein leit oan de rûte fan de Alvestêdetocht.

[bewurkje seksje] Mienskip

It doarp hat fjouwer buertferienings: Markant, It Fuottenein, Oer de Brêge en Oer de weisleat. De Bonifatiusskoalle en M. van der Brugskoalle binne de basisskoallen, De Beltsjeblom is it pjutteboartersplak.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • Fertier - toaniel
  • Om'e Nocht / Reinbôge - sjongen
  • De Pôlesjongers - shantykoar
  • De Poedelaar, BBC, Libre 1, Libre 2, Hy rint troch, DDOS, KET, KOT - biljerten
  • WSV - gymnastyk
  • Eensgezindheid - damjen
  • WISKY - follybal
  • Fuotbalferiening Wâldsein

[bewurkje seksje] Befolking

In bekende ynwenner wie arsjitekt Hindrik Hindriks Kramer (1850-1934)

[bewurkje seksje] Ferkear en ferfier

Simmerdeis foarmet de brêge oer de Ie yn de buorren fan Wâldsein in knelpunt foar it wei- as wetterferkear. Troch de bou fan in rûnwei mei it Ie-Akwadukt besuden it doarp kaam yn 2007 in ein oan de oerlest fan it weiferkear.

[bewurkje seksje] It besjen wurdich

[bewurkje seksje] Strjitten

Alle strjitten yn Wâldsein.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen